De Upa (Russysk: Упа́, útspr.: "ûpa") is in rivier yn de oblast Tûla yn Ruslân en ien fan de wichtichste sydrivieren fan de Oka. De lingte is 345 kilometer. Lâns de rivier lizze twa stêden: Sovjetsk en Tûla.

De Upa wurdt benammen fuorre troch teiwetter en befriest fan begjin desimber oant begjin april.

Namme De namme fan de rivier is fan Baltyske oarsprong. It is nei alle gedachten ien fan de âldste Baltyske hydronimen. It Litouske wurd "upa", it Letske wurd "upe" betsjut 'rivier'. E.M. Pospelov, Geograficheskie nazvaniya mira (Moskou: Russkie slovari, 1998), s. 423: "cf. Lithuanian ùpė, upìs, upỹs, Latvian upe 'river, stream.'"

Ofbylden

Kategory:Rivier yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Tûla (oblast)