De Olympyske Simmerspullen 2024 fan de XXXIIIe wurde fan 26 july oant en mei 11 augustus 2024 hâlden yn Parys, de haadstêd fan Frankryk.

Lokaasje It bôgesjitten hat plak fan 25 july oant en mei 4 augustus, by de Hôtel des Invalides yn it 7e arrondissement. In gebou dat tsjinne as ûnderkommen foar âld-soldaten dy't beheind rekke wiene troch harren tsjinst yn it Frânske leger. De earste feteranen kamen yn 1674 yn it gebou. Yn 1677 waard begûn mei de bou fan de tsjerke fan it kompleks, dy't yn 1706 foltôge waard. Yn 1840 waard der in pronkgrêf foar Napoleon yn it tsjerkegebou makke, ek syn soan leit dêr begroeven.

It Hôtel des Invalides wie in soarte fan stêd yn it lyts, mei eigen militêre en godstsjinstige regels. Oan de ein fan de 17e iuw bea it kompleks ûnderdak oan sa 'n 4000 militêren. Se wiene ferdield yn kompanjyen, stiene ûnder lieding fan offisieren en wurken yn 'e skuonmakkerij, it tapytfabryk of de boekferluchting. Hjoed-de-dei is it kompleks in museum.

Medaljespegel De top-10 fan lannen dy't by it bôgesjitten medaljes wûn ha by de Olympyske Simmerspullen 2024. 1 Súd-Koreä 5 1 1 7 2 Frankryk 0 1 1 2 Feriene Steaten 0 1 1 2 4 Sina 0 1 0 1 Dútslân 0 1 0 1 6 Meksiko 0 0 1 1 Turkijke 0 0 1 1

Utslaggen Mingd team # Sjitters Kim Woo-jinLim Si-hyeon Florian UnruhMichelle Kroppen Brady EllisonCasey Kaufhold 2 augustus

Yndividueel Manlju # Sjitter Kim Woo-jin Brady Ellison Lee Woo-seok 4 augustus Froulju # Sjitster Lim Si-hyeon Nam Su-hyeon Lisa Barbelin 3 augustus

Team Manlju # Sjitters Kim Je-deokKim Woo-jinLee Woo-seok Baptiste AddisThomas ChiraultJean-Charles Valladont Mete GazozUlaş TümerAbdullah Yıldırmış 29 july Froulju # Sjitsters Jeon Hun-youngLim Si-hyeonNam Su-hyeon An QixuanLi JiamanYang Xiaolei Ángela RuizAlejandra ValenciaAna Paula Vázquez 28 july

Sjoch ek Bôgesjitten op de Paralympyske Simmerspullen 2024

2024 Bogesjitten