De snilekrûper (Locustella luscinioides) is in sjongfûgel út 'e famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae).
Skaaimerken De fûgel is 13,5 oant 15 lang, en 12–24 g swier en hat in soad fan 'e karrekyt. Beide soarten binne foar it meast brúngriis fan boppe, ljocht fan ûnder en mei in smelle ljochte eachstreek, mar de snilekrûper is wat mear grienich op 'e rêch en hat ljocht readbrune, rânige ûndersturtdekfearren. De fûgel hat in sang as dy fan in reidimerke, dy't ek yn it reid libbet mar dan faker yn kombinaasje mei strewellen. De snilekrûper wurdt faker heart as sjoen, mar hy lit him gauer sjen as it reidimerke.
Iten It iten fan 'e snilekrûper bestiet út ynsekten, larven en spinnen.
Nêst thumb|left|Aaikes Healwei april komt de snilekrûper nei ús lân om te brieden. It lechsel bestiet út fjouwer oant seis wite aaien mei brune flekken.
Fersprieding De snilekrûper hat in grut ferspriedingsgebiet fan West-Jeropa en Noardwest-Afrika oant de Oeral. In apart gebiet leit yn Kazachstan en Turkmeenje oant de Ob, it noardwest fan Mongoalje en it west fan Tian Shan. Tusken in soad dielen fan it ferspriedingsgebiet yn West-, Midden- en Súd-Europa falle grutte gatten, dêr't de fûgel net foarkomt.
It Jeropeeske oantal wurdt op 530.000 oant 800.000 rûsd. De grutste populaasjes mei yn totaal 360.000 oant 480.000 pearkes komme yn Roemeenje foar.
Nederlân leit oan it rânegebiet fan 'e fersprieding. Sûnt 2000 nimt it tal fûgels in Nederlân ta, dat yn (2018-2020) op 2800-3600 pearkes rûsd wurd. Yn Fryslân komt de snilekrûper û.o. foar yn 'e Lauwersmar, it Bûtenfjild, de Alde Feanen, de Marrekrite, de Makkumerwaarden en de Rottige Meente. Yn Nederlân komt de snilekrûper fral yn it noarden, om 'e Iselmar hinne en de De Biisbosk foar. Yn it easten fan Nederlân komt de fûgel spoaradysk of net foar.
Ein july oant en mei septimber begjinne se oan 'e trek nei de súdlike râne fan 'e Sahara en de noardlike râne fan it sletten reinwâld yn Afrika om dêr te oerwinterjen. De West-Jeropeeske fûgels fleane yn súdwestlike rjochting, wylst de Midden- en East-Jeropeeske fûgels yn súdeastlike rjochting fleane. Yn april komme de fûgels werom.
Undersoarten thumb|left|Yllustraasje fan Henrik Grønvold. De snilekrûper hat trije ûndersoarten: L. l. luscinioides: fan Europa oant it Oeralberchtme en de Balkan, noardwestlik Afrika. L. l. sarmatica: eastlik Oekraïne en súdlik Jeropeesk Ruslân. L. l. fusca: fan Turkije en Jordaanje oant Kazachstan.
Status De totale populaasje fan 'e snilekrûper waard yn 2015 op 800.000 oant 1.500.000 eksimplaren rûsd. Mei't de fûgel ek in grut ferspriedingsgebiet hat, is de kâns op útstjerren lyts. De IUCN beöardielet de soarte dêrom as net bedrige.
Yn 'e jierren 1960 en 1970 waard in soad geskikt leefgebiet troch it drûchlizzen fan sompen ferneatige, itjinge late ta in regionaal tebekrinnen fan de snilekrûper. Op guon lokaasjes ferdwûn de fûgel hielendal. Ek yn Nederlân rûn it tal snilekrûpers tusken 1965 en 1985 bot werom. Dêrfandinne waard de fûgel as kwetsber op 'e Nederlânske reade list set. Neffens SOVON nimt it tal pearkes snilekrûpers ek yn Nederlân sûnt 2010 foars ta. Ek yn it noarden en easten fan Midden-Europa, East-Europa en de Baltyske lannen binne de oantallen tanommen.
Fideo fan sjongende snilekrûper
https://stats.sovon.nl/stats/soort/12380
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûksjonger Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara