De Dr. Obe Postmapriis is in yn 1984 troch Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis foar oersetters, neamd nei de Fryske dichter en oersetter Obe Postma.

Omskriuwing De priis wurdt takend oan de bêste oersetting fan de foarôfgeande perioade. Dy perioade is by it ynstellen fêststeld op trije jier, lykas dat doe ek foar de Gysbert Japicxpriis fêststeld waard. De priis is yn 1984 foar it earst útrikt, en bestie doe út in oarkonde en in priis fan 1500 gûne. De priis wurdt tagelyk mei de Fedde Schurerpriis útrikt op it Provinsjehûs.

Wegering Yn 1987 wie de priis takend oan de oersetters fan de stikken fan Tryater. Dy priis is doe net útrikt, om't in part fan de oersetters fûn dat de sjuery ien inkelde oersetting en oersetter útkieze moatten hie.

Priiswinners 1984 - Gerben Brouwer (postúm): foar de oersettings yn syn bondel Ljochte Nachten 1987 - Tryater-oersetters (net útrikt): foar de toanielstikken fan Tryater 1990 - Douwe Tamminga: foar syn oersetting fan 'e fersen fan Gysbert Japiks yn it Nederlânsk 1993 - Klaas Bruinsma: foar syn útjefte Sofoklês: Trije trageedzjes, mei de oersettings fan 'e trageedzjes Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos fan Sofoklês, út it Aldgyksk 1996 - Harke Bremer en Jarich Hoekstra: foar it stripboek It Kwea-each, nei Het Boze Oog fan Marten Toonder, út it Nederlânsk foar it stripboek De Boppebazen, nei De Bovenbazen fan Marten Toonder, út it Nederlânsk 1999 - Jabik Veenbaas: foar syn oersetting fan Fan it Fryske Lân en it Fryske Libben fan Obe Postma út it Nederlânsk (as Van het Friese Land en het Friese Leven) 2002 - Eric Hoekstra: foar syn oersetting Dat Sei Zarathustra, nei Also Sprach Zarathustra fan Friedrich Nietzsche, út it Dútsk 2005 - Klaas Bruinsma: foar syn oersettings út it Midfrysk yn modern Frysk yn it tinkboek fan Gysbert Japix (Gysbert Japix: Een Keuze uit Zijn Werk) foar syn oersetting fan Lânwurk, nei de Georgica fan Fergilius, út it Latyn foar syn oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee fan Homêros, út it Aldgryksk 2008 - Tryntsje van der Zee: foar har ynset foar de Fryske toanielwrâld (de lêste trije jier hie Van der Zee acht toanielstikken oerset yn it Frysk, wêrûnder Puntila fan Bertold Brecht, Hertsear fan Edward Albee en De Opera fan Carlo Goldoni) 2011 - Anne Tjerk Popkema (útrikt yn 2012): De Hobbit, nei The Hobbit fan J.R.R. Tolkien, út it Ingelsk 2016 - Geart Tigchelaar: Erik of it lyts ynsekteboek, nei Erik of het klein insectenboek fan Godfried Bomans, út it Nederlânsk 2020 - Jan Popkema: foar syn oersetting fan Das Parfum fan Patrick Süskind yn it Frysk: It Parfum (2018) 2024 - Willem Schoorstra: foar syn oersetting fan de Edda yn it Frysk

Keppeling om utens De Dr. Obe Postmapriis by Tresoar Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân

Kategory:Fryske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1984