It Heidenskip (offisjeel Frysk) is in doarp en polderkrite yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdeast fan Warkum en noardeast fan Koudum.
It Heidenskip hat ynwenners ().
Lizzing It Heidenskip wurdt foarme troch it gebiet tusken de Fluezen, de Yntemasleat, de Grutte Gaastmar, Sânmar, de Koartfliet, Sânige Grûns, de Langfliet, it Warkumer Fjild en de Alde Dyk (in âlde slieperdyk). De wenkearn, Brânburren neamd, leit wat nei de eastkant, net fier fan de Grutte Gaastmar. Justjes bûten de kearn leit de buorskip De Hel. Bûten de kearn fierders lizze ferspraat yn de streek boerepleatsen. Fierder yn it gebiet lizze de Ursulapoel, Hofmar en Aant Liuwespoel.
Namme Yn 1511 komt de namme foar it earst foar as Heijdenscip of Heijdenscop. It earste part fan de namme ferwiist nei de heide as "wyld en rûch bewoeksen lân" en it twadde part "skip" hat deselde betsjutting as yn it wurd "lânskip".
Skiednis Fan oarsprong hjitte dy wenkearn de Brânburren, wylst "It Heidenskip" de namme fan de streek wie. Op 18 augustus 1979 waard it Warkumer part fan it Heidenskip in nij doarp. Yn dy tiid, en oant de gemeentlike weryndieling fan 1984, lei de wenkearn krekt noch yn gemeente Warkum, mar fan dêr nei de kant fan de Fluezen wie it Heidenskip part fan Himmelumer Aldefurd. Fan âlds is It Heidenskip tin bewenne. It wie in sompich gebiet mei in soad puollen en plassen. Troch de iuwen hinne ûntstie in feanlaach, dêr't troch der hieltyd mear "lân" kaam. De begroeiïng waard in fochtige heide-eftige fegetaasje. Wierskynlik komt dêr de namme It Heidenskip wei.
Oer de skiednis fan It Heidenskip hat Hylke Speerstra, âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante in boek skreaun ûnder de titel De Oerpolder: It boerelibben efter de diken. Dat boek ferskynde yn 2006 en in jier letter yn it Nederlânsk (Utjouwerij Contact ISBN 978-90-254-2769-6).
Fan 1984 oant 2011 lei It Heidenskip yn de eardere gemeente Nijefurd.
Strjitten yn It Heidenskip Brânburren - It earste gebou dat hjir stiet is in partikuliere skoalle op de grûn fan de gemeente Warkum. It moat tusken 1809 en 1820 boud wêze. Yn 1855 komt der in wente by te stean en letter noch in pear. Yn 1866 is it al útgroeid ta in lyts buorskipke krekt op de gemeentegrins fan Warkum en Himmelumer Aldeferd. Yn de nacht fan 29 novimber op 30 novimber 1866 brekt der brân út yn ien fan de wenten yn de gemeente Himmelumer Aldeferd. It fjoer slacht oer nei de wente der nêst yn de gemeente Warkum, ek de skoalle dy't der efter stiet brânt ôf. Sûnt dy tiid hat it de namme Brânburren.
Feandyk - Yn de 19e iuw en begjin 20e iuw is yn dizze hoeke fan it Heidenskip in soad oan feanterij dien.
Heidenskipsterdyk - De wei troch it Heidenskip fan Warkum oer de Hel nei Koudum. It earste part fan Warkum oant de Hel waard yn 1876 oanlein en it part fan de Hel oant Koudum yn 1904.
Helspaed - Neamd nei sate De Hel. Yn de Midsiuwen waard yn It Heidenskip turf groeven. Dy turven waarden drûge op hegere stikken grûn dy't se "hellen" neamden. Tink mar oan it wurd "helling".
Koaidyk - Yn dit part fan it Heidenskip hawwe in pear einekoaien stien. De namme fan in pleats "De Koaipleats" en in stik lân "de Koai" dogge noch oan dy al foar 1850 ferfallen bedriuwen tinken.
Skar - Dit gebiet foel foarhinne ûnder it doarp Aldegea yn de gemeente Himmelumer Aldeferd (no Gaasterlân-Sleat). In skar is in gebiet, dêr't de kij mienskiplik weide litten wurde. Sa komme der yn 1788 in oantal skarren yn it gebiet foar: "Rommerschar", "Hanse Schar" en "Tymen Schar". Yn It Heidenskip wurdt net praat fan "it Skar", mar fan "de Skar".
Spûkersleane - In kaart út 1850 neamt yn dy wei in brêge mei de namme "Spûkersbrêge". Yn advertinsjes komt de namme "Spûkerssleat" ek foar. Sa waard it leantsje dat der oer hinne gie "Spûkersleane" neamd.
Ursuladyk - Neamd nei it Sint Ursulakleaster. Neffens oerlevering soe by de Sint Ursulapoel fanâlds in delsetting fan Kartuzer Kluzeners west ha. Dat is histoarysk nea oantoand. By de Ursulapoel stiet de Ursulapleats dy't yn 1884 boud waard. Sint Ursula fan Keulen wie de Britske keningsdochter dy't letter hillich ferklearre is. Se wie de patroanhillige fan leararessen en skoalbern.
Tsjerken 270px|thumb|Herfoarme tsjerke De âldste tsjerke is de Sint-Ursula dy't yn 1389 boud waard. Op in âld ôfbyld wurdt sein dat it in kleaster wie, dochs it gie om in tsjerke mei in toer tusken twa gebouwen yn, en in tagongspoarte. Op it plak fan 'e tsjerke waard yn 1884 de Ursulapleats boud.
De Herfoarme tsjerke waard yn 1880 boud en is hjoed-de-dei noch de iennige oerbleaune tsjerke yn it doarp. Tsjerklik kaam It heidenskip yn 1902 ûnder Warkum te fallen. Yn 2004 waard de protestantske gemeente yn it doarp selsstannich.
Yn 'e 19e iuw wie der ek in Baptistetsjerke yn it doarp. De Baptistetsjerke waard yn in timmerwurkplak oprjochte. Yn 1903 waard it in Grifformearde tsjerke. Dy waard letter noch ferboud, mar yn 1984 waard dêr de lêste tsjinst yn holden en waard dêrnei ta wente omboud.
Mûnen 270px|thumb|Mûne De Snip 270px|thumb|Sint-Ursulapleats 270px|thumb|Kombuorden fan It Heidenskip yn de doe noch gemeente Nijefurd Yn it poldergebiet steane trije mûnen. Yn it súdwesten stiet De Skarmole, in Amerikaanske wynmotor fan om 1920 hinne. Tichter by Warkum stiet De Snip, in achtkante muonts út de 19e iuw. By de Sânmar stiet de poldermûne Tsjasker It Heidenskip fan 1915.
De mûnen binne, mank mei de Sint-Ursulapleats mei simmerhûs de ryksmonuminten fan It heidenskip.
Mienskip It doarp hat in Feriening Doarps- en Streekbelang. It doarpshûs hiet It Swaeigat en sit sûnt 1961 yn in âlde ûnderwizerswente.
Ferienings Kristlike Muzykferiening Fanfare Studio It Heidenskip Toanielferiening Yn it oare fel Fotoklub Blitse Flits Eksposysje Skerven fan 'e Skar Jongereinferiening De Trochsetters Frouljusferiening Buor- en Utfeartferiening
Sport It Heidenskip hat in ryk ferieningslibben. It doarp hat ûnder oaren in eigen fierljepskâns. De Heidenskipster toulûkers hawwe al ferskate Nederlânske kampioenskippen helle. Yn 2008 en 2010 binne hja wrâldkampioen toulûken binnendoar wurden yn Itaalje.
Fierljepferiening It Heidenskip Toulûkers TTV It Heidenskip Biljertklub
Eveneminten De Oerpolderloop op de earste snein fan maart. De Nasjonale Fierljep Manifestaasje (N.F.M.) op de lêste sneon fan july.
Tsjerke Protestantske Gemeente It heidenskip
Untjouwing ynwennertal 19562000200120022003200420112018201920212023655*367371373374375362330340330325 * Yn twa gemeenten
Berne yn It Heidenskip Anne Tjerkstra (1946), skûtsjeskipper Willem Tjerkstra (1943), Frysk skriuwer en dichter Klaas van der Meulen (1907-1973), skûtsjeskipper
Nijsgjirrich thumb|It Fearpontsje oer de Yntemasleat Mei in fearpontsje oer de Yntemasleat kinne fytsers binnentroch fan It Heidenskip nei De Gaastmar reizgje.
Boeken oer It Heidenskip - It Heidenskip, Fan Galama oant gemeente Himmelumer Aldeferd, útjefte Feriening fan Koudumers om utens, 1984. - It Heidenskip, streek fan lân, wyn en wetter, foto's Botte Ouderkerken, útjefte Reunykommisje, 1987. - De Stêd Warkum, útjouwerij A.J. Osinga n.v. Boalsert, 1967 - 100 Jier Studio. 1898-1998 muzykferiening "STUDIO" fan it Heidenskip, 1998 - De Heidenskipster molen fan eartiids, 2003 - De Oerpolder, 2006
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch It Heidenskip rint de folgjende busline:
Line 102: Makkum - Hylpen fia Warkum
De busline troch It Heidenskip wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Sjoch ek Fryske buorskippen
Keppelings om utens Webstee fan It Heidenskip Webstee oer de histoarje fan It Heidenskip
Kategory:Doarp of stêd yn Himmelumer Aldefurd Kategory:Doarp of stêd yn Nijefurd Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân