Jackie Brown is in Amerikaanske neo-noir-misdiefilm út 1997 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino, mei yn 'e haadrollen Pam Grier en Samuel L. Jackson. De titel ferwiist nei de namme fan 'e haadpersoan. De film is basearre op 'e roman Rum Punch fan Elmore Leonard, út 1992. It ferhaal folget de stewardess Jackie Brown, dy't harsels behellet yn in smokkeloperaasje. Se wurdt pakt en twongen om undercover te gean foar de plysje en har opdrachtjouwer derby te lappen. Jackie betinkt lykwols in plan om sawol de kriminelen as de plysje te fluch ôf te wêzen. Tarantino makke Jackie Brown by wize fan earbetoan oan 'e blaxploitationfilms út 'e 1970-er jierren. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. Jackie Brown waard nominearre foar in Oscar, twa Golden Globes, twa Saturn Awards en in Screen Actors Guild Award, en wûn in Sulveren Bear op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. De film refitalisearre de karriêres fan ferskate leden fan 'e cast.

Plot De 44-jierrige swarte Jackie Brown hat in baan as stewardess by in lytse Amerikaanske loftfeartmaatskippij dy't toeristen hinne en wer pindelet tusken Los Angeles en it Meksikaanske baaiplak Cabo San Lucas, op 'e súdpunt fan it Kalifornyske Skiereilân. Dat wurk is gjin fetpot, mar se kin net by gruttere loftfeartmaatskippijen telâne om't se alris yn oanrekking kommen is mei justysje. Om wat by te fertsjinjen smokkelet Jackie grutte hoemannichten kontant jild fan Meksiko nei de Feriene Steaten foar de yllegale wappenhanneler Ordell Robbie. Mei't sy stewardess is, hoecht har bagaazje nammentlik net by de dûane lâns.

Robbie kriget op in stuit berjocht dat Beaumont Livingston, dy't as koerier foar him wurket, troch de plysje arrestearre is foar riden ûnder ynfloed. By it fûllearjen hat bliken dien dat er in pistoal yn besit hie. Om't er noch yn syn proeftiid sit foar in eardere feroardieling, liket it derop dat Livingston it tichthûs yndraaie sil. Om foar te kommen dat Livingston ynformaasje oer him oan 'e plysje priisjaan sil, beslút Robbie dat Livingston sa gau mooglik op frije fuotten komme moat. Hy wol lykwols net streekrjocht jild foar boarch ynlizze, om't der dan beslist lestige fragen komme sille oer wêr't it jild weikomt. Dat Robbie nimt de boarchliener Max Cherry yn 'e earm, dy't in bedriuw hat dat tsjin it rekkenjen fan rinte boarch ynleit foar earmlestige lju. Robbie jout oan Cherry $10.000 om as boarch foar Livingston te tsjinjen en de mannen komme oerien dat Cherry dêr $1.000 fan hâlde mei as de boarch troch de autoriteiten weromjûn wurdt. Livingston wurdt frijlitten en dyselde jûns giet Robbie by him del, lokket him mei nei bûten ta en fermoardet him. Letter leit er oan syn maat Louis Gara út dat Livingston net ien is dy't maklik yn it tichthûs oerlibje kin, dat om dêr út te bliuwen soed er perfoarst alles wat er wist oer Robbie en syn dwaan en litten oan 'e plysje útbrocht hawwe.

Jackie Brown komt in dei letter werom út Cabo San Lucas en wurdt yn 'e parkearkelder fan 'e lofthaven oanholden troch resjersjeur Mark Dargus fan it Los Angeles Police Department (LAPD) en spesjaal agint Ray Nicolette fan 'e ATF, in federale resjerzje dy't him dwaande hâld mei it bestriden fan yllegale hannel yn smokersguod, alkohol en fjoerwapens. As se har tas trochsykje, fine se $50.000 fan Robbie syn jild mei dêropta in pûdsje kokaïne. Jackie wurdt arrestearre en bedarret efter de traaljes. Robbie giet wer nei Cherry ta en praat mei him ôf dat er de $10.000 fan 'e boarch fan Livingston (dy't weromjûn wurdt no't Livingston dea is) ferskowe sil om it yn te lizzen as boarch foar Jackie. Nei't de amtlike rêdsjes it har oan tiid dien hawwe om te draaien, komt Jackie op 'e jûn frij. Cherry wachtet har op om har nei hûs te riden, en it is foar him leafde op it earste gesicht as er har oankommen sjocht.

Letter dy jûns set Robbie mei in pistoal nei Jackie har appartemint ta, mei de bedoeling om har ek út 'e wei te romjen. Se is him lykwols foar en bedriget him mei in pistoal dat se út it dashboardkastke fan Cherry syn auto "liend" hat. Jackie fertelt dat de plysje har op 'e lofthaven opwachte en dat se yn 't foar al wisten hoefolle jild oft se by har hawwe soe. Dat Dargus en Nicolette ûnder har ferhear de namme fan Livingston falle litten hawwe, is foar Robbie de befêstiging fan wat er al fermoede: dat Livingston al úteinset wie mei him te ferrieden noch foar't er op boarchtocht frijkaam. Jackie wit Robbie der lykwols fan it oertsjûgjen dat sy út oar hout snien is. Se praat mei him ôf dat se beare sil om gear te wurkjen mei de autoriteiten om út 'e finzenis te bliuwen, mar dat se ûnderwilens de boel bedonderje sil om de rest fan 'e $560.000, dy't Robbie yn in bankklûske yn Cabo San Lucas lizzen hat, nei de Feriene Steaten te slûkjen.

Robbie behellet de blanke krimineel Louis Gara by it spul, mei wa't er yn it ferline ris in sel dield hat, en dy't krekt fjouwer dagen frij is. De blonde Melanie Ralston, ien fan 'e trije froulju mei wa't Robbie in los-fêste relaasje ûnderhâldt, is ûnderwilens ek fan alles op 'e hichte om't Robbie alles yn har bywêzen besprekt. Sy hat seks mei Gara en besiket him neitiid oer te heljen om Robbie ek saaklik te bedonderjen, sadat se tegearre mei syn jild útnaaie kinne. Dat liket Gara wol nei fleanen. Hy briefket wat se sein hat letter troch oan Robbie, mar dy sit der net oer yn en antwurdet dat er persiis wit wat er oan Melanie hat.

Mei Robbie praat Jackie ôf dat se syn $550.000 yn ien kear meismokkelje sil. Dargus en Nicolette makket se lykwols wiis dat Robbie senuweftich wurden is troch alle plysje-oandacht en har dêrom mar $50.000 meismokkelje litte sil. Underwilens makket Jackie plannen om sels mei it jild út te naaien. Se spant de fereale Max Cherry foar har karke om har dêrby te helpen, yn ruil foar in oandiel yn 'e winst. De beide plysjes sette in undercoveroperaasje op om it jild tuskentiids te merkjen, sadat se letter Robbie oppakke kinne om't er in grutte hoemannichte smokkele jild yn syn besit hat. Foarôfgeande dêroan wurdt, sabeare op oanstean fan Robbie, in test dien, wêrby't Jackie de restearjende $10.000 it lân yn smokkelet, mei't dat it heechste bedrach is dat legaal meinommen wurde kin sûnder it oan te jaan by de dûane. It plan is om it jild op 'e lofthaven yn in draachtas fan in beskate winkelkeatling te dwaan, nei in winkelsintrum te gean, en dêr oan in taffeltsje by in fastfoodrestaurant de tas om te wikseljen foar in identiken-ien dy't Sheronda, ien fan Robbie syn freondinnen, by har hat as se oan in oanbuorjend taffeltsje sitten giet.

Sa giet it krekt. Jackie set nei de wikseltrúk ôf en Dargus en Nicolette folgje Sheronda om te sjen wêr't it jild hinne giet. Mar Max Cherry, dy't troch Jackie by de saak belutsen is sûnder dat de plysjes of Robbie it witte, sjocht dat Sheronda earst har draachtas noch in kear omwikselet mei dy fan in ûnbekende frou, foar't se de beide plysjes fuortlokket. Wannear't Jackie letter Robbie mei dat bedroch konfrontearret, jout er ta dat de ûnbekende frou syn trêde freondinne Simone is, dy't er ynset hat om der wis fan te wêzen dat it jild him úteinlik berikt. Iroanysk genôch blykt Simone letter mei de $10.000 útpykt te wêzen sûnder in spoar efter te litten.

As it echt heve sil mei it smokkeljen fan it jild, praat Jackie mei Robbie ôf dat se nei in kleanwinkel gean sil yn itselde winkelsintrum foar't se by it fastfoodrestaurant sitten giet. Yn 'e pashokjes fan 'e kleanwinkel sil se it jild dan oerdrage oan ien fan Robbie syn trewanten yn ruil foar in identike draachtas, dy't se neitiid by it fastfoodrestaurant mei Sheronda útwikselje sil foar in trêde identike draachtas. Dargus en Nicolette sille dan tinke dat Sheronda it jild hat, wylst it eins al fan harren radar ferdwûn is foar't Sheronda sels mar op it toaniel ferskynt. Robbie hie Simone ynsette wollen foar de útwikseling yn 'e pashokjes, mar no't sy him bedragen hat en útpykt is, set er mei tsjinnichheid de ûnbetroubere Melanie foar dat putsje yn. Hy freget Gara om mei har te gean om in eachje yn it seil te hâlden. Mei't er sels troch de plysje yn 'e rekken holden wurdt, bejout er him nei in stripklub om ûngeduldich de tiid te deadzjen.

Wannear't Jackie mei it jild op 'e lofthaven arrivearret, treft se Dargus en Nicolette wer yn 'e parkearkelder, dy't it kefert mei de ferwachte $50.000 út har tas helje. Nicolette telt it jild en jout alle bankbiljetten in ûnopfallend merkje. Wat hy en Dargus net witte of opmerke, is dat ûnder Jackie har klean, op 'e boaiem fan har tas, nochris $500.000 ferburgen sit. Fan 'e lofthaven ôf set Jackie mei it jild nei it winkelsintrum, dêr't se nei it pashokje giet mei in broekpak, dat se oandocht. Se hellet in fjirde identike draachtas foar it ljocht, dêr't se in steapel âlde paperbacks yn docht, mei dêroerhinne $40.000 fan 'e troch Nicolette fan in merkje foarsjoene biljetten, sadat it liket as sit der $550.000 yn 'e tas. Dat jild bedekt se mei in pear badhandoeken. De lêste $10.000 mei merke biljetten leit se iepen en bleat boppe-op.

Underwilens is de relaasje tusken Melanie en Gara raar yn it neigean rekke. Melanie fynt Gara in skytsek om't er net ynstimme woe mei har plan om Robbie fan syn $550.000 te berôvjen, en dat lit se allegeduerigen blike. As se nei it winkelsintrum sille foar de útwikseling yn 'e pashokjes, hat se sa lang wurk om harsels oan te klaaien en op te tutsjen, dat Gara fan argewaasje hast by de muorren opfljocht. Mar krekt op 'e tiid berikke se de kleanwinkel, dêr't Melanie nei de pashokjes giet.

Jackie skoot har ûnder it gerdyn troch, dat de hokjes faninoar skiedt, de draachtas mei de paperback's en de $40.000 ta en seit dat de $10.000 dy't boppe-op leit in bonus foar Melanie is. Dêrop ferlit se de pashokjes en lit har eigen draachtas mei de $500.000 deryn stean. Se beart dat se ynienen tige hastich is, rekkenet ôf foar it broekpak dat se noch oan hat en seit tsjin 'e winkelbetsjinde dat immen in draachtas yn ien pashokjes stean litten hat. Dêrnei giet se út 'e winkel wei en rint iverich sykjend en in bytsje yn panyk troch it winkelsintrum oant se úteinlik Nicolette en Dargus gewaar wurdt. Tsjin harren seit se dat se wat tiid oer hie, dat se wie eefkes nei in kleanwinkel gien dêr't se in broekpak yn 'e oanbieding hiene dêr't se wol sin oan hie, mar doe't se yn har ûnderguod yn it pashokje stie, foel Melanie dêr ynienen binnen, roppe de draachtas mei de $50.000 mei en naaide út. Nicolette is poerlulk dat syn plan misbeteard is, mar Jackie wit him derfan te oertsjûgjen dat it net oan har lei.

Nei't Jackie har ôfjûn hat út 'e kleanwinkel ferlit Melanie de pashokjes en rint mei Gara it winkelsintrum út. Gara hat op 'e hinneweis fan 'e senuwen net goed sjoen wêr't er syn auto delset hat en kin dy op it reuseftige parkearterrein dêrom net fuortendaliks wer fine. Melanie sjocht har kâns skoan om him te fergjen mei yrritante opmerkings oant de opfokte Gara op 't langelêst al syn selsbehearsking ferliest, in pistoal lûkt en har deasjit. Hy lit har lizze, fynt einlings syn auto en riidt fuort om Robbie by de efterútgong fan 'e stripklub op te pikken.