De griiskopspjocht (Picus canus) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae).

Beskriuwing De griiskopspjocht is wat lytser as de griene spjocht en ek maklik dêrmei te betizen. De fûgel is 27 oant 30 sm en hat in grize kop. It mantsje hat wat read op syn kop en it wyfke hielendal net, wylst it dêr by de griene spjocht sawol by it mantsje as it wyfke hielendal read is. De griiskopspjocht roffelet faker as de griene spjocht.

Iten It iten bestiet foar de haadsaak út mychammels en de aaikes dêrfan. De fûgel kin goed tsjin strange winters.

Fuortplanting thumb|left|Aaien. It nêst bestiet út 5 oant 7 aaien en dy't yn 25 oant 27 dagen útbret wurde troch beide âlders. It mantsje wikselet it wyfke likernôch fjouwer kear deis ôf.

Fersprieding De soarte libbet yn in grut part fan Sintraal- en East-Europa en it suden fan Noarwegen en Finlân. Fierder binne der tsien ûndersoarten yn in grut gebiet yn Aazje (Súd-, Midden- en East-Aazje en Yndo-Sina).Gill F, D Donsker & P Rasmussen (Eds). 2023. IOC World Bird List (v13.2).

P. c. canus: fan noardlik en sintraal Europa oant westlik Sibearje. P. c. jessoensis: fan eastlik Sibearje oant noardeastlik Sina, Koreä en noardelik Japan. P. c. kogo: Sintraal-Sina. P. c. guerini: it noardlike diel en it eastlike diel fan Sintraal-Sina. P. c. sobrinus: súdeastlik Sina en noardeastlik Fjetnam. P. c. tancolo: Hainan en Taiwan. P. c. sordidior: fan súdeastlik Tibet en súdwestlik Sina oant noardeastlik Myanmar. P. c. sanguiniceps: fan noardlik Ynje oant westelik Nepal. P. c. hessei: fan Nepal en noardeastlik Ynje oant Myanmar en Yndosina. P. c. robinsoni: westelik Maleizje.

Guon fan dy ûndersoarten wurde as eigen soarten beskôge.

It leefgebiet bestiet út âlde mingde- of leafbosken mei in soad dea hout. De fûgel mei graach oer grutte parken en bosken by wetter. Fierder komt de griiskopspjocht yn 'e bergen op gruttere hichte foar as de griene spjocht.

Syn leefgebiet leit net fier fan Nederlân ôf, mar de fûgel is yn ús lân in tige seldsume dwaalgast. It tal waarnimmings sûnt 2000 is op ien hân te tellen.

Status De griiskopspjocht hat in grut ferspriedingsgebiet en yn Europa is it tal fûgels sûnt 1982 wer tanommen, mar de ynformaasje oer de rest fan syn ferspriedingsgebiet is beheind. De status fan 'e fûgel wurdt as net bedrige kategorisearre.

It totale tal fûgels is fanwegen resinte taksonomyske ôfsplitsings net te rûzen. De Europeeske popelaasje wurdt op 187.000-360.000 peakes rûsd. In rappe rûzing fan 'e wrâldpopelaasje soe op 900.000-1.900.000 folwoeksen fûgels komme.Birdlife, oproppen 23 desimber 2023

De grutste konsintraasjes fan de griiskopspjocht binne yn Europeesk Ruslân en Roemeenje te finen. Dútslân telt likernôch 9.000-13.500 pearkes fan 'e griiskopspjocht. Yn Dútslân nimt it oantal ôf en stiet de fûgel op de Reade List. Naturschutzbund Deutschland, oproppen 23 desimber 2023

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Griene spjocht Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan