thumb|Frânsk-Flaanderen en it part dat oant yn de 20e iuw benammen Nederlânsktalich wie (donkerread) Frânsk-Flaanderen, ek bekend as Súd-Flaanderen, is in geografysk gebiet sûnder bestjoerlike status dat oerienkomt mei it diel fan it histoaryske greefskip Flaanderen dat yn de perioade fan 1659-1713 oerdroegen is oan it Keninkryk Frankryk troch de oarloggen fan kening Loadewyk XIV. Dit gebiet omfettet it Maritiem Flaanderen yn it noarden, dat oerienkomt mei de Frânske Westhoeke, wat histoarysk sjoen Flaamsk is, en it Romaansk-Flaanderen yn it suden.

Frânsk-Flaanderen beslacht in grut part fan it Noarderdepartemint Département du Nord en heart no ta de regio Opper-Frankryk Région Hauts-de-France, sûnt de weryndieling fan de Frânske regio's yn 2016, wêrby't Noarden-Nau fan Calais Nord-Pas-de-Calais en Pikardje Picardie gearfoege binne.

Sjoch ek Flaanderen

Keppeling om utens

Kategory:Greefskip Flaanderen Kategory:Noarden-Nau fan Calais Kategory:Kulturele regio yn Frankryk