It Olympysk fjoer is it fjoer wat ûnder de Olympyske Spullen ûntstutsen wurdt.
Reek en fjoer By de klassyke Spullen waard foar de tempel fan Seus yn Olympia in de reek fan offers baarne holden troch gâns de spullen.
By de Spullen fan Amsterdam yn 1928 waard in toer fan 42,195 meter boud, de hichte yn meters fan de langte yn kilometers fan Maraton. Op dizze Maratontoer kaam in sokkel. Oan de ein fan de Iepenings-searemoanje waard dêr't de reek yn ûntstutsen. Dat reek, as de offers fan âld, waard brânend holden troch gâns de Spullen. Oerdeis koe Amsterdam de reek baarne sjen, en nachts seach men in olympysk fjoer.
Dat fjoer wie sa'n sukses dat soks ek dien waard by de Olympyske Spullen fan Los Angeles yn 1932.
Stêf-rin By de Olympyske Spullen fan Berlyn yn 1936, waard de earste kear it fjoer ûntstutsen yn Grikelân, en dan yn in stêf-rin nei Berlyn brocht. Dy searemoanje waard dêrnei alle fjouwer jierren dien. Mar mei de Twadde Wrâldkriich wie de earste kear dernei de Spullen fan London 1948.
Oanstekkers Ornaris wurdt foar de lêste drager fan de flam, dy't dêrmei it fjoer ûnstekt, in ferneamde atleet útsocht. In de rin fan de tiid hawwe de neikommende minsken it fjoer oanstutsen: LokaasjeEvenemintOanstekkersAmsterdam1928nei sizzen troch in immen fan GEB AmsterdamLos Angeles1932bûten it sicht.Berlyn1936Fritz SchilgenNet hâlden1940Net hâlden1944Londen1948John MarcHelsinki1952Hannes Kolehmainen & Paavo NurmiMelbourne1956Ron ClarkeRome1960Giancarlo PerisTokio1964Yoshinori SakaïMeksiko-Stêd1968Norma Enriqueta Basilio de SoteloMünchen1972Günter ZahnMontreal1976Sandra Henderson & Stéphane PréfontaineMoskou1980Sergej BelovLos Angeles1984Rafer JohnsonSeoel1988Chung Sun-Man, Kim Won-Tak, Sohn Mi-ChungBarcelona1992Antonio Rebello (troch der in baarnende pylk hinne te stjoeren)Atlanta1996Muhammad AliSydney2000Cathy FreemanAtene2004Nikolaos KaklamanakisPeking2008Li NingLonden2012 7 jonge sporters (Callum Airlie, Jordan Duckitt, Desiree Henry, Katie Kirk, Cameron MacRitchie, Aidan Reynolds, Adelle Tracey)Rio de Janeiro2016Vanderlei de LimaTokio2021 Dizze Spullen hienen yn 2020 wêze sillen, mar mei koroana, waard it in jier letter.Naomi OsakaParys2024Marie-José Pérec en Teddy Riner
Fjoer Kategory:Symboal Kategory:Yntroduksje út 1928