De Strjitte fan Gibraltar (Spaansk: Estrecho de Gibraltar, Arabysk: مضيق جبل طارق), neamd nei de Britske pleats Gibraltar, is de see-ingte tusken Marokko (Afrika) en Spanje (Jeropa). De breedte is 14 oant 44 km, de lengte om-ende-by 60 km en it is op syn djipst 900 m.

De Strjitte fan Gibraltar is tagelyk it ferbiningspunt tusken de Middellânske See en de rest fan de Atlantyske Oseaan. It is dêrom in tige strategysk punt.

De âlde Griken neamden de ingte tusken de beide rotseftige kapen de Pylders fan Herkules, dy't de ein fan de wrâld markearden.

Yn maart 2007 makke de premier fan Spanje, José Luis Rodriguez Zapatero, bekend dat der grutte plannen bestean om in tunnel oan te lizzen ûnder de strjitte. Hjirtroch soe in hegensnelheidstrein ride kinne. Neffens Zapatero sil de tunnel yn beide kontininten soargje foar 'groei, ûntwikkeling en foarspoed'.

De reden dat de Middellânske See (sawat) gjin tij hat, komt trochdat it wetter net genôch tiid hat om troch de Strjitte fan Gibraltar te streamen.

Plakken Plakken oan de Strjitte fan Gibraltar: Algeciras Tarifa Gibraltar La Línea de la Concepción Tanger

Ofbylden

Kategory:Seestrjitte fan de Atlantyske Oseaan Kategory:Seestrjitte fan de Middellânske See Kategory:Seestrjitte yn Marokko Kategory:Wetter yn Gibraltar Kategory:Seestrjitte yn Spanje