Foarfallen 13 april - Yn Frankryk wurdt it Edikt fan Nantes ôfkundige, wêrmei't kening Hindrik IV de hugenoaten godstsjinstfrijheid jout. 2 maaie - Frankryk en Spanje slute de Frede fan Vervins. 6 maaie - Troch de Akte fan Ofstân wurdt Isabella fan Spanje, in dochter fan Filips II, tegearre mei har man, aartshartoch Albrecht fan Eastenryk, oansteld as lânfâd(esse) oer de Súdlike Nederlannen. 13 septimber - Filips III wurdt kening fan Spanje. sûnder datum - Ljouwert krijt in Waachgebou. sûnder datum - Piet Hein rekket yn Spaanske finzenskip en wurdt galeislaaf.

Boukeunst

Berne 23 april - Maarten Harpertssoan Tromp, Nederlânsk admiraal en seeheld († 1653) datum ûnbekend Lambert Jacobsz., Nederlânsk dûmny en skilder († 1636). (Bertejier ûnwis)

Ferstoarn 6 jannewaris - tsaar Fjodor I fan Ruslân (* 1557) 13 septimber - kening Filips II fan Spanje (* 1527) 15 desimber - Filips fan Marnix fan Sint-Aldegonde, Flaamsk skriuwer, diplomaat en wittenskipper (* 1540)

Literatuer toaniel William Shakespeare, Henry IV, Part 1 (oerset yn it Frysk as Hindrik IV, Diel 1) William Shakespeare, Love's Labour's Lost (oerset yn it Frysk as Leafde's Lêst Net Leanne) William Shakespeare, Richard II (oerset yn it Frysk as Richard II) William Shakespeare, Romeo and Juliet (oerset yn it Frysk as Romeo en Julia)

Kategory:16e iuw