It bisdom Spiers (Dútsk: Bistum Speyer; Latyn: Dioecesis Spirensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn it súdwesten fan Dútslân. It bisdom makket ûnderdiel út fan 'e tsjerkeprovinsje Bamberg.

Skiednis It bisdom Spiers waard yn 'e 4e iuw stifte en is sadwaande ien fan 'e âldste bisdommen fan Dútslân. It âldste dokumint dêr't út bliken docht dat Spiers in biskop hie datearret fan it jier 346.

Tusken 1085 en 1803 stie it bisdom bekend as Kar-Palts. Troch privileezjes wiene de prinsbiskoppen fan Kar-Palts sawol wrâldske as geastlike hearskers. Kar-Palts waard mei de sekularisaasje yn 1803 opheft.

It bisdom Spiers yn 'e hjoeddeiske foarm datearret fan 1817 en hâldt de grinzen oan fan 'e eardere Beierske Palts, in apart distrikt fan it eardere keninkryk Beieren. Om dy histoaryske redenen heart Spiers by it aartsbisdom Bamberg yn Beieren, ek al hat it gjin direkte grins mei ien fan 'e bisdommen fan dat aartsbisdom.

Katedraal thumb|left|Marije- en Stefanuskatedraal. De katedraal fan it bisdom is de Marije- en Stefanuskatedraal yn Spiers.

Dekenaten Bad Dürkheim Donnersberg Germersheim Kaiserslautern Kusel Landau Ludwigshafen Pirmasens Saarpfalz Spiers

Spiers Kategory:Spiers Kategory:Rynlân-Palts Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 4e iuw