Maria Idske (Mieke) van der Weij (Rotterdam, 2 augustus 1953) is in Nederlânske radio- en telefyzjepresintatrise en berneboekeskriuwster.
Mieke van der Weij groeide op yn Genderen (Noard-Brabân), dêr't har heit haad fan de Skoalle mei de Bibel wie en har mem ûnderwizeres. Se trochrûn gymnasium alfa oan it Gymnasium Camphusianum yn Gorkum en studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam, dêr't se yn 1982 ôfstudearre mei in skripsje oer letmidsiuwske folksliteratuer. Mieke van der Weij - Veelzijdig, relativerend en kritisch (met CV) troch Bea Kastrop, NCRV-gids, 1 oktober 2005Mieke van der Weij troch Koert van der Velde, Trouw, 31 desimber 2001
Wurkpaad Van der Weij har sjoernalistike karriêre begûn by de krante Het Parool. Dêrnei wurke se by de AVRO-radio, de VPRO en de Humanistische Omroepstichting (HOS). Sûnt 26 oktober 1996 presintearret se de TROS Nieuwsshow, tegearre mei Peter de Bie, sûnt 2018 Nieuwsweekend fan Omrop MAX. Omroep MAX-show Van der Weij en De Bie heet 'Nieuwsweekend', Nu.nl, 2 jannewaris 2018 22:11 (update 3 jannewaris 2018 06:57). Se is ek ien fan de presintatoaren fan Met het Oog op Morgen op Radio 1 en fan Opium op 4 op Radio 4.
Foar de telefyzje presintearre sy by AT 5 yn Amsterdam, fierder by de NPS (Kunstmest) en de NCRV (Andere Ogen, Nationale Nieuwsquiz). Fan oktober 2005 ôf presintearre se it NCRV-programma Keurmeesters. Yn maaie 2006 fierde se har tsienjierrich jubileum as presintatrise fan De Rijdende Rechter. Yn july 2007 makke de NCRV buorkundich har yn dy rol te ferfangen troch Jetske van den Elsen. Se hat ek de Nasjonale Bibeltest presintearre. Van der Weij hat in rubryk yn de NCRV-gids.
Van der Weij fynt it spitich dat se yn it 'lichte sjenre' telâne kommen is. Se soe graach oan sjoernalistyk-ynhâldlike telefyzjeprogramma's meiwurke hawwe, mar seach yn dat se dêr net oan fêsthâlde moast doe't it net slagge. 'Je leert je plek wel kennen', de Volkskrant, 1 oktober 2005
Tegearre mei har suster Joke van der Weij skreau Mieke van der Weij (ûnder de namme Mieke van der Wey) twa berneboeken: De kattenbende van Beestenvreugd (1992) en ''Turias en de dansende beer (1995).
Van der Weij is in grut bewûnderer fan de skriuwer Louis Couperus. Couperusfan Mieke van der Weij, Ellen Leijser, NCRV-gids, 3 maaie 2008
Op 28 april 2004 troude Van der Weij mei Sijbolt Noorda, de doetiidske foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Universiteit fan Amsterdam. Beide hawwe in grifformearde eftergrûn.
Yn 2019 waard de Sulveren Reissmikrofoan oan har takend.
Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk radiopresintator Kategory:Kwismaster Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Persoan berne yn 1953