thumb|300px|Autobussen foar ferfier fan en nei kamp Westerbork It Sintraal Flechtlingekamp Westerbork wie in yn 1939 troch de Nederlânske oerheid opset flechtlingekamp yn de gemeente Westerbork foar yn Nederlân oanwêzige Dútske en Eastenrykske Joadske flechtlingen oan de foarjûn fan de Twadde Wrâldoarloch. Nei it begjin fan de Dútske besetting waard it yn 1942 omfoarme ta it Doorgangskamp Westerbork.

Skiednis Oprjochting

thumb|Kaart mei it kamp yn 1940, middenmank heide en de jong bosk Foar de Twadde Wrâldoarloch flechten tûzenen Dútske en Eastenrykske Joaden foar de naziterreur de grins mei Nederlân oer. It Nederlânske regear woe yn dy tiid op goede foet stean bliuwe mei Dútslân en sleat op 15 desimber 1938 de grins, in pear wiken nei de Kristallnacht fan 9-10 novimber 1938, en bestimpele de flechtlingen ta net-winske frjemdlingen. As it heal koe waarden se nei Dútslân útwiisd. Yn febrewaris 1939 besleat it Nederlânske regear ta de bou fan in grut kamp foar dizze flechtlingen, dy 't oant doe ta op ferskate plakken yn Nederlân opfongen waarden. It regear easke yn terminen werombeteljen fan de kosten (goed 1 miljoen gûne) troch it Comité voor Joodsche Vluchtelingen.

Ynearsten soe dat kamp by Elspeet boud wurde. Dy plannen stjitten op tsjinstân fan de pleatslike befolking en de ANWB, dy 't fûn dat de Feluwe oantreklik bliuwe moast foar fakânsjegongers. Wêr 't dizze protesten net folle gehoar fûnen, joech it beswier fan keninginne Wilhelmina de trochslach. Sy fûn de ôfstân fan it plande flechtlingekamp ôf oant har simmerferbliuw paleis It Loo fierstente lyts. Hoe Wilhelmina 'Westerbork' in Elspeet voorkomt, de Stentor, 21 maart 2009Brief van de Directeur van het Kabinet der Koningin aan minister Van Boeijen, 14 maart 1939 Op 22 april liet minister Van Boeijen de keninginne witte dat it regear ôfsjoen hie fan it fêstigjen fan in flechtlingekamp op de Feluwe. Brief van minister van Boeijen aan de Koningin, 22 april 1939

It flechtlingekamp waard fêstige op it Amerfjild op de Drintske heide tusken Hooghalen, Zwiggelte en Grolloo. Yn de ûntwerpfaze hiet it 'kamp Zwiggelte'. Argyf gemeente Midden-Drinte Yn augustus 1939 bouden arbeiders fan de Rykstsjinst foar de Wurkferromming de earste barakken fan Sintraal Flechtlingekamp Westerbork. De flechtlingen dy't op 9 oktober 1939 yn it kamp oankamen, koene fuortendaliks oan de slach by it ôfbouwen fan it kamp.

Untromming by de Dútske besetting Op de dei fan de Dútske ynfal op 10 maaie 1940 waard besocht om de flechtlingen út it kamp fia Seelân nei it Feriene Keninkryk te bringen. Dit plan, dat ta stân kaam op inisjatyf fan Abraham Salomon Levisson, de oerrabbyn fan Fryslân en Drinte, mislearre lykwols trochdat de rûte fia Swolle net mear mooglik wie troch de sabotearre Iselbrêgen. De flechtlingen binne dêrom mei de trein nei Ljouwert ferfierd. Nei in moanne opfang yn dy stêd waarden de flechtlingen weromstjoerd nei kamp Westerbork.

Oername as trochgongskamp Yn 1942 waard it kamp oernaam troch de nazi's. Se makken dêrby gebrûk fan it al besteande kampbestjoer fan it Sintraal Flechtlingekamp. De direkteur fan it flechtlingekamp, de Nederlânske reserve-kapitein Jacques Schol, bleau ek nei 1 july 1942 yn kamp Westerbork oanwêzich. De Dútsk-Joadske flechtling Kurt Schlesinger wie yn febrewaris 1942 troch Schol oansteld as Oberdienstleiter. J. Schol, waard nei de oarloch kommandant fan Kamp Mariënbosch yn Nimwegen Schlesinger soe ek ûnder de nazi's in wichtige rol ferfoljen bliuwe as lieder fan de kamporganisaasje dy 't sa goed as folslein bestie út Joadske finzenen.

Kategory:Kamp Westerbork Kategory:Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Skiednis fan Drinte Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1939 Kategory:Organisaasje opheft yn 1942