Steingaden is in doarp en gemeente yn 'e lânkring Weilheim-Schongau yn 'e Dútske dielsteat Beieren.
De gemeente leit oan 'e foet fan 'e Alpen op de grins fan Opper-Beieren en de Allgäu.
Skiednis Oant de sekularisaasje fan 1803 yn Beieren hearde Steingaden by de abdij fan Steingaden, dy't yn 1147 stifte wie troch Welv VI, de markgreve van Toskane en hartoch fan Spoleto.
Mei de bestjoerlike herfoarming fan Beieren yn 1818 waard Steingaden in selsstannige gemeente, wylst de gemeenten Fronreiten, Lauterbach en Urspring mei de bestjoerlike herfoarmings yn 'e jierren 1980 oan de gemeente Steingaden tafoege waarden.
Yndieling gemeente De gemeente bestiet út 53 plakken en plakjes (ynklúsyf lytse buorskippen): Biberschwöll Bichl Boschach Brandach Brandstatt Butzau Deutenhof Deutensee Egart Engen Fronreiten Gagras Gmeind Gogel Graben Hiebler Hirschau Ilberg Ilgen Illach Jagdberg Karlsebene Kellershof Kohlhofen Kreisten Kreuzberg Kuchen Langau Lauterbach Lechen Lindegg Litzau Maderbichl Moos Oberengen Reitersau Resle Riesen Sandgraben Schlatt Schlauch Schwarzenbach Staltannen Steingädele Steingaden Tannen Thal Unterengen Urspring Vordergründl Wies Wiesle Zöpfhalden
It besjen wurdich Steingaden: Premonstratinzer stiftstsjerke Sint-Jehannes Baptist; Steingaden: Tsjerke fan it Hillich Krús; Steingaden: Kleastermuseum im Pfarrhof; Wies: UNESCO-wrâlderfgoed Beafearttsjerke fan Wies mei it beafeartsmuseum; Ilgen: Beafearttsjerke Marije-Fisitaasje; Urspring: Marije Magdalenatsjerke.
Kategory:Plak yn Beieren Kategory:Gemeente yn Beieren Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1818