thumb|left|Koolhoven F.K.50 HB-AMI fan Alpar yn Dübendorf, 1938 De Koolhoven F.K 50 wie in passazjiersfleantúch boud troch fleantúchfabryk Koolhoven. It wie in konvinsjonele twamotoarige heechdekker mei de motors yn de fleugels. De romp wie makke fan stielen buizen mei bespant mei linnen, de fleugels en fleugelbeklaaiïng wiene fan hout. It fêste lâningsgestel bestie út twa tsjillen befêstige ûnder beide motorgondels en in sturttsjil.

De F.K.50 waard ûntwurpen om oan de spesifikaasjes fan de Switserske loftfeartmaatskippij Swiss Alpar te foldwaan. It earste tastel begûn yn oktober 1935 mei in wyklikse lineflecht tusken Bern en lofthaven Croyden (Londen).

Farianten Fan de F.K.50 binne der twa boud. In tredde tastel, type F.K.50 A, hie in sturt mei twa fertikale sturtflakken, in wat langere noas en gruttere tsjillen. Dat tastel hat fan 1947 ôf noch kommersjeel flein yn Libearia oant it yn 1962 ferûngelokke flak by Monrovia.

In militêre fariant, de F.K.50B bommewerper, kaam nea fierder as de tekentafel. F.K.50 (Ingelske Wikipedia). Yn it argyf byset op 18 july 2023.

Spesifikaasjes thumb|Koolhoven FK-50 Type: Koolhoven F.K.50 Untwerper: Frits Koolhoven Bemanning: 2 Passazjiers: 8 Lingte: 14,0 m Spanwiidte: 18,0 m Hichte: 3,7 m Gewicht leech: 2730 kg Maks. gewicht: 4250 kg Motor: 2 × Pratt & Whitney Wasp Junior T1B njoggensilinder stjermotor, 400 hk Propeller: Twa blêden mei fariabele faasje Oantal makke: 3 Prestaasjes Krúsfaasje: 255 km/h Maks. faasje: 265 km/o Lâningsfaasje: 95 km/o Tsjinstplafond: 5500 m (1800 m op 1 motor) Klimfaasje: 4,75 m/s Fleanberik: 1000 km

Kategory:Nederlânske ferkearsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1935