Ludwig Levy (berne op 18 april 1854 – ferstoarn op 30 novimber 1907) wie in Dútske arsjitekt fan it histoarisme. Hy makke de ûntwerpen fan in tal synagoges, wêrûnder de ûnbidich grutte Nije Synagoge fan Straasburch, mar ek wol tsjerken en oare gebouwen.
Libben Ludwig Levy wie it sechde bern fan 'e joadske tekstylhandler Jonas Levy en syn frou Barbara Machhol.
Nei syn skoalletiid yn Landau studearre er sûnt 1870 wiskunde en foar yngenieur oan it Polytechnikum Karlsruhe (no it Ynstitút foar Technology), letter ek arsjitektuer. Levy wurke nei de foltôging fan syn stúdzje sûnt 1876 by ferskillende arsjitekten, lykas û.o. Paul Wallot en Rudolf Opfermann. Yn 1882 iepene er syn eigen arsjitekteburo yn Kaiserslautern. Nei 1886 dosearre er oan 'e Baugewerkschule Karlsruhe en sûnt 1902 wied er boutechnysk spesjalist by it Ministearje fan Ynlânske Saken. As erkenning foar syn wurk waard er yn 1902 troch it Ministearje fan Ynlânske Saken fan Baden yn 'e Bouried beneamd.
Famylje Sûnt 1890 wie Levy mei Flora Leving troud (1869-1943). Hja krigen tegearre twa bern: Marie Babette (berne op 5 augustus 1891) en Erwin Walter (berne op 18 juny 1896). Syn widdofrou Flora waard op 1940 út Karlsruhe nei Gurs en dêrwei yn 'e simmer fan 1942 nei Theresienstadt deportearre. Dêr ferstoar hja op 23 april 1943 yn 'e âldens fan 74 jier. Har twa bern wiene doe al ferstoarn. Oar neiteam wie der net.
It hûs fan Ludwig Levy yn Karlsruhe waard yn beslach nommen en is yn 'e Twadde Wrâldoarloch ferneatige.
Gebouwen Levy wurke fral en Baden, de Palts mar ek yn 'e Elzas, dêr't er fral synagoges, hûzen en gebouwen foar organisaasjes ûntwurp.
Synagoges thumb|260px|Nije Synagoge fan Straasburch 1883–1886: Synagoge fan Kaiserslautern (ferneatige yn 1938) 1892: Alde Synagoge fan Pforzheim (ferneatige yn 1938) 1895–1898: Nije Synagoge (Straasburch) (ferneatige yn 1940) 1896: Synagoge (La Chaux-de-Fonds) 1897: Alde Synagoge fan Barmen (ferneatige yn 1938) 1899: Synagoge fan Baden-Baden (ferneatige yn 1938) 1900/01: Synagoge (Winnweiler) (ferneatige yn 1938) 1905: Nije Synagoge (Bingen am Rhein) (ferneatige yn 1938) 1905: Synagoge fan Rastatt (ferneatige yn 1938) 1912–1913: Alde Synagoge fan Thionville (ferneatige yn 1940) Synagoge in Lúksemboarch (ferneatige yn 1943) Synagoge in Rostock (ferneatige yn 1938)
oare opdrachten thumb|260px|Belestingkantoar Straasburch (1899-1911) thumb|260px|Gruthartochlik distriktskantoar fan Mannheim (1906) 1884–1885(?): Protestantske tsjerke fan Olsbrücken 1885: Katolyk ferieningshûs yn Kaiserslautern 1885: Villa Ritter yn Kaiserslautern 1886: Villa Böhm yn Neustadt an der Weinstraße 1888–1889: Protestantske tsjerke fan Bexbach 1889: Tagongspoarte fan it Slot Kirchheimbolanden 1890: Villa Lieberich-Merkel yn Neustadt an der Haardt 1890: Burckshof in Gimmeldingen 1893: Villa Streccius yn Landau in der Pfalz 1899–1911: Oerheidsgebouwen oan it Kaiserplatz yn Straasburch (hjoed-de-dei: it belestingkantoar oan it Place de la République) 1902–1903: Distriktskantoar (hjoed-de-de: haadburo plysje) yn Mannheim as opfolger fan Adolf Hanser Psychiatrysk sintrum Nordbaden yn Wiesloch 1904: Herfoarme tsjerke fan Queuleu (Metz) 1904–1907: Labgebouwen fan 'e Landwirtschaftlichen Versuchsanstalt Augustenberg yn Karlsruhe (hjoed-de-deo it Agraryske Technologysintrum Augustenberg 1907: Protestantske tsjerke fan Siegelbach en protestantske tsjerken yn Weilerbach, Mittelbach/Pfalz (ferneatige yn 1945) en Steinwenden (ynterieur)
Kategory:Dútsk arsjitekt Kategory:Dútsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1854 Kategory:Persoan stoarn yn 1854