De Koolhoven Heidevogel wie in eksperimintele fleanmasine, in dûbeldekker, út de pioniersfaze fan de loftfeart. It Canard-tastel mei triuwpropeller waard streekrjocht ôflaat fan de Frânske Farman III. De earste flecht wie op 7 maart 1911 yn Soesterberg. Wesselink, Theo; Postma, Thijs (1982). De Nederlandse vliegtuigen. Haarlim: Romem. s. 10.

Yn 1911 wie Frits Koolhoven bedriuwslieder wurden fan de krekt oprjochte Maatschappij voor Luchtvaart dy 't fleandemonstraasjes joech op fleankamp Ede en fleanfjild Soesterberg. It úteinlike doel wie dat der, njonken in fleanoplieding, ek fleantugen boud waarden. Sadwaande gie konstrukteur Koolhoven oan de slach en boude de Heidevogel. Dat tastel wie tige basearre op de Farman III mei wat modifikaasjes oan de fleugels en bestjoeringsflakken. De wichtichste oanpassing wie dat de piloat fan de Koolhoven Heidevogel, yn de iepenloft foar de fleugel, noch wat beskerming hie tsjin de wyn troch in spesjaal foarme kûp.

De Heidevogel wie lykas it Farmanorizjineel makke fan hout mei fleugels fan linnen bespand. De triuwpropeller waard oandreaun troch in Gnome Omega rotaasjemotor fan 50 pk.

Spesifikaasjes Type: Koolhoven Heidevogel Rol: Eksperimint út de pioniersfaze Oflaat fan: Farman III Bemanning: 1 Lingte: 11,90 m Spanwiidte: 17,35 m Maksimum gewicht: 750 kg Motor: 1 × Gnome Omega sânsilinder rotaasjemotor, 50 pk (37 kW) Propeller: triuwpropeller mei twa blêden Prestaties Maks. faasje: 65 km/o

Keppeling om utens Alex den Ouden, Koolhoven Heidevogel

Kategory:Nederlânske fleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1911