Midway is in Amerikaansk-Dútsk-Kanadeeske histoaryske oarlochsfilm út 2019 ûnder rezjy fan Roland Emmerich. De haadrollen waarden fertolke troch Ed Skrein en Patrick Wilson, mei Luke Evans, Woody Harrelson, Dennis Quaid, Etsushi Toyokawa, Jun Kunimura en Mandy Moore yn 'e wichtichste byrollen. De titel ferwiist nei de Slach by Midway, in seeslach út 'e Twadde Wrâldoarloch by it atol Midway, yn 'e Stille Oseaan, tusken de Amerikaanske Pasifyske Float en de Keizerlike Japanske Marine. De plot fan 'e film folget luitenant-op-see Dick Best, in piloat by de Amerikaanske Marine, en luitenant-op-see Edwin Layton, dy't foar de ynljochtingetsjinst fan 'e Amerikaanske Marine wurket, fan 'e Japanske oanfal op Pearl Harbor ôf oant de ommekear yn 'e striid yn 'e Slach by Midway. Midway, dat troch histoarisy en oarlochsfeteranen priizge waard om syn histoaryske akkuratens, wie in leafdesprojekt fan Emmerich. It wie ien fan 'e djoerste ûnôfhinklike films ea makke. Fan 'e filmkritisy krige de film lykwols mingde resinsjes, en yn 'e bioskopen flopte er.

Plot Yn desimber 1937 moetet luitenant-op-see 1e klasse Edwin T. Layton, dy as marine-attasjé op 'e Amerikaanske ambassade yn Tokio wurket, by in staasjegelegenheid de Japanske admiraal Isoroku Yamamoto. Dyselde warskôget him dat syn lân ta drastyske maatregels oergean sil as de Feriene Steaten de útfier fan ierdoalje nei Japan stillizze.

Fjouwer jier letter, as de Feriene Steaten yndie de oaljekraan tichtdraaid hawwe, beslút Japan dat it gjin oare kar hat as om 'e oaljefjilden fan Nederlânsk-Ynje te feroverjen om sa oan in nije boarne foar ierdoalje te kommen. Om't de Feriene Steaten by dy ferovering sûnder mis yngripe soene, moat dêrfoar earst de Amerikaanske Pasifyske Float útskeakele wurde, dy't foar anker leit by it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaï. Dêrom fiert de Keizerlike Japanske Marine û.l.f. fan Yamamoto en fise-admiraal Chūichi Nagumo op 7 desimber 1941 de oanfal op Pearl Harbor út, wêrby't frijwol alle Amerikaanske slachskippen yn 'e Stille Oseaan útskeakele wurde en oan Amerikaanske kant mear as 2.400 deaden falle. Dêrûnder is ek luitenant-op-see 2e klasse Roy Pearce, de bêste freon fan marinepiloat Dick Best.

Dy lêste is ûnder it befel fan fise-admiraal William "Bull" Halsey stasjonearre op it fleandekskip de USS Enterprise. As it berjocht fan 'e oanfal him berikt, stjoert Halsey syn fleantugen út om 'e striid mei de Japanners oan te gean, mar Best en de oare piloaten kinne de Japanske float net fine. Dêrtroch boazet Best syn rivaliteit mei luitenant-op-see 1e klasse Eugene E. Lindsey noch fierder oan. Nei de oanfal op Pearl Harbor wurdt admiraal Husband E. Kimmel as befelhawwer fan 'e Amerikaanske Marine yn 'e Stille Oseaan ferfongen troch admiraal Chester W. Nimitz. Luitenant-op-see Layton, dy't op dat stuit al ferskate jierren yn Pearl Harbor foar de ynljochtingetsjinst fan 'e marine wurket, rekkenet himsels de Japanske ferrassingsoanfal tige oan en freget om oerpleatsing. Nimitz wegeret dêroan lykwols te foldwaan om't er ornearret dat Layton fan syn flaters leard hat en dat in ferfanger mooglik wer deselde flaters begean soe.

Nei de oanfal op Pearl Harbor stelt admiraal Yamamoto, mei stipe fan skout-by-nacht Tamon Yamaguchi, in riskant kriichsplan foar: de ferovering en besetting fan it atol Midway, yn 'e Noardwestlike Hawaï-eilannen, in tige weardefolle foarpost fan 'e Amerikanen. Syn úteinlike doel is om 'e fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float út te skeakeljen, wat Japan de frije hân jaan soe yn 'e Stille Oseaan. De Amerikanen witte dat ek en binne dêrom tige foarsichtich mei de ynset fan harren fleandekskippen. Yamamoto is der lykwols fan oertsjûge dat de besetting fan Midway de Amerikanen út 'e tinte lokje soe. Mar syn plan wurdt ôfwiisd troch it Japanske Keizerlike Leger, dat de marine inkeld sjocht as in soarte fan taksysjauffeur dy't legertroepen hinne en werom farre moat.

Underwilens fiert fise-admiraal Halsey mei de USS Enterprise yn febrewaris 1942 in ferrassingsoanfal út op Japanske bases yn 'e Marshalleilannen. Dêrby skeakelet Dick Best mei in pear oare piloaten in Japansk fleanfjild út. Werom op 'e USS Enterprise wurdt it skip oanfallen troch Japanske Mitsubishi G3M "Nell"-bommesmiters. Ien troch it Amerikaanske loftdoelgeskut skansearre Nell besiket de Enterprise te reitsjen yn in selsmoardoanfal, mar ear't dat barre kin, sjit matroas Bruno Gaido de bommesmiter del mei it masinegewear fan in parkearre Douglas SBD Dauntless-dûkbommesmiter. It delkommende fleantúch hout de Dauntless mei ien fan syn wjukken midstwa, mar Gaido oerlibbet it ûnskansearre en kriget neitiid fan Halsey op slach in promoasje.

Yn april 1942 is de USS Enterprise belutsen by de Doolittle Raid, wêrby't 16 North American B-25 Mitchells fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften û.l.f. luitenant-kolonel Jimmy Doolittle yn 'e Stille Oseaan opstiigje fan it fleandekskip de USS Hornet om nei it ôflizzen fan 1.200 km de Japanske haadstêd Tokio en ferskate oare grutte Japanske stêden te bombardearjen. De fleantugen lânje neitiid yn Sina, dêr't de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch oan 'e gong is en Doolittle en syn mannen as bûnsgenoaten ynhelle wurde. Nei de Doolittle Raid, wannear't de Japanners beseffe dat harren heitelân net ûnoantaastber is foar fijannige oanfallen, kriget Yamamoto einlings tastimming om syn plan foar de ferovering fan Midway út te fieren.

Yn maaie 1942, nei't de Slach yn 'e Koraalsee yn in ympasse einige is, begjint de ôfdieling kryptology yn it Marinestasjon Pearl Harbor, dy't ûnder lieding stiet fan kaptein-luitenant-op-see Joseph Rochefort, Japanske berjochten te ûnderskeppen wêryn't ferwiisd wurdt nei in lokaasje mei de koade AF. Layton, dy't derfan oertsjûge is dat AF Midway wêze moat, hat dêroer in petear mei admiraal Nimitz, dy't him fertelt dat it haadkertier fan 'e Amerikaanske Marine, yn Washington, D.C., mient dat it ynstee om in plak earne yn it suden fan 'e Stille Oseaan giet. Nei't er Rochefort met hat, jout Nimitz him en Layton befel om harren Midway-teory te bewizen. Dat dogge se troch it Marineloftfeartstasjon Midway in falsk berjocht útstjoere te litten dat der swierrichheden binne mei de wettersuveringsynstallaasje. Mei't de Japanners de Amerikanen ôfharkje, komt dat letter yn 'e kodearre Japanske berjochten werom mei in ferwizing nei "AF", wat de teory fan Layton en Rochefort oangeande de identiteit fan "AF" befêstiget.

As risselwaasje foar de striid om Midway ropt Nimitz de USS Enterprise en de USS Hornet, de beide fleandekskippen fan fise-admiraal Halsey, werom út 'e Koraalsee. Ek de USS Yorktown fan skout-by-nacht Frank Jack Fletcher, dy't by de Slach yn 'e Koraalsee slim skansearre rekke is, wurdt oerbrocht nei Pearl Harbor. Dêr oarderet Nimitz dat it skip yn 72 oeren reparearre wêze moat, ek al moatte se it gat yn it fleandek tichtsje mei tripleks.

Wylst de tariedings foar de oankommende konfrontaasje mei de Japanske float yn folle gong binne, lit Best de moedfearren hingje nei't ien fan syn ûnderhearrigen, in piloat dy't it oan selsfertrouwen ûntbriek, by in needlottich ûngemak omkomt. Hy wurdt lykwols bemoedige troch de kommandant fan 'e loftgroep fan 'e USS Enterprise, luitenant-op-see C. Wade McClusky, mei wa't er earder omreden fan syn eigen dôfhûdigens net sa'n bêste relaasje ûnderhold. Ek mei Lindsey fermoedsoenet Best him, wêrnei't se mei feriene krêften de loftgroep ree meitsje foar de striid. Underwilens wurdt fise-admiraal Halsey troch Nimitz mei medysk ferlof stjoerd om't er in swier gefal fan hûdûntstekking oprûn hat. Yn syn plak wurdt tydlik skout-by-nacht Raymond A. Spruance beneamd.

Op 4 juny 1924 begjint de Slach by Midway wannear't bommesmiters fan 'e Japanske oanfalsfloat ûnder lieding fan fise-admiraal Nagumo in bombardemint útfiere op 'e Amerikaanske basis op Midway. Dat barren wurdt filme troch Hollywood-regisseur John Ford, dy't op dat stuit as kaptein-luitenant-op-see yn 'e reserve fan 'e Amerikaanske Marine op it eilân stasjonearre is. By de oanfal wurdt gâns skea oanrjochte, mar de lâningsbaan fan it fleanfjild bliuwt yntakt, sadat der noch gewoan bommesmiters lânje en opstiigje kinne.

In tsjinoanfal fan bommesmiters fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften fan Midway ôf op 'e fleandekskippen fan 'e Japanske float mislearret folslein, hoewol't ien delstoartend Amerikaanske fleantúch mar krekt de brêge mist fan 'e Akagi, it flaggeskip fan Nagumo. Nei't er op dy manear de dea yn 'e eagen sjoen hat, is Nagumo wisberet om by in twadde bombardemint foargoed mei it Marineloftfeartstasjon Midway ôf te weven. Hy lit dêrom de torpedo's, wêrmei't de helte fan syn fleantugen al tarist is, ferfange troch bommen foar lândoelen. Koarte tiid letter ûntdekt in Japansk wetterfleantúch, dat op in militêre ferkenningsmisje stjoerd is, lykwols de Amerikaanske float. Nagumo werropt dêrop syn eardere befel en lit syn fleantugen wer mei torpedo's en anty-skipsbommen útrisse. Underwilens fiert de Amerikaanske ûnderseeboat USS Nautilus om 'e nocht in oanfal út op in marineskip fan 'e Japanske float, wêrnei't er flechtsje moat en efterfolge wurdt troch de Japanske torpedoboatjager Arashi.

De Amerikanen binne de Japanske float ek gewaar wurden en skout-by-nacht Spruance stjoert syn fleantugen út om 'e fijannige fleandekskippen út te skeakeljen. Ferskate squadrons Amerikaanske torpedobommesmiters, wêrûnder dat fan Lindsey, fiere sûnder beskerming fan eskortearjende jachtfleanmasines in oanfal út op 'e Japanske fleandekskippen, mar wurde sûnder wat bedijd te hawwen delhelle troch it fijannige loftdoelgeskut en Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleantugen. Skout-by-nacht Tamon Yamaguchi beseft dat de Amerikaanske oanfallen, dy't by stikjes en brokjes komme, ynstee fan yn ien grutte weach, bedoeld binne om foar te kommen dat de Japanners harren bommesmiters op 'e Amerikaanske float ôf stjoere kinne. Hy rikkemandearret syn kommandant, fise-admiraal Nagumo, oan om 'e eigen fleantugen sa gau mooglik opstiigje te litten.

Underwilens binne ek de squadrons fan McClusky en Best ûnderweis nei de Japanske float. Om brânstof út te sparjen, fleane se sa heech dat de piloaten en harren radiolju anneks boardskutters in soerstofmasker drage moatte (om't der op dy hichte troch de ile lucht minder wjerstân is en de fleantugen sa minder brânstof ferbrûke om foarút te kommen). De soerstoftank fan Best blykt lykwols in ferkeard luchtmingsel te befetsjen, dat skea tabringt oan syn longen, sadat er bloed begjint op te hoastjen. Hy wegeret lykwols werom te kearen nei de USS Enterprise en set syn dielname oan 'e oanfal troch. Se kinne de fijannige skippen lange tiid net fine, oant McClusky it wite kylwetter fan 'e Arashi gewaar wurdt, dy't nei syn fergese efterfolging fan 'e USS Nautilus mei folle krêft yn in rjochte line opsteamt nei de rest fan 'e Japanske float.

Troch tafal arrivearje trije Amerikaanske squadrons Dauntless-dûkbommesmiters, wêrûnder dy fan McClusky en Best, by de Japanske float krekt op it stuit dat alle beskermjende Zero's troch in oare Amerikaanske oanfal fuortlokke binne nei it súdeastlike kwadrant fan 'e float. Mei inkeld it Japanske loftdoelgeskut om te ûntwiken, falle de squadrons fan McClusky en Best troch in ûnderlinge miskommunikaasje allebeide it fleandekskip de Kaga oan. As Best dy flater foar it ferstân kriget, lûkt er op om mei twa fan syn ûnderhearrigen ynstee in oanfal op 'e Akagi te begjinnen. Underwilens docht it trêde Amerikaanske squadron in wraam op 'e Sōryū. By de oanfallen fine foltreffers plak op alle trije Japanske fleandekskippen, dy't yn ljochte lôge komme te stean en al rillegau net mear te rêden blike te wêzen. Fise-admiraal Nagumo is twongen om syn flagge te ferpleatsen nei in kruser, mei't de trije fleandekskippen ûntromme wurde moatte.