thumb|It famyljewapen Van Swinderen (ek: Gerlacius van Swinderen en: De Marees van Swinderen) is in geslacht dêr 't leden fan sûnt 1817 ta de Nederlânske adel hearre.

Skiednis De stamrige begjint mei Johan van Swinderen dy 't om 1554 hinne berne waard, nei alle gedachten tinjitter en koperslagger wie, yn 1598 boarger fan Sutfen en dêr yn 1619 ferstoar. By Keninklik Beslút fan 27 desimber 1817 waarden twa leden fan it laach ferheft yn de Nederlânske adel.

In oantal telgen Prof. Theodorus van Swinderen (1784-1851), heechlearaar Jhr. Gerard Regnier Gerlacius van Swinderen (1804-1879), grytman en boargemaster Jhr. mr. Oncko Quirijn Jacob Johan van Swinderen (1812-1870), abbekaat Jhr. Jan Hendrik Frans Karel van Swinderen (1837-1902), lid fan de Twadde Keamer en fan de Earste Keamer Jhr. mr. Petrus Johannes van Swinderen (1842-1911), jurist en fisepresidint fan de Ried fan Steat Jhr. mr. Reneke de Marees van Swinderen (1860-1955), minister en diplomaat

Kategory:Nederlânsk aadlik laach