Johan van der Velde (Rijsbergen, 12 desimber 1956) is in earder Nederlânsk hurdfytser. De sprinter Van der Velde wie aktyf fan 1978 oant 1990 en naam trije kear as winner fan it punteklassemint de pearze trui fan de Omgong fan Itaalje mei nei hûs.

Karriêre Van der Velde, wie net allinnich in sprinter, mar ek in poerbêste klimmer, benammen yn it begjin fan syn karriêre. Yn 1980 wûn hy de Dauphiné Libéré, Dat selde jier wûn er it Nederlânsk kampioenskip. Ek yn 1982 waard er nochris Nederlânsk kampioen. Yn 1985 wie er de earste Nederlanner dy't it slagge it punteklassemint yn de Omgong fan Itaalje te winnen ek yn 1987 en 1988 naam Johan van der Velde de pearze trui mei nei hûs.

Nei it hurdfytsen Nei syn karriêre hie van der Velde te krijen mei in Amfetamine ferslaving; in karriêre as ynbrekker as gefolch fan syn ferslaving kaam him op in finzenis straf fan alve moanne te stean. Yn 2001 ferskynde in biografy oer Johan van der Velde Langs het Ravijn, Het veelbewogen wielerleven van Johan van der Velde skreaun troch sjoernalist Bart Jungmann, en Omrop Max stjoerde yn 2012 in dokumintêre út oer it libben fan Johan van der Velde. Ljouwerter Krante, 26-10-2001, Turbulent leven wielrenner zonder opsmuk opgeschrevenDagblad van het Noorden, 10-04-2012, Een leven van vallen en opstaan Fan 2015 hat er in oantal jierren sjauffeur west op de bussen fan Nederlânske ploegenVolkskrant, 1-11,2014, Johan van der Velde terug in wielerwereldje als buschauffeur.

Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 1979 - 14e; 1980 - 15px 12e; 1981 - 12e; winner 2e en de 21ste etappe 1982 - 3e; 1983 - net finisht; 1986 - 52ste; winner 5e etappe

Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1984 - 5e; 1985 - 15px 5e; 1986 - 16e; winner 19e etappe 1987 - 15px 9e; winner 15e en de 16e etappe 1988 - 15px 85ste; 1989 - net finisht;

Ploegen 1978-1983 - TI-Raleigh 1984 - Metauro Mobili 1985 - Vini Ricordi 1986 - Panasonic 1987 - Gis Gelati 1988 - GIS-Ecoflam 1988-1989 - TVM 1989 - Carrera Jeans 1990 - Artiach-Royal 1990 - Tulip

Kategory:Nederlânsk hurdfytser‎ Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1956