Erik Christiaan Breukink (Rheden, 1 april 1964) is in earder Nederlânsk hurdfytser. Breukink wie benammen in betûft tiidrider.

Karriêre Breukink begûn syn karriêre by de hurdfytsferiening R en TV de Zwaluwen út Doetinchem en helle dêr al gau suksessen. As junior toande Breukink foar de earste kear syn klasse, doe't er yn 1982 nasjonaal kampioen efterfolging waard. Tegearre mei Gert Jakobs, Maarten Ducrot en Jos Alberts naam hy diel oan de 100 km ploegetiidrit op de Olympyske Spullen yn Los Angeles. It Nederlânske kwartet behelle it fjirde plak. Yn 1985 wûn Breukink twa tiidritten yn Olympia's Tour, dernei tekene er syn earste kontrakt as profesjoneel hurdfytser by Skala. Yn 1986 stapte er oer nei de Panasonic ploeg. Yn de jierren dy't folgen wûn Breukink benammen tiidrit etappen en in tal berchetappen. Yn 1989 wûn Breukink de Prolooch fan de Omgong fan Frankryk en fytste ien dei yn de giele trui, datselde jier fytste hy ek fiif dagen yn de rôze liederstrui fan de Omgong fan Itaalje.

Erik Breukink stapte yn 1990 oer nei de PDM-ploech, yn 1991 ferlieten Breukink en de folsleine PDM- tagelyk de Omgong fan Frankryk, offisjeel as gefolch fan in fiedselfergiftiging troch it iten fan bedoarne hin. Nei't PDM yn 1992 útienfallen wie, tekene er in kontrakt by it Spaanske ONCE. Yn 1993 waard er krekt foar de Omgong fan Frankryk oanriden troch in auto. As gefolch dêrfan moast er mei problemen oan syn knibbel oerjaan. Letter dat jier fytste er nei in 7e plak yn it einklassemint fan de Omgong fan Spanje. Yn 1996 die er foar de twadde kear mei oan de Olympyske Simmerspullen hy waard 17e by de tiidrit en 45e yn de dykwedstriid. Yn 1997 stopte Breukink mei fytsen op heech nivo.

Nei it hurdfytsen Nei syn karriêre hie er earst in pr-funksje by de Rabobank ploech. Nei in jier stopte hy der alwer mei en waard kommentator by de NOS. Sûnt 2004 wie er ploechlieder fan de hurdfytsploech Rabobank. Fan 2010 oant en mei 2012 wie hy dêr technysk direkteur. Yn 2014 wie Breukink mei-oprjochter fan Team Roompot, dêr't er ek ploechlieder fan waard. De ploech hat oant en mei 2019 bestien.

Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 1987 - 21ste; winner 13e etappe 1988 - 15px 12e; 1989 - net finisht; winner prolooch 1990 - 3e; winner 12e en de 20ste etappe 1991 - net finisht; 1992 - 7e; 1993 - net finisht; 1994 - 29ste 1995 - 20ste 1996 - 34ste 1997 - 52ste

Dielname oan de Omgong fan Spanje 1992 - 27ste; winner 7e etappe 1993 - 7e; 1994 - 18e;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1986 - 71ste; 1987 - 3e; winner 1e etappe 1988 - 2e; winner 14e etappe 1989 - 4e; 1995 - 59ste;

Ploegen 1985 - Skala 1986-1989 - Panasonic 1990-1992 - PDM 1993-1995 - ONCE 1996-1997 - Rabobank

Kategory:Nederlânsk hurdfytser‎ Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer‎ Kategory:Nederlânsk sportferslachjouwer Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Feluwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1964