De Slach by Midway wie in grutte seeslach oan it Pasifyske Front fan 'e Twadde Wrâldoarloch, dy't plakfûn oer in perioade fan fjouwer dagen fan 4 oant en mei 7 juny 1942 by it atol Midway, yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Dizze slach waard útfochten in healjier nei de Japanske oerwinning by de Oanfal op Pearl Harbor en in moanne nei de Slach yn 'e Koraalsee, dy't op gelykspul útrûn wie. By de Slach by Midway die in float fan 'e Keizerlike Japanske Marine ûnder lieding fan 'e admiraals Isoroku Yamamoto, Chūichi Nagumo en Nobutake Kondō in wraam op it Amerikaanske Midway. De Amerikaanske Pasifyske Float, ûnder de admiraals Chester W. Nimitz, Frank Jack Fletcher en Raymond A. Spruance bûn de striid mei de Japanners oan en behelle in klinkende oerwinning by in treffen benoarden Midway dat fan beide kanten benammen útfochten waard mei loftoanfallen op 'e fijannige floaten, útfierd troch bommesmiters dy't opstige wiene fan fleandekskippen. De Japanske nederlaach yn 'e Slach by Midway wie foar de Alliëarden fan krúsjaal belang by it kearen fan it tij oan it Pasifyske Front. Yn 'e mande mei de Slach om Stalingrad yn Ruslân en de Twadde Slach by El Alamein yn Noard-Afrika wurdt dizze seeslach troch histoarisy beskôge as ien fan 'e trije wichtichste mominten út 'e Twadde Wrâldoarloch.
Foarskiednis Japan die op 7 desimber 1941 syn yntree yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei de Oanfal op Pearl Harbor, wêrby't hast alle slachskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float ferneatige waarden wylst hja foar anker leine yn it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaï. Nei't it dy earste swiere slach oan 'e Feriene Steaten útdield hie, berikte Japan mei gauwens syn earste strategyske doelen troch de ferovering fan 'e koloanjes yn Súdeast-Aazje fan 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Nederlân. Dêrby gie it om 'e Amerikaanske Filipinen, Britsk-Hongkong, Britsk-Malakka, Britsk-Singapoer, Britsk-Borneo en Nederlânsk-Ynje. Fral dat lêste gebiet, mei syn mânske ierdoaljefoarrieden, wie foar de Japanners fan grut belang; de restearjende feroverings wiene fral bedoeld om 'e rûte feilich te stellen dy't de oalje fan Nederlânsk-Ynje nei Japan ta ôflizze moast.
Nei dat tige ûnthjittend begjin fan 'e striid begûn de plannemakkerij foar de twadde faze fan 'e Japanske militêre operaasjes al yn jannewaris 1942. Mar omreden fan strategyske ûniennichheden tusken it Keizerlike Japanske Leger en de Keizerlike Japanske Marine, en troch ûnderlinge yntriizjes binne de Keizerlike Marine tusken it Keizerlik Algemien Haadkertier en de Kombinearre Float fan admiraal Isoroku Yamamoto duorre it oant yn april fan dat jier foar't de nije plannen fêste foarm begûnen te krijen. Om 'e stipe fan it Leger te krijen, stimde de Marine ta yn it ûnderstypjen fan in ynvaazje fan 'e Feriene Steaten, wêrby't yn 'e Aleoeten fan it Amerikaanske Territoarium Alaska de eilannen Attu en Kiska beset waarden. De skippen dy't dêrfoar nedich wiene, koene doe fansels net oars ynset wurde foar de eigen plannen fan 'e Marine. Wat dy plannen oangie loek Yamamoto úteinlings oan it langste ein mei in mar kwealk bedutsen drigemint om ûntslach te nimmen, wêrnei't syn plan foar de ferovering fan 'e sintrale Stille Oseaan oannommen waard.
It primêre doel fan Yamamoto wie de útskeakeling fan 'e fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, dy't er beskôge as de wichtichste bedriging fan alle Japanske doelen. Dy wiene ntl. troch stom tafal ûntkommen oan 'e ferneatiging fan 'e Amerikaanske float yn Pearl Harbor om't se op it stuit fan 'e Japanske ferrassingsoanfal krekt allegearre op patrûlje wiene. Yn 't earstoan maalden de Japanners dêr net bot om, mei't se, lykas eltsenien doedestiden, de slachskippen as it gefaarlikst beskôgen. Mar geandewei de Pasifyske Oarloch die bliken dat de slachskippen, hoewol tige ymposant, eins al folslein efter de tiid rekke wiene. Fleandekskippen hiene de takomst en it wie de ynset fan fleandekskippen dêr't de oarloch yn 'e Stille Oseaan mei wûn of ferlern wurde soe.
It besef fan it gefaar dat de Amerikaanske fleandekskippen ynholden, krong yn Japan troch doe't de Amerikanen op 18 april 1942 de saneamde Doolittle Raid útfierden, wêrby't it sechstjin B-25 Mitchell-bommesmiters slagge om, troch op te stiigjen fan it fleandekskip de USS Hornet, Tokio en oare grutte Japanske stêden te bombardearjen. Strategysk helle dat bombardemint net folle út, mar psychologysk dielden de Amerikanen der in flinke klap mei út. Yn maaie 1942 einige de Slach yn 'e Koraalsee yn in ympasse: de Japanners brochten ien Amerikaansk fleandekskip ta sinken en skansearren in oarenien swier en boekten dêrmei in taktyske oerwinning, mar de Amerikanen brochten de Japanske opmars yn 'e Stille Súdsee ta stean en koene dêrom oanspraak meitsje op 'e strategyske oerwinning. Yn elts gefal waard by dat treffen foar alle saakkundigen dúdlik hoe'n wichtige rol fleandekskippen tenei yn 'e striid op see spylje soene.
It Japanske oanfalsplan It probleem foar de Japanners wie dat de Amerikanen ek wisten hoe weardefol oft harren fleandekskippen wiene, en dat makke harren tsjinnich om 'e skippen yn te setten foar grutte seeslaggen salang't de nije fleandekskippen dy't op 'e Amerikaanske skipswerven boud waarden, noch net klear wiene. Admiraal Yamamoto ornearre, in nije oanfal op Pearl Harbor soe perfoarst genôch wêze om 'e Amerikanen derta te bringen de fleandekskippen yn te setten. Om't de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften op 'e Hawaï-eilannen sûnt de (earste) Oanfal op Pearl Harbor lykwols gâns fuortsterke wiene, fûn er sa'n nije oanfal te riskant. Ynstee keas er foar dy oanfal Midway út, in ûnbewenne atol oan 'e noardwestlike útein fan 'e Hawaïaanske eilannekeatling, op in ôfstân fan 2.100 km fan 'e Hawaïaanske haadstêd Honolulu. Midway hie in Amerikaansk militêr garnizoen besteande út leden fan 'e Amerikaanske Marine, de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften en it Amerikaanske Marinierskorps. Der wie in fleanfjild foar lânbommesmiters en in basis foar dûkboaten fêstige, dy't mei-inoar it Marineloftfeartstasjon Midway foarmen. Yamamoto wie fan miening dat de Amerikanen Midway as in basis fan fitaal belang beskôgen en der foar fjochtsje wolle soene, en dêr hied er gelyk oan.
It plan fan Yamamoto foar de Slach by Midway, dat de koadenamme 'Operaasje MI' krige, wie, lykas de measte Japanske oarlochsplannen út dy tiid, tige yngewikkeld. It stipe op 'e soarchfâldige en tidige koördinaasje fan ferskate floatgroepen oer in ôfstân fan hûnderten kilometers fan iepen see. Mar dat wie net wêr't de plannen misbetearden. Ynstee wiene it de optimistyske útgongspunten fan Yamamoto dy't syn eigen plannen ûndergroeven. Yamamoto tocht dat de USS Enterprise en de USS Hornet de iennichste oerbleaune fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float wiene. Yn 'e Slach yn 'e Koraalsee wie de USS Lexington ta sinken brocht, wylst de USS Yorktown sa slim skansearre rekke wie dat de Japanners der wis fan wiene dat dy úteinlik ek sonken wie. Mar eins wie de USS Yorktown nei Pearl Harbor ta kreupelskonke, dêr't mei tûzen hasten provisoaryske reparaasjes útfierd waarden. Sa koe it skip foar de Slach by Midway wer mei de rest fan 'e float útfarre. In oar fout útgongspunt wie de Japanske oertsjûging dat it moreel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften en de Amerikaanske befolking yn it algemien nei in hiele rige nederlagen tsjin 'e Japanners wol tige leech wêze moast. Ynstee wiene de Amerikanen fral poerrazen oer de Oanfal op Pearl Harbor, dy't se as in ferriedlike oarlochsmisdie beskôgen, en se wiene wisberet om 'e Japanners lytsman te meitsjen, al hoe lang't it ek duorje mocht foar't dat slagge.
Yamamoto ornearre dat der ferlet wie fan bedroch om 'e Amerikaanske Pasifyske Float by Midway yn in fatale mûklaach te lokjen. Om dat te berikken, ferdielde er syn skippen oer ferskate striidgroepen om syn wiere sterkte foar de Amerikanen geheim te hâlden oant it te let wie. Sels joech er lieding oan 'e ûnderstypjende kloft fan 5 slachskippen, 2 lichte fleandekskippen, 4 swiere krusers, 2 lichte krusers en likernôch 35 oare marineskippen, dy't op in ôfstân fan ferskate hûnderten kilometers efter de haadfloat fan fise-admiraal Chūichi Nagumo oan kamen. Nagumo fierde it befel oer 4 fleandekskippen, 2 lichte slachskippen, 2 swiere krusers, 1 lichte kruser en 12 torpedoboatjagers. It wie de bedoeling dat de slachskippen fan Yamamoto de Amerikaanske float ôfmeitsje soene nei't de fleandekskippen fan Nagumo de Amerikanen genôch ferswakke hiene foar in striid mei de skipskanonnen by ljochtskyndei. Yn dy taktyk (dy't doedestiden frij normaal wie) is noch altyd de foarkar te sjen dy't oan slachskippen boppe fleandekskippen jûn waard. Wat Yamamoto-en-dy net wisten, wie dat de Amerikanen dielen fan 'e kryptografyske koade fan 'e Keizerlike Japanske Marine ûntsifere hiene, sadat se fan it begjin ôf oan op 'e hichte wiene fan in protte details fan it Japanske oanfalsplan. De ferdieling fan Yamamoto syn float oer ferskate, fier útinoar farrende striidgroepen betsjutte dat net ien fan dy striidgroepen yn 'e posysje wie om in oarenien te stypjen as dy oanfallen waard.
Uteinlik setten de Japanners mar fjouwer fleandekskippen yn: de Kaga en de Akagi, tegearre de 1e Fleandekskip Difyzje, en de Sōryū en de Hiryū, dy't de 2e Fleandekskip Difyzje foarmen. Mei-inoar hiene dy fjouwer skippen 248 fleantugen oan board, wêrûnder Aichi D3A "Val"-dûkbommesmiters, Nakajima B5N2 "Kate"-torpedobommesmiters en Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleantugen. Om in ferskaat oan redens wie de produksje fan 'e "Val" drastysk beheind, wylst de "Kate" hielendal net mear produsearre waard. Dat betsjutte dat der amper noch útfallen fleantugen ferfongen wurde koene en dat de fleandekskippen minder fleantugen as normaal meifierden.
In fyfde fleandekskip, de Shōkaku, wie yn 'e Slach yn 'e Koraalsee slim skansearre rekke en soe noch moannenlang yn in drûchdok lizze om reparearre te wurden. In sechsde fleandekskip, de Zuikaku, wie ûnskansearre út deselde striid kommen, mar hie suver de helte fan syn fleantugen ferlern en lei yn 'e haven fan Kure, by Hiroshima, te wachtsjen op nije fleanmasines en piloaten. Dat dy net daliks beskikber wiene, is in teken dat Japan yn dat iere stadium fan 'e oarloch de ferliezen al net byhâlde koe. Neffens histoarisy hie de Zuikaku mei in frijwol folslein komplemint fleantugen oan 'e Slach by Midway meidwaan kinnen as de fleantugen en piloaten fan 'e Shōkaku dy't de Slach yn 'e Koraalsee oerlibbe hiene, tydlik nei de Zuikaku oerpleatst wurden wiene. Mar dat hie tsjin 'e Japanske militêre doktrine yngien, dy't úthold dat in fleandekskip en syn fleantugen en piloaten ien ienheid foarmen dy't net útinoar helle wurde koene. (De Amerikaanske Marine, dêrfoaroer, beskôge fleantúchsquadrons as losse komponinten dy't frij tusken fleandekskippen hinne en wer skood wurde koene.)
De Amerikaanske ferdigening Om it winne te kinnen fan in fijân dy't seis fleandekskippen yn 'e striid smite koe, moast admiraal Chester W. Nimitz, de Amerikaanske befelhawwer yn 'e Stille Oseaan, elts beskikber eigen fleandekskip risse. Hy hie de beskikking oer de USS Enterprise en de USS Hornet, de beide fleandekskippen fan Taakgroep 16 fan fise-admiraal William Halsey, hoewol't Halsey sels yn it sikehûs lei mei earnstige hûdûntstekking en ferfongen wurde moast troch skout-by-nacht Raymond A. Spruance. In trêde fleandekskip, de USS Saratoga, wie lykwols foar reparaasjes ôffierd nei de Amerikaanske westkust en koe sa gau it striidtoaniel net wer berikke.