thumb|260px|hantekening Aristide Cavaillé-Coll (berne yn Montpellier op 4 febrewaris 1811 – ferstoarn yn Parys op 13 oktober 1899) wie in Frânsk oargelbouwer. Hy wurdt as de ynfloedrykste oargelbouwer fan de 19e iuw beskôge. Syn grutste en bekendste oargel stiet yn 'e Saint-Sulpice yn Parys. Dat oargel mei 100 registers en fiif manualen bleau oant de dei fan hjoed yn de oarspronklike steat bewarre en stiet op de nominaasje om opnommen te wurden yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Libben De Cavaillé-Coll dynasty Op 12 febrewaris 1767 boaske Jean-Pierre Cavaillé út in weversskaai mei de sylmakkersdochter Maria-Francesca Coll út Barselona. Harren neiteam droech tenei de namme Cavaillé-Coll. In omke fan Jean-Pierre, Gabriel Cavaillé út Toulouse, learde Jean-Pierre it ambacht fan 'e oargelbou. Syn soan, Dominique Cavaillé-Coll (1771-1862) waard ek oargelbouwer, lykas dy syn soannen Vincent en Aristide. It famyljebedriuw boude fral oargels yn Súdwest-Frankryk en yn Kataloanje.
Jonge jierren Mei troch oarloggen en revolúsjes moast de famylje Cavaillé-Coll wikseljend yn Frankryk en Spanje wenje. Yn 1827 sette de famylje him yn Toulouse nei wenjen. De bruorren Vincent en Aristide holpen harren heit Dominique Cavaillé-Coll regelmjittich by syn wurk as oargelbouwer. Yn 'e âldens fan 16 jier sette Aristide yn Toulouse útein mei de oplieding 'Enseignement de Géométrie et de Mécanique appliqué aux Arts et professions industrielles' fan 'e arsjitekt Urbain Vitry (1802-1863). De oplieding wie útsoarte technysk; Aristide krige fral les fan ingenieurs en natuerkundigen en Aristide die û.o mei oan de ûntwikkeling fan in nij model sirkelseage.
Tegearre mei syn heit en syn broer ûntwikkele Aristide yn 'e jierren 1840 it Poïkil-oargel, in lyts type harmoanium. It nije oargel makke djippe yndruk op de ferneamde Italiaanske komponist Gioacchino Rossini, dy 't foar de útfiering fan de opera Robert le Diable fan Giacomo Meyerbeer yn 1832 yn Toulouse wie. Mei tank oan de stipe dêrnei fan de politikus Adolphe Thiers krige Aristide mei syn folk yn 1833 de kâns om de kwaliteit fan harren oargelbou ûnder it omtinken fan it publyk yn Parys te bringen.
Parys Yn Parys sette Aristide Cavaillé-Coll him yn 'e Faubourg Saint-Germain oan de Quai Voltaire 11 nei wenjen. De jonge skilder Eugène Delacroix hierde ek in keamer yn it gebou. Adolphe Thiers wie yntusken minister woarn en yntrodusearre de twa jonge manlju yn 'e kulturele boppelaach fan Parys, dêr't in soad frijmitselders tusken sieten. Doe't it atelier oan de Quai Voltaire te lyts waard, ferhûze Cavaillé-Coll nei de rue Notre-Dame-de-Lorette. thumb|left|De oargelmakkerij yn Parys Aristide's heit Dominique wist dat der in nij oargel nedich wie foar de katedraal fan Saint-Denis en dat waard de earste grutte opdracht yn Parys. Tegearre mei syn heit en syn broer krige Aristide dêrnei de iene nei de oare opdracht, net allinne yn Parys mar ek yn oare Frânske plakken.
Cavaillé-Coll ferhûze noch trije kear yn Parys. Syn bekendste atelier yn 'e Avenue du Maine 13-15 wie in âld stedspaleis, dat er ek brûkte om te eksposearjen. It bedriuw fan Cavaillé-Coll wie tige bekend, yn Parys mar ek ûnder komponisten. Sa bestelden Eugène Gigout en Charles Gounod alle twa in stúdzjeoargel by it bedriuw. Ek de Frânske adel wie klant en Cavaillé-Coll waard jimmeroan ferneamder, sadat er ek bûten Frankryk namme krige en de opdrachten sels fan bûten Europa kamen.
Cavaillé-Coll stie ek bekend om syn finansjele swierrichheden. Hy hold him fral dwaande mei de oargelboukeunst en de sinteraasje krige dêrby minder omtinken. De keunst fan syn ynstruminten, dy't syn gelikense yn dy tiid net hie, wie net genôch om it besteansrjocht fan syn bedriuw te garandearjen. It bedriuw waard yn 1898, flak foar syn dea, troch Charles Mutin oernommen. Mutin gie troch mei de oargelbou, mar troch ferskillende oarsaken moast Mutin yn 1924 it atelier ferkeapje en tsjin it ein fan 'e jierren 1940 wie it dien mei de oargelbou fan it bedriuw.
Nei de oerdracht fan it bedriuw ferhûze Cavaillé-Coll mei syn dochter Cécile nei de Rue du Vieux-Colombier, yn 'e buert fan 'e Saint-Sulpice. Hy ferstoar op 13 oktober 1899 yn 'e âldens fan 88 jier en waard begroeven op it begraafplak fan Montparnasse.
Oargelbou Cavaillé-Coll hie yn syn tiid al namme makke om de kwaliteit fan syn oargels. Hy wie in master yn 'e bou fan saneamde symfoanyske oargels, dy't de klank fan ôfsûnderlike ynstruminten en ensembles ferfange koe. De oargels fan Cavaillé-Coll foarmen yn 'e 19e iuw foar komponisten as Charles-Marie Widor en Louis Vierne de ynspiraasje foar it skriuwen fan oargelsymfonieën.
De oargels fan Cavaillé-Coll hawwe in klank dy't tagelyk stevich helder als djip wêze kin. Dat effekt foege er fral ta yn syn lettere wurk troch hast gjin aliquoten mear te bouwen, wêrmei it oargel faak syn typyske drokke mingde klank ferliest. Fan de klassike oargelregisters bewarre er allinne de kornet, dy't tige geskikt is as solostim. Dêrnjonken mocht Cavaillé-Coll foar in ekstra folle klank graach oer in 16' op it haadwurk en oer sêfte heldere tongewurken lykas de hautbois 8'.
Cavaillé-Coll ûntwurp in goede kwaliteit mensueren mei in unike klankkleur. By in soad fan syn oargels hat elts klavier in eigen karakter. Dat wurdt û.o. mooglik makke troch in aparte wyndruk foar elts klavier.
List fan oargels fan Cavaillé-Coll (net folslein) Parys thumb|Oargel Saint Sulpice, Parys thumb|Oargel Notre Dome, Parys thumb|Haadoargel Basilica Saint Denis 1838: Église Notre-Dame-de-Lorette 1841: Katedraal fan Saint-Denis 1842: Église Saint-Roch de Paris 1846: Église de la Madeleine 1852: Église Saint-Vincent-de-Paul de Paris (haadoargel) 1853: Église Saint-Vincent-de-Paul de Paris (koeroargel) 1853: Panthéon 1853: Église Notre-Dame du Val-de-Grace 1858: Église Saint-Louis-d'Antin 1859: Basilique Sainte-Clotilde 1862: Église Saint-Sulpice 1868: Cathédrale Notre-Dame de Paris 1868: Église de la Sainte-Trinité de Paris 1874: Église Notre-Dame-de-la-Croix de Ménilmontant 1878: Exposition universelle, palais du Trocadéro 1880: Église réformée de l'Étoile 1894: Église Saint-Antoine-des-Quinze-Vingts (yn 1909 ferhûze nei de Église de Saint-Antoine) 1919: Sacré-Coeur de Montmartre Basilica
Frankryk bûten Parys thumb|Abbaye aux Hommes, Caen thumb|Haadoargel katedraal fan Nancy 1837: in tydlik koeroargel yn 'e katedraal van Orléans (ferfongen yn 1846) 1848: Église Saint-Paul yn Nîmes 1849: Katedraal fan Ajaccio 1852: Église Notre-Dame Etretat 1853: Katedraal fan Saint-Omer 1857: Katedraal fan Luçon 1857: Église Sainte-Croix yn Saint-Servan 1857: Basilique Notre-Dame de Bonsecours in Bonsecours 1858: Collégiale Saint-Hippolyte yn Poligny 1860: Katedraal fan Carcassonne 1860: Katedraal fan Belley 1861: Katedraal fan Nancy 1861: Église Collégiale de Saint-Michel, Castelnaudary (ferbou fan in oargel fan Jean-Pierre Cavaillé) 1862: Katedraal fan Bayeux 1864: Église de l'Immaculé-Conception yn La Grand-Combe 1866: Église Notre-Dame-du-Bourg yn Rabastens (Tarn) 1868: Église Notre-Dame yn Épernay 1868: Église Saint-Joseph yn Marseille 1869: Chapelle du lycée Notre-Dame de Mongré yn Villefranche-sur-Saône 1874: Katedraal fan Lisieux 1874: Katedraal fan Rennes 1876: Katedraal fan Lavaur 1880: Église Saint-François-de-Sales yn Lyon 1880: Katedraal fan Orléans 1883: Katedraal fan Sées 1885: Église Sainte-Croix, Saint-Servan 1885: Abbaye aux Hommes, Caen 1885: Église Saint-Étienne, Caen 1889: Église Saint-Léon, Nancy 1889: Katedraal fan Amiens 1889: Basilique Saint-Sernin, Toulouse 1890: Église Saint-Ouen (Rouen), Rouen 1897: Église Notre-Dame, Vimoutiers 1898: Kastiel fan Ilbarritz (boud foar baron Albert de l'Espée; sûnt 1913 stiet it oargel yn de Sacré-Coeur-basilyk fan Parys) 1903: Église Notre-Dame de l'Assomption, Metz
Nederlân thumb|Koeroargel Bonifatiustsjerke, Ljouwert 1865: Nunspeet: Ned. Herf. Sionstsjerke (oarspronklik boud foar it Redemptoaristenkleaster fan Antwerpen) 1875: Haarlim: Oargel fan de Filharmony (oarspronklik boud foar it Amsterdamske Paleis foar Folksflyt) 1879 Amsterdam: Begynhôfkapel fan de HH Jehannes en Ursula 1881: Amsterdam-West: Kapel fersoargingssintrum Nieuw Vredenburgh (oarspr. boud foar de Star, letter de Sint-Augustinustsjerke oan de Postjesweg) 1885: De Haach: Waalske Tsjerke 1886: Ljouwert: Sint-Bonifatiustsjerke (koeroargel dat oarspronklik boud waard foar de Katolike Skoallemienskip De Breul yn Katwyk)Side oer Frânske oargels yn Nederlân, oproppen 22 augustus 2023
Kategory:Frânsk oargelbouwer Kategory:Oksitaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1811 Kategory:Persoan stoarn yn 1899