Chris Anker Sørensen (Hammel, 5 septimber 1984 - Dudzele, 18 septimber 2021) wie in Deensk hurdfytser. Hy wûn yn 2010 in etappe yn de Omgong fan Itaalje, en wûn yn 2015 it Deenske kampioenskip.
Karriêre Hy wurke foaral as knecht, mar gie soms ek foar eigen kânsen; sa wûn er etappes yn de Dauphiné Libéré en de Omgong fan Eastenryk. It hichtepunt yn syn karriêre wie de oerwinning yn de 8ste etappe yn de Omgong fan Itaalje 2010.
Yn de Omgong fan Frankryk 2012 rûn Sørensen in blessuere oan syn hân op yn de lêste Pyreneeënetappe nei Peyragudes. Hy siet yn de kopgroep doe't er nei de top fan de Col des Ares in ferdwaalde krante út syn foartsjil lûke woe. Sørensen krige syn fingers tusken de speaken, wêrby't er in protte bloed ferlear. Hy wist de Omgong te einigjen as 14e yn it einklassemint. Yn dy Omgong makke er yndruk troch yn meardere ûntsnappingen mei te sitten, wêrtroch't er ferkeazen waard ta de striidlustichste hurdfytser
Yn 2016 die er mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Rio de Janeiro, dêr't er 60ste waard yn de dykwedstriid. Sørensen stopte ein 2018 mei hurdfytsen op heech nivo.
Nei syn karriêre as profesjoneel hurdfytser waard er kommentator foar de Deenske telefyzje. Yn septimber 2021 wie er yn Belgje om ferslach te dwaan fan it Wrâldkampioenskippen, doe't er in dei foardat it kampioenskip begûn, yn it doarp Dudzele mei syn fyts yn botsing kaam mei in bestelwein. Chris Anker Sørensen oerlibbe it ûngelok net, hy ferstoar yn 'e âldens fan 37 jier.
Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 2009 - 34e; 2010 - 69e; 2011 - 37e; 2012 - 15px 14e; 2016 - 84e;
Dielname oan de Omgong fan Spanje 2007 - 19e; 2011 - 12e; 2013 - 18e; 2014 - 29e;
Dielname oan de Omgong fan Itaalje 2008 - 28e; 2010 - 27e; winner 8ste etappe 2014 - net finisht;
Ploegen 2005 - CSC 2006 - Designa Køkken 2007-2008 - CSC 2009-2012 - Saxo Bank 2013-2015 - Tinkoff-Saxo 2016 - Fortuneo 2017-2018 - Riwal
Kategory:Deensk hurdfytser Kategory:Deensk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1984 Kategory:Persoan stoarn yn 2021