Erik Zabel (Berlyn, 7 july 1970) is in earder Dútsk hurdfytser, hy wûn seis kear it punteklassemint yn de Omgong fan Frankryk, en trije kear it punteklassemint yn de Omgong fan Spanje.
karriêre De spesjaliteit fan Erik Zabel wie de massasprint, mar hy stie bekend as ien fan de pear hurdfytsers fan syn generaasje dy't it hiele seizoen troch op heech nivo prestearren. Winterdeis bleau er fytsen op de baan. Hy wie fjouwer kear de bêste yn Milaan-San Remo; 1997, 1998, 2000, 2001. Yn 2000 wûn er de Amstel Gold Race. Parys-Tours, de neijiersklassiker dy't yn de aginda fan sprinters omsirkele stiet, skreau Zabel trije kear op syn namme. Yn totaal behelle er yn syn karriêre 213 oerwinningen en in pak mear poadiumplakken. Hy naam fan 1996 oant en mei 2001 seis kear de griene trui fan de Omgong fan Frankryk mei nei hûs in rekôr dat stean bleau oant 2019 doe't de Slowaak Peter Sagan foar de sânde kear it punteklassemint wûn.
Zabel die fjouwer kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1992, 1996, 2000 en 2004).
Yn 2008 besleat de súksesfolle sprinter op te hâlden mei hurdfytsen op heech nivo.
Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 1994 - net finisht; 1995 - 90ste; winner 6e en de 17e etappe 1996 - 15px 82e; winner 3e en de 10e etappe 1997 - 15px 66e; winner 3e, 7e en de 8ste etappe 1998 - 15px 62ste; 1999 - 15px 89ste; 2000 - 15px 61ste; winner 20ste etappe 2001 - 15px 96ste; winner 1e, 3e en de 19e etappe 2002 - 82ste; winner 6e etappe 2003 - 107ste; 2004 - 59ste; 2006 - 86ste; 2007 - 79ste; 2008 - 43ste;
Dielname oan de Omgong fan Spanje 2001 - 86e; winner 2e, 3e en de 4e etappe 2002 - 15px 69e; 2003 - 15px 72ste; winner 10e en de 11e etappe 2004 - 15px 43ste; 2005 - 62ste; 2006 - 62ste; winner 4e en de 21ste etappe 2007 - 73ste; winner 7e etappe 2008 - 49ste;
Dielname oan de Omgong fan Itaalje 2005 - 63ste; 2008 - 80ste;
Ploegen 1991 - Die Continentale 1992 - Union Fröndenberg 1993-2003 - Telekom 2004-2005 - T-Mobile Team 2006-2008 - Milram
Kategory:Dútsk hurdfytser Kategory:Dútsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1970