thumb|Alet Schouten (1971) Alet Schouten (Westkapelle, 1 septimber 1917 – Heemstede, 23 jannewaris 1995) wie in Nederlânske skriuwster fan benammen berneboeken.
Schouten folge in tekenoplieding oan de Kunstnijverheidsschool Quellinus yn Amsterdam. Se ûntduts dat se har tekeningen makliker publisearre krige as der in ferhaal by siet. Nei har debút yn it tydskrift Taptoe wûn se mei itselde ferhaal, Het teken van Wichart, in priisfraach foar auteurs dy 't noch net yn boekfoarm publisearre hiene.
Schouten hie in soad niget oan skiednis, archeology, myten en sêgen. In grut tal fan har ferhalen spilje dêrom yn it ferline. Se hie in foarkar foar ferhalen yn Europa oant it jier 1000 (boeken as: De zeeridder en Het vege kolkje), mar ek de 17e en de 19e iuw. Har gefoelichheid foar tekens út de natuer docht bliken út de boeken dy 't yn de takomst spylje (lykas Het Varenwoud). Sterk autobiografysk binne de ferhalen oer Yndonezië, dêr 't se in grut part fan har jonkheid trochbrocht (lykas Zoete meisjes en een tijger). Katteferhalen (lykas Het huis van Roos en Lap) nimme yn har oeuvre in apart plak yn.
Bibliografy 1969 - Het teken van Wichart 1970 - De mare van de witte toren (Gouden Griffel) 1970 - De zeeridder 1971 - De wateren van Finn 1971 - De zomer van de staartstar 1972 - In de greep van de citroenzucht 1973 - De stederedders 1974 - Iolo komt niet spelen (Gouden Griffel) 1975 - De tinnen huzaar 1975 - Huon en de ganzenjonkvrouw 1976 - Het vege kolkje 1977 - Kantjil, dwerghert bij het Tobameer 1978 - Het huis van Roos en Lap (Sulveren Griffel) 1978 - Het Varenwoud 1979 - De hertesprong 1979 - De wilg aan het begin van de wereld 1980 - Het erf van Roos en Lap 1980 - Het pad van de Wildeman 1981 - De vier wezen 1982 - De vrouw met de hondekar 1982 - Van Hector die een kater was 1983 - Gina 1984 - De molen en de Boeseknor 1984 - Tonkie in de wildernis 1986 - Rokus en het tiende leven 1986 - Zoete meisjes en een tijger 1987 - De kikkerbruid 1988 - De komst van de Katteturk 1989 - Jan Teerkoper
Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Siuwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1917 Kategory:Persoan stoarn yn 1995