TheWrap (skreaun sûnder spaasje) is in Amerikaansk online-tydskrift dat ferslach docht fan 'e entertainmentsektor, yn 't bysûnder fan 'e filmyndustry fan Hollywood. It wol sawol in nijsplatfoarm foar bûtensteanders wêze as in fakblêd foar ynwijden. It waard yn 2009 oprjochte troch sjoernaliste Sharon Waxman.

TheWrap hat ferskate prizen wûn, wêrûnder guon foar syn webside, lykas de SoCal Journalism Award ("SoCal" is in ôfkoarting foar Southern California) en de National Arts and Entertainment Journalism Award. Ek de fotografy fan TheWrap en it bloch fan Waxman binne bekroane.

Keppelings om utens Offisjele webside fan TheWrap

Kategory:Amerikaansk entertainmenttydskrift Kategory:Amerikaansk fakblêd Kategory:Ingelsktalich online-tydskrift Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 2009 Kategory:Amerikaansk webstee Kategory:Ingelsktalich webstee Kategory:Webstee oprjochte yn 2009