Federico Martín Bahamontes (Santo Domingo, 9 july 1928 – Valladolid, 8 augustus 2023), bynamme De Earn fan Toledo, wie in Spaansk hurdfytser. Hoewol't berne as Federico Martín, brûkte er wilens syn Karriêre op de fyts de efternamme fan syn mem, Bahamontes. Yn 1959 waard er de earste Spaanske winner fan de Omgong fan Frankryk.
Karriêre Yn 1959 wûn er de Omgong fan Frankryk. Boppedat einige er yn 1963 en 1964 as twadde, respektyflik tredde yn it einklassemint. Hy wie in erkend klimmer, mei as bynamme De Earn fan Toledo. Hy ferovere seis kear it berchklassemint yn de Omgong fan Frankryk: yn 1954, 1958, 1959, 1962, 1963 en 1964. Yn totaal hat er sân etappes yn de Tour wûn.
Yn 1957 einige er as twadde yn it einklassemint fan de Omgong fan Spanje. Yn dat jier en it jier dêrop wûn er boppedat it berchklassemint fan dy omgong. Hy helle twa etappe-oerwinningen yn de Vuelta.
Ek it berchklassemint fan de Omgong fan Itaalje hat er wûn: yn 1956. In jier letter wûn er in rit yn de Giro.
Federico Bahamontes ferstoar op 8 augustus 2023, yn 'e âldens fan 95 jier.
Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk
1954 - 15px 25e; 1956 - 4e; 1957 - net finisht; 1958 - 15px 8e; winner 14e en de 20ste etappe. 1959 - 15px 15px 1e; winner 15e etappe. 1960 - net finisht; 1962 - 15px 14e; winner 13e etappe. 1963 - 15px 2e; winner 15e etappe. 1964 - 15px 3e; winner 8ste en de 16e etappe. 1965 - net finisht;
Dielname oan de Omgong fan Spanje 1955 - 21e; 1956 - 4e; 1957 - 15px 2e; winner 3e etappe. 1958 - 15px 6e; 1959 - net finisht; winner 4e etappe. 1960 - net finisht; winner 13e etappe. 1965 - 10e
Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1956 - 15px net finisht; 1958 - 17e; winner 4e etappe. 1961 - net finisht;
Ploegen 1954 - Mondia 1955 - Terrot-Hutchinson 1956 - Girardengo-ICEP 1957 - Mobylette-Caobania 1958 - Faema 1959 - Condor 1960 - Faema 1961 - VOV 1962-1965 - Margnat-Palona
Kategory:Spaansk hurdfytser Kategory:Kastyljaansk persoan Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2023