thumb|175px|It nôtpakhûs Friesland (1912) oan de Aweg en it Hoendjip yn Grins (2010) Tonnis Holthuis (Nieuwe Pekela, 23 maart 1880 - Grins, 26 desimber 1937), yn de literatuer faak oantsjut mei T. Holthuis, wie in Nederlânske arsjitekt.
Hy wie de âldste soan fan K.H. Holthuis (1852-1942), dy 't ek arsjitekt wie en dêr 't er geregeld mei op arbeide. It troch harren ûntwurpen nôtpakhûs Friesland oan de Aweg yn Grins is sûnt 1995 in ryksmonumint. Hy ûntwurp ek yn 1925 de filla Sara-Anna oan de Verlengde Hereweg 184, njonken de earder troch syn heit Kornelis ûntwurpen filla Honk op nûmer 186.
Holthuis ferstoar op twadde krystdei 1937 yn de âldens fan 57 jier en waard beïerdige op it Esserveld
Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1880 Kategory:Persoan stoarn yn 1937