Sjouke Heins (Slochteren, 18 oktober 1943 - Grins, 26 novimber 2020) wie in Nederlânske keunstskilder.
Biografy Heins folge fan 1960 ôf oan in oplieding oan de Akademy Minerva te Grins. Hy makke lito's, seefdrukken, tekeningen en skilderijen yn in realistyske styl, faak ek mei surrealistyske kombinaasjes fan eleminten. Benammen de Grinslanner kij en loften binne in weromkommend tema yn syn wurk.
Fan 1965 oant 1967 eksploitearre er mei syn broer Galery Heins yn Grins, dy't him benammen rjochte op de promoasje fan jong Grinzer talint. Fan de iepeningen fan eksposysjes waarden faak bysûndere happenings makke. Sa waard yn novimber 1967 in eksposysje mei wurk fan Ger Siks, Wim van Veen, Olga Wiese, Henri de Wolf en Sjouke Heins iepene troch de ferneamde strjitsjonger Jan Roos. Roos krige dêr it troch de eksposearjende keunstners makke stripboek What happened to baby John oanbean, mei as haadpersoan Jan Roos, it sjongend symboal fan boartlike gloarje en feestlike kreativiteit.
Sûnt 1968 hie Heins syn atelier en galery yn Aduardersyl.
Wurk fan Sjouke Heins is ûnder oare te finen yn de iepenbiere kolleksje fan Ryksmuseum yn Amsterdam Alle meisjes zijn lief en drinken coca-cola en ik ook, Sjouke Heins, 1967
Utstallings (in kar) 1967: Grinzer Museum, 3-manschap (mei Jan de Bruin en Chris Roodvoets)Nieuwsblad van het Noorden, 26 septimber 1967: Driemanschap De Bruin-Roodvoets-Heins: 'enfants terribles' van de Academie 1969: Grinzer Museum, WadNu (eksposysje fan Groep NU, ien fan de earste eksposysjes oer miljeufersmoarging)Algemeen Dagblad, 20 novimber 1969, Hans Peerbolte: 'Er gaat meer de pijp uit dan u denkt' : WadNu: kunst als protest tegen vuil. 1976: De Oosterpoort GrinsNieuwsblad van het Noorden, 29 oktober 1976: Sjouke Heins, het agrarisch lesuurtje, Hollands Glorie 2.
Galery
Literatuer Sjouke Heins, Gert Siks, Wim van Veen, Olga Wiese, Henri de Wolf, What happened to baby John, 1967, stripboek yn eigen behear útjûn Sjouke Heins, schilderijen, tekeningen, grafiek, 1990, Sjouke Heins, schilder met een knipoog, 2020, biografy yn eigen behear
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Akademy Minerva Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2020