Kristine Kujath Thorp (Oslo, Noarwegen, 23 april 1992) is in Noarske aktrise.

Biografy Hja studearre ôf as produksjeûntwerper oan de Danske Designskole yn Kopenhagen en fêstige har dêrnei yn Denemark. Hja begûn te wurkjen as produksjeûntwerper foar film en telefyzje, mar spile ynearsten allinnich lytse rollen. Har earste haadrol wie yn de koarte film Fanny út 2017, dy't foar de Amandapriis 2017 nominearre waard. Hja spilet sûnt 2020 yn de Deenske telefyzjesearje Noget om Emma en yn 2021 spile se yn de Noarske film Ninjababy. Foar dy film wûn se yn 2021 de Amandapriis yn de kategory Bêste Aktrise.

Fierders hat se grutte rollen hân yn de films Den største forbrytelsen (De grutste misdie) út 2020, de rampefilm Nordsjøen (Noardsee) út 2021, en Syk pike (Sike faam) út 2022. Foar dy lêste film waard se útroppen ta bêste aktrise foar de Noarske Filmkritykpriis 2023 en op it Dublin International Film Festival 2023. Hja waard nominearre foar de Amandapriis yn de kategory Bêste Aktrise foar Nordsjøen allyk foar Syk pike.

Boekútjeften 2020: Hjelp småkrypene; hja hat dat boek ek sels yllustrearre.

Filmografy 2017: Lovers 2020: En rapport om festen og gæsterne 2020: Den største forbrytelsen 2021: Ninjababy 2021: Nordsjøen 2022: Syk pike''

Keppeling om utens Kristine Kujath Thorp yn IMDb

Kategory:Noarsk filmakteur Kategory:Noarsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1992