thumb|260px De Kosovo-oarloch (1998-1999) wie in wapene konflikt op de Balkan yn 'e doetiidske autonome provinsje Kosovo fan de Republyk Servje yn de Federale Republyk Joegoslaavje tusken de Joegoslavyske striidkrêften en de Albaneeske guerilla-organisaasje UÇK.
De oarloch bestie út trije fazes:
1998-1999: de gefjochten tusken it Joegoslavyske leger en de Albaneeske guerrilla-organisaasje UÇK. 1999: Bombardeminten en loftoanfallen op Servje troch de NAFO tusken 24 maart en 10 juny. 1999-2000: Massale stream fan Albanezen, Serviërs en Roma nei it Westen.
De Kosovo-oarloch makke diel út fan in breder en folle langer duorjend konflikt: de Joegoslavyske Oarloggen, dy't draaiden om it útinoarfallen fan Joegoslaavje.
Oanrin thumb|left|Kaart mei etnyske ferdieling fan Kosovo (1991) Yn Servje wiene twa provinsjes mei autonomy: Vojvodina en Kosovo. Yn Vovodina bestie de mearderheid út Serven mei in grutte Hongaarske minderheid en yn Kosovo bestie de mearderheid út Albanezen en wie der in minderheid fan Serven. Studinteprotesten De oarloch yn de doetiidske Servyske autonome provinsje Kosovo fan Joegoslaavje wie it gefolch fan de oprinnende spanning tusken etnyske Albanezen en de Servyske autoriteiten. Yn maart 1981 wie der in studinteprotest fan Albaneeske studinten yn Pristina dat ynearsten like te gean om bettere fasiliteiten op de universtiteit, mar al gau útgroeide ta in protest foar mear autonomy. De protesten waarden beëinige mei it yngripen fan plysje-ienheden, mar der ûnstiene al gau nije protesten dy't boppedat jimmeroan nasjonalistysker en separatistysker fan aard waarden. Om de oarde te hanthavenjen moasten der hieltiten mear minsken oppakt wurde, dat wer ta nije protesten late. Fan protesten foar bettere fasiliteiten op skoalle feroaren de protesten yn de eask fan in selsstannige Albaneeske republyk yn Joegoslaavje. In lêste fûle oprisping fan studinteprotest yn ferskillende Kosovaarske stêden fûn op 3 april dat jier plak, dy't al gau troch ekstra plysje-ynset beëinige waard. De demonstraasjes in Kosovo wiene it begjin fan in djippe krisis yn Joegoslaavje, dy't lang om let oergie yn de ûntbining dêrfan.Sjoch :en:1981 protests in Kosovo
Stifting Demokratyske Liga fan Kosovo Nei oanlieding fan de protesten stribben de autoriteiten fan de Joegoslavyske dielsteat der nei om de macht fan de Albanezen yn Kosovo te ferminderjen. Om it separatisme tebek te setten, waard yn 1989 de autonomy fan Kosovo troch Belgrado ôfskaft. Dêrmei krige Kosovo de status fan foar 1974 en hie Servje de kontrôle op de provinsje werom. As reaksje dêrop stifte in groep Albaneeske yntellektuelen de Demokratyske Liga fan Kosovo. De Liga fersette him tsjin de ratifikaasje yn 1990 fan de feroare status troch it parlemint fan Kosovo en sette ûnder lieding fan Ibrahim Rugova in parallele samenleving op. Sa ûntstie njonken de offisjele samenleving in Albaneeske samenleving mei in eigen regear, parlemint, ûnderwiissysteem en sels in eigen sûnenssoarch, dy't troch in eigen belestingstelsel en stipe fan Albanezen út it bûtenlân betelle waard.
De Demokratyske Liga fan Kosovo wie ek ien fan de inisjatyfnimmers fan in knoffelich organisearre referindum yn 1992 foar selsstannichheid. In grutte mearderheid fan 87% fan de Albanezen (dy't 80% fan de befolking útmakke) keas foar in brek mei Servje en dat brocht in noch gruttere ferwidering tusken de Albaneeske en Servyske befolking.
Yn 1992 waard nei de ûntbining fan Joegoslaavje de Federale Republyk fan Joegoslaavje foarme. Hielendal tsjin it sin fan de Liga bleau Kosovo yn dy republyk in autonome provinsje en nei in oprop fan de Liga dêrta boylotten de Albanezen de algemiene ferkiezings foar it nije parlemint.Sjoch :en:Democratic League of Kosovo
UÇK It ûndergrûnske Albaneeske ferset tsjin it regear fan Joegoslaavje organisearre him en yn 1993 waard it Albaneeske Befrijingsleger (UÇK) oprjochte. It UÇK waard mei grutte jildbedragen troch Albaneeske organisaasjes yn 'e diaspoara stipe en waard der ek fan fertocht dat it narco-terrorisme brûkte om syn operaasjes te beteljen. It UÇK pakte de wapens op tsjin de oerheid en der folgen oanslaggen op militêre doelen en plysjeposten. Ek waarden der oanslaggen op Servyske boargers en boeren útfierd en wiene der oanfallen op Roma en Albanezen, dy't gearwurken mei de oerheid. De organisaasje hie twa konsintraasjekampen, it Lapušnik-kamp en it Jablanica-kamp, dêr't de Albanezen fral Serviërs en Roma tamtearren en fermoarden. It Albaneeske Befrijingsleger makke him yn en ek nei de Kosovo-oarlich skuldich oan oarlochsmisdaden op boargers, yn finzeniskampen en it ferneatigjen fan kultureel erfgoed.Sjoch:nl:Befrijdingsleger van Kosovo
De oarloch 1998-1999 Mei de Kosovo-oarloch wurdt it wapene konflikt tusken Servje en de separatisten yn de opstannige provinsje Kosovo ornearre, dat duorre fan 29 febrewaris 1998 oant 11 juny 1999.
Nei't yn 1997 Slobodan Milošević presidint fan de Federale Republyk fan Joegoslaavje waard liet tagelyk it UÇK jimmeroan mear fan him hearre. Dat begûn yn 1998 begûn út de hân te rinnen. Milosevic stjoerde in hiele grutte plysjemacht mei militêren nei de opstannige provinsje om it separatisme ûnder de etnyske Albanezen te ûnderdrukken. It helle neat út en de Albanezen waarden allinne mar radikaler, sa'n 200 minsken kamen by de striid om en tsientûzen Serviërs ferlieten de provinsje.Reformatoarysk Deiblêd, 26 jannewaris 1998 Wat der dêrnei folge wie in kwestje fan útlokking en reaksje, dêr't beide kanten harren skuldich oan makken.
Ek mei om't de wrâld benaud wie dat it konflikt fierder nei oanbuorjende lannen lykas Albaanje en Masedoanje oerslaan koe, waard der jimmeroan oantrune op it dellizzen fan de wapens en it oangean fan gesprekken. Somtiden waarden de legers werom roppen, mar in oanfal fan de oare kant wie dan wer genôch om in nij offinsyf of in nije striid te begjinnen. By de striid waarden de boargers net mijd.
thumb|left|Gefolgen fan de oarloch yn Kosovo
Op 28 febrewaris 1998 setten Servyske ienheden op 'e nij útein mei in grut offinsyf yn Kosovo tsjin it UÇK. Op in topberied op 10 maart 1998 fierde de FN-Feilichheidsried oerlis oer de kwestje Kosovo. De Feriene Steaten en de Europeeske Uny easken dêr dat Joegoslaavje de ienheden werom lûke soe en drigen mei nije sanksjes. Sjina en Ruslân dêrfoaroer neamden de striid in binnenlânske oangelegenheid. De Feilichheidsried stelde op 31 maart in wapenembargo tsjin Servje yn en easke dat Joegoslaavje mei underhannelings oer de autonomy fan Kosovo begjinne soe. Sjina stimde dêr net yn mei.
De Feriene Steaten beöardielen it UÇK ynearsten as in terroristyske organisaasje, mar nei it hurde optreden fan Milošević feroaren hja harren stânpunt en ûnstie der jimmeroan mear sympaty foar it Albaneeske Befrijingsleger.
Wylst it geweld trochgie stelde de EU yn juny in ynvesteringsembargo tsjin Servje yn. Nei bemiddeling fan de Russyske presidint Boris Jeltsin sei Milošević dat er ûnderhannelje woe, mar de striid gie ûndertusken gewoan troch.
Op 13 july easke de Europeeske Uny in wapenstilstân, dy't fuortendaliks yngean moast. Tagelyk waard ek pleite foar in militêr yngripen. In pear dagen letter begûn Servje op 18 july mei in nij, grut offinsyf tsjin de UÇK-bolwurken yn Kosovo. It regear fan de Feriene Steaten ûnder presidint Bill Clinton sei dat de Amerikanen ree wiene om eigenmachtich yn te gripen. thumb|260px|Konfiskearre wapens fan it Albaneeske Befrijingsleger (1999) Alhoewol't sawol de Albanezen en de Serviërs by werhelling seine in ein oan de striid te meitsjen, gyngen de gefjochten gewoan troch. Op 11 augustus sei sekretaris-generaal Kofi Annan dat it wapenembargo net goed neilibbe waard. Fral it UÇK waard fanút Albaanje mei nij wapentúch útrist. Ruslân en Sjina ferhinderen dat de Feilichheidsried in beslút oer Kosovo meitsje koe.
Oproppen en resolúsjes folgen inoar op en op 28 septimber ferklearre Belgrado dat der in ein oan it offinsyf kaam, mar ek al waarden in pear ienheden weromlutsen, de striid gie fierder troch.
Yntusken makke de NAFO him op foar in militêr yngripen. De Feriene Steaten, Grut-Brittanje en Austraalje loeken alfêst harren ambassademeiwurkers út Belgrado werom yn in earste tarieding op loftoanfallen op de stêd.
Belgrado kundige begjin desimber in nij offinsyf tsjin it UÇK oan nei't dy sân Serviërs ûnder wa ek in boargemaster fermoarde hiene. Nei de ûnfiering fan Servyske militêren troch it UÇK rûn de spanning fierder op.Reformatoarysk Deiblêd: Gronologyske folchoarder fan it ferrin fan de oarloch, oproppen 27 july 2023Reformatoarysk Deiblêd Nijsberjochten oer de oanrin nei de Kosovo-oarloch
Račak Op 16 jannewaris 1999 fûnen meiwurkers fan de Organisaasje foar Feiligens en Gearwurking yn Europa yn it UÇK-bolwurk Račak de liken fan 45 Albanezen. Sûnder iennich ûndersyk sei de Amerikaanske diplomaat William Walker, haad fan de OFGE, dat de liken fan ûnskuldige boargers wiene, dy't troch Servyske troepen fermoarde wiene. Lykas in soad oare Westerske funksjonarissen feroardiele president Bill Clinton Slobodan Milošević en de Servyske troepen om't de Serviërs boargers koelbloedich en sûnder oanlieding fermoarde hiene. De Serviërs ûntkenden it deadzjen fan de minsken net, mar seine dat hja yn 'e striid mei de UÇK omkommen wiene. De Finske patolooch Helena Ranta ûndersocht de liken en rapportearre oer de saak. William Walker sei dat it Finske rapport syn konklúzje ûnderstipe, mar it rapport fan de Finske patholooch waard geheim holden. Helena Ranta sei letter dat hja net yn steat wie om te efterheljen of de minsken sûnder oanlieding of yn de striid deade wiene.
De fynst fan de liken yn Račak krige in soad omtinken yn de media en spile in grutte rol yn it NAFO-beslút om in organisearre militêre operaasje op te setten, dy't bekend waard ûnder de namme Operaasje Allied Force. Dochs binne der oant hjoeddedei twifels oer de tadracht fan de moarnerij. Definsjespesjalist Rob de Wijk neamde de wize werop't Račak al te begearich troch NAFO-lannen brûkt waard in manier om de eigen befolking foar in oarloch ta te rieden.Argos, Kosovo-oarloch 2
William Walker krige yn juny 1999 fan de foarsitter fan de OFGE, de Noarske minister Knut Vollebaek, in faks mei it berjocht dat nei de NAFO-bombardeminten der in nije Kosovo-missy komme soe en dat hy ferfongen waard.NRC: OVSE zet missiechef Walker aan de dijk, 9 juny 1999
Rambouillet Yn it Frânske Rambouillet ûnderhannelen tusken 6 oant 18 febrewaris 1999 Albaneeske en Servyske ôffurdigen ûnder tafersjoch fan de Kontaktgroep Kosovo (Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Ruslân, Dútslân, Frankryk en Itaalje) om in ein oan it konflikt te meitsjen.De Volkskrant, 3 febrewaris 1999 De ûnderhannelings wiene sa goed as klear en beide kanten gyngen akkoard mei de betingsten foar autonomy fan Kosovo en wiene ree om in folgjende konferinsje foar de útfiering dêrfan te hâlden. Mar op it lêst kaam der gjin hantekening fan Servje.
De Dútske publisist Andreas Zumach die nei de NAFO-bombardeminten op Joegoslaavje ûndersyk nei wat der krekt mis gien wie en út syn ûndersyk die bliken dat der yn Rambouillet hieltiten praat wie oer de politike status fan Kosovo yn Lyts-Joegoslaavje en dêr wiene de stridende partijen it yntusken oer iens. Mar op de lêste dei yn Rambouillet joech de Amerikaanske ûnderhanneler Christopher Hill de Servyske delegaasje ûnder lieding fan Ratko Marković in hiel nij stik fan 50 kantsjes, de saneamde "Taheakke B", mei de meidieling dat hja trije oeren hiene om dy stikken te ûndertekenjen. Taheakke B regele de militêre ymplemintaasje fan de autonomy foar Kosovo en bestie út in rige nije easken lykas:
Artikel 6: folsleine immuniteit fan de NAFO en it NAFO-persoaniel foar de Joegoslavyske oerheid oer;