De Katedraal fan Cambrai of de Katedraal fan Us-Leaffrou fan de Genede (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame de Grâce) yn 'e Noard-Frânske stêd Cambrai is de katedraal fan it roomske aartsbisdom Cambrai. De eardere benediktynske abdijtsjerke waard yn 'e styl fan 'e klassisistyske barok boud en waarden nei de ferneatiging fan 'e oarspronklike katedraal fan it bisdom yn 1804 de nije biskopstsjerke. Yn 1896 ferliende de paus de katedraal de status fan basilica minor.
Skiednis en arsjitektuer Stifting Op it plak fan 'e hjoeddeiske katedraal stifte biskop Lietbertus doe noch bûten de stedsmuorren yn 1064 it benediktynske kleaster fan it Hillige Grêf (Saint-Sépulcre). De abdijtsjerke moast in grut útfierde, op de Grêftsjerke yn Jeruzalim ynspirearre tsjerke wurde, dy't er op syn mislearre beafeart yn 1054 nea in besite brocht hie. De tsjerke waard troch de biskop mei in grut tal reliken en in ryk grûnbesit begeunstige, dêr't syn opfolchers it harres noch by dienen.
De ierromaanske tsjerke waard yn 'e iuwen dêrnei ferskate kearen fergrutte en yn de dan hearskjende boustyl modernisearre.
Barokke nijbou left|thumb|Ynterieur. Mei de Frede fan Nijmegen (1678-1679) foel it stift Cambrai oan it Keninkryk Frankryk ta. Doe't François Fénelon yn 1695 aartsbiskop fan Cambrai waard, wie ien fan syn earste dieden de folsleine fernijing fan 'e abdijtsjerke yn 'e styl fan Loadewyk XIV. De tsjerke waard yn 1703 foltôge en stiet der foar it measte ek hjoed-de-dei noch itselde by. It is in trijeskippige basilyk op in grûnflak fan in krús mei in lang koer en ryk útfierde gevel.
Revolúsje De Frânske Revolúsje hat yn Cambrai slim hûsholden: 22 kleastertsjerken, 10 parochytsjerken en de goatyske katedraal, dy't de bynamme "it Wûnder fan 'e Nederlannen" hie, waarden ferneatige en ôfbrutsen. Allinne twa abdijtsjerken, dy fan it Hillich Grêf (Saint-Sépulcre) en Sint-Aubertus (Saint-Aubert) (no de parochytsjerke fan Sint Goarik (Saint-Géry)), koene oan dat lot ûntkomme.
Yn 1792 waard de brekfallige klokketoer fan 'e abdijtsjerke ôfbrutsen. Op 'e preekstoel fan 'e tsjerke preke Joseph Le Bon yn 1794 de Kultus fan de Rede.
Katedraal fan Us-Leaffrouwe fan 'e Genede thumb|left|Oargel. Mei it konkordaat fan 1801 waard in begjin makke mei de reorganisaasje fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn Frankryk. De kleasters en stiften mei harren grûn waarden ûnteigene en sekularisearre. De nije biskop Louis Belmas joech de tsjerke fan 'e ophefte abdij fan it Hillich Grêf de status fan katedraal. Fan 'e âlde ôfbrutsen katedraal waard û.o. in al sûnt âlde tiden fereare ikoan fan Us-Leaffrouwe fan Genede oernommen. Ek de oerbliuwsels fan 'e begroeven biskoppen en aartsbiskoppen ferhûzen fan 'e âlde ôf te brekken katedraal nei de eardere abdijtsjerke.
Under de nije grêfmonuminten is dy foar de dichter, biskop en bouwer fan 'e tsjerke Fénelon it belangrykste.
De katedraal waard yn 1859 slim troffen troch in brân. It is fral oan Eugène Viollet-le-Duc te tankjen dat de katedraal net ferfongen waard troch nijbou mar yn 'e selde styl renovearre waard. By de restauraasje krige de gevel ferskillende nije bylden fan hilligen en oare dekoraasjes, oan it koer waard in kapellekrâns tafoege en it ynterieur waard ferrike mei ferskillende nije neobarokke tafoegings. Mar it meast opfallend waard de nije klokketoer mei syn karakteristike kroan en it fergulde Marijebyld op 'e spits. Op 12 maaie 1894 waard de restaurearre tsjerke plechtich ynwijd.
Tsjin 'e ein fan 'e Earste Wrâldkriich waard de katedraal troch granaatynslaggen slim skansearre. Pas yn 1931 koe de katedraal wer iepene wurde.
Oargel It oargel waard yn 1897 troch de oargelbouwer Pierre Schyven (Ixelles) boud. It ynstrumint hie 38 registers op trije manualen en pedaal en waard letter op 49 registers (3.670 pipen) fergrutte. De oargelkas datearret út 'e midden fan 'e 18e iuw en waard makke troch de keunstner Aimé-Joseph Carlier. De traktueren binne elektrysk.
Keppeling om utens Orgelsite: disposysje oargel
Cambrai Cambrai Kategory:Bouwurk út 1703 Kategory:Bouwurk út 1876