G.I. Jane (útspr.: [ˈʤiːaːi̭ ˈʤeːn], likernôch: "dzjii-aai dzjeen) is in Amerikaanske dramafilm (en in bytsje in oarlochsfilm) út 1997 ûnder rezjy fan Ridley Scott. De haadrollen waarden spile troch Demi Moore en Viggo Mortensen. It (fiktive) ferhaal folget de earste frou dy't har opjout foar in training ta kommando fan 'e Amerikaanske Marine, ien fan 'e swierste militêre opliedings dy't mar bestiet. Behalven mei de ferwachte wjerstân fan har manlike kollega's kriget hja ek te meitsjen mei tsjinwurking fan 'e top fan 'e Amerikaanske Striidkrêften en mei politike konkelfoezerij. G.I. Jane krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen om't it Amerikaanske filmpublyk nei't it skynt noch net ree wie foar in film oer froulju yn gefjochtsrollen yn 'e kriichsmacht.

Titel De titel G.I. Jane is de froulike foarm fan "G.I. Joe", in bynamme foar de Amerikaanske soldaat. De ôfkoarting "G.I." stiet foar Government Issue, wat safolle betsjut as "troch de oerheid ferskaft".

Plot In kommisje fan 'e Amerikaanske Senaat (dy't yn it steatsbestel fan 'e Feriene Steaten ferantwurdlik is foar it oanstellen fan regearingsfunksjonarissen), fielt in Theodore Hayes oan 'e tosk, in gadingmakker foar de post fan steatssekretaris fan Marine. Senator Lillian DeHaven út Teksas hat dêrby krityk op 'e Amerikaanske Marine om't dy froulju efterstelt yn ferhâlding ta manlju. Foar de kamera's lit hja trochskimerje dat Hayes net op har stim hoecht te rekkenjen as er net mei gauwens soarget dat dat feroaret. Efter de skermen wurdt troch hantsjebakken in oerienkomst sletten tusken Hayes en DeHaven: der sil in stikmannich tests dien wurde mei froulju dy't yn gefjochtsfunksjes tsjinje, en as froulju dêr geunstich prestearje, sil de Amerikaanske Marine froulju folslein yntegrearje yn alle funksjes.

Hayes, dy't mordikus tsjin is op 'e yntegraasje fan froulik personiel yn gefjochtsfunksjes, soarget derfoar dat it earste testgefal ien fan 'e swierste militêre opliedings is dy't mar bestiet, foar it Kombinearre Ferkenningsteam (CRT) fan 'e Amerikaanske Marine. Dat is in kommando-ienheid dêr't noch swierdere easken oan steld wurde as oan 'e bekendere SEALs, de befaamde Amerikaanske marinekommando's. Senator DeHaven kriget in stikmannich mooglike froulike dielnimmers oan dy oplieding foarlein, wêrút se luitenant-op-see 2e klasse Jordan O'Neil kiest, in topografysk analiste. De kar wurdt inkeld basearre op it kreas foarkommen fan O'Neil, dat frouliker is as dat fan 'e oare kandidates. DeHaven fynt dat fan belang om't se ien siket dy't geunstich oerkomme sil op it Amerikaanske publyk as har foto's yn 'e media ferskine.

O'Neil hat in relaasje mei luitenant-op-see 1e klasse Royce Harper, dy't yn deselde klasse as sysels siet op 'e Amerikaanske Marine-akademy yn Annapolis. Hy hat no lykwols in hegere rang as sy om't er yn in oarlochssitewaasje tsjinne hat, eat dat sy net mei. Dy ûnearlikheid is foar har motivaasje om mei te dwaan oan it testgefal (dêr't se sûnder har eigen meiwitten troch har oerhearrigen foar selektearre wie). Harper is net bliid mei har dielname oan 'e test, dat se krije wurden en O'Neil begjint mei ûnútprate rûzje mei har frijer oan 'e oplieding.

Op in marinebasis yn Floarida, dêr't de CRT-oplieding plakfynt, wurdt O'Neil net mei iepen earms ûnthelle. Basiskommandant Salem hâldt syn fatsoen, mar it is dúdlik dat er har leaver gean as kommen sjocht. En in soad fan 'e oare dielnimmers oan 'e oplieding sjogge har meidwaan as in publisiteitsstunt en in mislediging oan harren eigen adres. Ien fan harren is sersjant Cortez, dy't oan ien wei troch seksistyske opmerkings makket. Inkeld de swarte luitenant McCool, waans pake yn 'e Twadde Wrâldoarloch omreden fan syn hûdskleur by de Amerikaanske Marine inkeld kok wêze mocht, hat begryp foar O'Neil har sitewaasje en omskriuwt har as "de nije neger". Om rekken te hâlden mei har "sitewaasje" (d.w.s. har sekse) wurdt O'Neil bêde yn in fierders lege barak, dêr't se in eigen dûs en in eigen húske hat. Ek mei se har hier lang hâlde, wylst de manlju allegearre kealskeard binne.

Om sels mar oan 'e eigentlike training begjinne te meien, moat O'Neil in seleksjeprogramma trochrinne wêrby't 60% fan 'e kandidaten útfalt. De earste wike is de saneamde "Helwike", wêryn't de kandidaten in grouwélige fysike test folbringe moatte. De lieding oer de training is yn 'e hannen fan 'e ûnmeilydsume sersjant-ynstrukteur Jack Urgayle en syn assistinten Pyro en Johns. Dyselden litte de kandidaten dagen fan tweintich oeren meitsje, wêrby't se oan ien wei troch swiere taken útfiere moatte dy't ûntwurpen binne om har sawol lichaamlik as geastlik ôf te mêdzjen, oant se der fan útputting letterlik hinne falle. Sa moatte se oerenlang swiere rubberboaten hinne en wer drage oer it mulle sân fan it strân, wylst de ynstrukteurs harren út 'e boaten wei sûnder ophâlden taskreauwe. Ek moatte se reuseftige silinderfoarmige stjitkjessens by de dunen oprôlje en hindernisbanen ôfwurkje wylst se amper ite meie.

By it ôflizzen fan 'e hindernisbaan by nacht sjocht Urgayle troch in nachtkiker hoe't O'Neil de manlike leden fan har team oer it muorre-obstakel hinne helpt troch se harrensels ôfsette te litten op har rêch. As de lêste oer de muorre is, moat dy har oplûke, mar it is Cortez, dy't har mei sin falle lit en har tabyt dat se oprotte moat. Hy mient dat net ien dat yn it tsjuster sjoen hat, mar hy kriget letter in flinke bestraffing fan Urgayle, dy't him fertelt dat er him, foar't de training foarby is, yndruie sil wat "teamwurk" betsjut. Nettsjinsteande it feit dat O'Neil troch dit akkefytsje folle letter as de rest fan har team oer de einstreek komt, hat se it dochs binnen de tiid helle.

It docht nammentlik bliken dat O'Neil by it ôflizzen fan 'e hindernisbaan automatysk in foarsprong fan 30 sekonden op 'e manlike kandidaten kriget by wize fan "geslachtsnormearring". Dat wurdt har te gek, dat se stapt nei kommandant Salem ta om deselde mjitstêven te easkjen as de manlike kandidaten. Dêrmei wint se Salem syn ûnútsprutsen respekt, en hoewol't er har in beskrobbing jout om har oerhearrigens, kriget se har sin. O'Neil giet neitiid earst nei de hierknipper fan 'e basis, dêr't se mei in tondeuze al har hier ôfskeard. Dêrnei nimt se har guod mei en jout har del op in frij bêd yn 'e barak fan 'e manlju. Dat is tsjin 'e seare skonk fan Cortez, dy't bot oerémis wurdt as er wekker wurdt en O'Neil op it oanbuorjende bêd oantreft. Urgayle fertelt him dat er der mar mei leare moat te libjen, of oars kin er altyd opjaan en nei hûs gean.

Underwilens wurdt O'Neil har fuortgong mei arguseagen folge troch de lieding fan 'e marine en steatssekretaris fan Marine Hayes. Royce Harper, fan wa't nimmen wit dat er in relaasje mei O'Neil ûnderhâldt, kriget opdracht om foar Hayes en de stêfsjef fan 'e Amerikaanske Marine de sitewaasje yn 'e gaten te hâlden en harren der ferslach fan te dwaan. Hoewol't er earst net bot foarstanner fan O'Neil har dielname oan 'e training wie, begjint er by te draaien as er út 'e earste hân heart en sjocht hoe denigrearjend oft der dien wurdt troch de marinelieding oer in frou dy't gewoan har bêst docht om in oplieding te foltôgjen.

De achtste wike fan 'e oplieding fynt plak yn Captiva (Floarida) en bestiet út in training dy't SERE hjit, in ôfkoarting foar Search, Evasion, Resistance and Escape ("Sykjen, Untwiken, Ferset en Untsnapping"). O'Neil stiet no oan it haad fan har team en kriget, krekt as de oare teamlieders, opdracht om in sabeare militêre ynstallaasje fan 'e fijân te sykjen en ferkennen en mei de opdiene ynformaasje nei de basis werom te kearen. Mei it sykjen giet it dat it slydjaget, mar it ferkennen mislearret folslein trochdat Cortez en in oar lid fan har team, Slovnik, de befellen negearje dy't O'Neil harren jout. Dêrtroch wurdt it hiele team finzen nommen troch Urgayle, Pyro en Johns. Neitiid wurde se ûnderwurpen oan in hurdhannige ûnderfreging, krekt sa't barre kinne soe as se yn it echt troch de fijân kriichsfinzen nommen wiene.

Nei oerenlang yn in lytse koai finzen holden te wêzen, wurdt O'Neil troch Urgayle by de ûnderfreging mishannele wylst se de hannen op 'e rêch bûn hat. As se neat sizze wol, nimt er har mei nei de gruttere koai dêr't har teamleden finzen sitte. Om dyselden oan 'e praat te krijen, ferdrinkt er O'Neil heal yn in fol mei wetter steande trôch. Dêrnei jout er in staaltsje seksueel oer de grins geand gedrach wei troch har tsjin in tafel oan te triuwen en de broek del te lûken. O'Neil brekt him lykwols de noas troch har holle efteroer te goaien, wêrnei't se him, noch hieltyd mei de hannen op rêch bûn, yninoar skopt. Troch sa fan har ôf te biten en mei har wegering om op te jaan wint se it respekt fan sawol Urgayle as har teamleden, Cortez ynbegrepen. Letter wurdt Urgayle apart nommen troch Max Pyro, dy't tsjin him seit dat er niiskrekt mei O'Neil te fier gien is en dat soks net wer barre mei. Urgayle antwurdet dat it beslist wer barre sil. Dêr heakket er by wize fan útlis oan ta: "Sy is it probleem net. Wy binne it probleem."

De marinelieding begjint sa njonkelytsen frijwat senuweftich te wurden. Se hiene de der alle fertrouwen yn dat in frou by de CRT-training gau ôffalle soe, mar dêr wiene se blykber mis mei. Ynstee is it súkses fan O'Neil útlekt nei de media, dy't har de bynamme "G.I. Jane" jûn hawwe (de froulike foarm fan "G.I. Joe", de algemiene bynamme foar de Amerikaanske soldaat). Wannear't O'Neil, as se werom is fan 'e SERE-training, wat op it strân ûntspant mei de ferpleechkundige luitenant Blondell en ferskate oare froulju dy't op deselde marinebasis tsjinje, wurde dêr foto's fan makke troch ien mei in telelins dy't harren fan op ôfstân bespionearret. Letter wurde dy foto's troch de marinelieding brûkt om ûnsinbeskuldigings op te klopjen dat O'Neil in lesbiënne is dy't omgiet mei froulju op 'e siik nei seks. Yn in tiid dat iepentlike homoseksualiteit yn 'e Amerikaanske Striidkrêften noch strang ferbean is, jout soks har tsjinstanners wat om tsjin har te brûken. Kommandant Salem biedt O'Neil, yn opdracht fan 'e juridyske tsjinst fan 'e Amerikaanske Marine, in burobaan oan hingjende it ûndersyk nei de kwestje. As de beskuldigings sûnder grûn blike te wêzen, kin se altyd de CRT-oplieding op 'e nij dwaan. O'Neil betanket dêrfoar en beslút om harsels "út te beljen" (troch trije kear in lytse liedklok by de barakken te lieden ta teken dat se har frijwillich út 'e oplieding weromlûkt).

Neitiid giet O'Neil lulk, frustrearre en teloarsteld nei hûs, dêr't se opwachte wurdt troch Harper. Nei't se de nacht tegearre trochbrocht hawwe en O'Neil foar it earst yn lange tiid in folle nacht sliep helle hat, lit Harper har de oare moarns de orizjinele kopyen fan 'e foto's fan har, Blondell en de oare froulju op it strân sjen, dy't anonym nei de marine opstjoerd binne. Dan lit er har in brief mei guon kopyen sjen dy't de marine tastjoerd binne troch it kantoar fan senator DeHaven. Yn 'e marzje fan beide sets kopyen sit persiis deselde ferfoarming, feroarsake troch in ûnfolkommenheid yn 'e glêsplaat fan 'e kopiëarmasine. O'Neil beseft dat se ferret is troch DeHaven. Se reizget op slach nei Washington, D.C., dêr't se yn it Amerikaanske Kapitoal DeHaven mei har ûntdekking konfrontearret.