Thelma & Louise is in Amerikaanske misdiefilm en roadmovie út 1991 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Susan Sarandon en Geena Davis. Dyselden waard ûnderstipe troch û.o. Harvey Keitel en Michael Madsen yn guon fan 'e wichtichste byrollen, en ek Brad Pitt yn ien fan earste grutte filmrollen. It ferhaal giet oer twa freondinnen, de servearster Louise en de húsfrou Thelma, dy't tegearre in pear dagen op fakânsje sille. As Thelma op in hier nei ferkrêfte wurdt, sjit Louise de dieder dea. Dêrnei slane de beide froulju op 'e flecht foar de plysje. Fan 'e filmkritisy krige Thelma & Louise oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. De film wûn in Oscar, in Golden Globe en ferskate oare wichtige prizen. Sûnt de film útkommen is, hat er him ûntjûn ta in wiere filmklassiker, dy't gâns ynfloed útoefene hat op oare artistike wurken. Fral de einsêne wurdt beskôge as ikoanysk. Yn 2016 waard Thelma & Louise foar behâld foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.
Plot De sekuere servearster Louise Sawyer, dy't der wol wêze doar, en de dimmene en gaoatyske húsfrou Thelma Dickinson wenje yn in lyts stedsje yn Arkansas en binne inoars bêste freondinnen. Se hawwe ôfsprutsen om der tegearre in pear dagen tuskenút te gean, op in koarte fakânsje dy't se trochbringe sille yn in fakânsjehúske yn 'e bergen, dat fan in kollega fan Louise is. It probleem is dat Thelma it net tsjin har oerhearskjende man Darryl, in tapytferkeaper, doar te sizzen. Nei der in skoft tsjinoan skytskoarre te hawwen, beslút se sûnder wat te sizzen fuort te gean wylst Darryl op syn wurk is en in bryfke foar him efter te litten dêr't se alles yn útleit. Louise, dy't in knipperljochtrelaasje ûnderhâldt mei de lakonike muzikant Jimmy, hoecht net ien wat út te lizzen om't Jimmy it meastepart fan 'e tiid op 'en paad is.
Tsjin 'e jûn hâlde de beide froulju op inisjatyf fan Thelma ho by in countrykroech anneks nachtklub, dêr't Thelma dûnset en flirt mei in sjarmante frjemdling dy't fan Harlan hjit. Wylst Louise eefkes nei it húske is, lit de lichtlik beskonken Thelma har troch Harlan meitroaie nei bûten ta. Op it parkearterrein besiket er har dêrnei te ferkrêftsjen, mar op it lêste momint komt Louise tuskenbeiden, dy't him de revolver fan Darryl tsjin 'e holle oan set. (Dy hie Thelma meinommen foar it gefal se yn 'e bergen oanfallen wurde soene troch in bear.) Harlan lit Thelma gean, mar wylst de beide froulju fuortrinne, ropt er harren ferskate fulgariteiten nei, en dêrop draait Louise har om en sjit him dea yn in hommelse opwâling fan razernij.
Neitiid wol Thelma nei de plysje gean, mar Louise is bang dat nimmen leauwe sil dat Harlan besocht hat Thelma te ferkrêftsjen, om't withoefolle lju har mei him drinken en dûnsjen en laitsjen sjoen hawwe. Boppedat foarme er op it stuit dat sy him deaskeat al gjin bedriging mear, wat betsjut dat sysels likegoed it tichthûs yndraaie sil foar moard. Dat, op ynstigaasje fan Louise naaie de beide froulju út. Nei't se yn in oar plak de nacht yn in motel trochbrocht hawwe, komt Louise ta de konklúzje dat der foar har neat oars op sit as om nei Meksiko te flechtsjen, dêr't se ûnberikber wêze sil foar it Amerikaanske rjochtssysteem. Om dêr te oerlibjen, hat se lykwols ferlet fan jild. Dêrom skillet se Jimmy op en freget him om 'e $6.500 dy't op har sparrekken stiet, oer te meitsjen nei in bank yn Oklahoma City. Thelma is der net wis fan wa't sy sil, mei't sy neat ferkeards dien hat, mar se beslút om yn elts gefal oant Oklahoma City by Louise te bliuwen.
Underwilens is it lyk fan Harlan fûn en resjersjeur Hal Slocumb fan 'e Arkansaanske Steatsplysje wurdt op 'e moardsaak set. Hy befreget it personiel en de besikers fan 'e kroech en ûntdekt dat Harlan Puckett in minnenien wie, dy't fêste klant wie by de pleatslike plysje en op in kweanamme lei as it gie om syn omgong mei froulju. De algemiene opfetting liket te wêzen dat er diskear it ferkearde frommes tenei kommen is. Op basis fan it sinjalemint fan Thelma en Louise en it merk auto dêr't se yn rieden (Louise har opfallende turkwaze Ford Thunderbird kabriolet út 1966), wit Slocumb de beide froulju te identifisearjen. Yn 't earstoan wol er harren inkeld as tsjûgen hearre, mar as er ûntdekt dat Darryl Dickinson in revolver fan itselde type mist as dêr't Harlan Puckett mei deasketten is, begjint er foar it ferstân te krijen dat de beide froulju de moardners binne nei wa't er siket. It muoit Slocumb wol om 'e froulju, mei't er goed foar it ferstân hat dat se gjin echte kriminelen binne, mar yn prinsipe oppassende boargers dy't troch omstannichheden in ferkearde kar makke hawwe.
Underweis komme Thelma en Louise ferskate kearen in knappe jonge lifter tsjin, in omswalkjende cowboy dy't J.D. hjit. Thelma wit Louise lang om let te bepraten om 'e jongeman mei te nimmen nei Oklahoma City. Under de reis flirt se oan ien wei troch mei him en hy mei har. Yn Oklahoma City docht bliken dat Jimmy it jild fan Louise net oermakke hat, mar it persoanlik brocht hat. Dat hie Louise net ferwachte. Se wol Jimmy net noch mear by de saak belûke as se al dien hat, dat se beslút om it mei him út te meitsjen. Hy docht har in houliksoansiik, mar se ferkeapet him nee. Se bringe de nacht tegearre pratende troch yn Jimmy in motelkeamer. Thelma, dy't de $6.500 foar Louise yn bewarring hat, wurdt yn in oare motelkeamer opsocht troch J.D. Nei koart wifke te hawwen, lit se him deryn. J.D. fertelt har dat er eins in oerfaller is en leit út hoe't je in winkel oerfalle moatte. Letter dy nachts hawwe se seks.
De oare moarns nimme Louise en Jimmy ôfskie, wêrnei't Jimmy op hûs oan giet. Thelma is tige optein. Se hie oant no ta har hiele libben allinne noch mar mei Darryl op bêd west, en de ôfrûne nacht hat se foar it earst in orgasme krigen. Mar as de beide froulju weromkeare nei Thelma har motelkeamer, dêr't se it kefert mei it jild efterlitten hat, is it jild poater, en J.D. krekt-en-gelyk. Mei't it jild har hiele takomst wie, stoart Louise dan alhiel yn. Sûnder jild foar iten en drinken en foar benzine hat se gjin inkele kâns om Meksiko te berikken. Thelma fielt har tige skuldich, dat se beslút J.D. syn útlis yn 'e praktyk te bringen en begiet mei Darryl syn revolver in winkeloerfal. Dêrtroch hawwe de froulju earst wer genôch jild, dat de reis kin fierder. Louise jout Thelma opdracht om in rûte nei Meksiko út te stippeljen, mar har betingst is dat se beslist net troch Teksas wol. Dêr is har ea wat oerkommen dêr't se net oer prate wol. (It wurdt lykwols al rillegau dúdlik dat se dêr ferkrêfte is, wat ek de reden wie dat se sa breinroer op Harlan syn útroppen reägearre.) It probleem is dat Teksas pal tusken Oklahoma en Meksiko yn leit. De froulju moatte dus mei in reuseftige omwei troch de Oklahoma Panhandle, Utah en Nij-Meksiko harren doel sjen te berikken.
Wilens hat de Amerikaanske federale resjerzje FBI de lieding krigen oer de saak fan 'e froulju, om't se de grins fan Arkansas mei Oklahoma oerstutsen binne. Resjersjeur Slocumb út Arkansas bliuwt lykwols by de saak belutsen. Hy ûnderfreget Jimmy, dy't him fertelt dat er Louise $6.500 brocht hat. Letter ûnderfreget er J.D., dy't yn 'e tuskentiid oppakt is mei justjes minder as $6.500 by him. De oerfaller wol earst neat sizze, mar Slocumb wit him sa ûnder druk te setten dat er him úteinlik oan 'e praat kriget. Sa komt de plysje te witten dat de beide froulju fan doel binne om nei Meksiko ta, wat Thelma J.D. yn fertrouwen meidield hie. Slocumb hat ûnderwilens ek opdjippe wat der yn Teksas mei Louise bard is. Hy sympatisearret mei de froulju en hat der begryp foar dat se nei de moard op Harlan net nei de plysje gien binne, mar troch de wapene oerfal fan Thelma, dêr't er fral J.D. de skuld fan jout, hawwe se harrensels safolste djipper yn 'e swierrichheden brocht. Troch Darryl Dickinson op te skiljen, dêr't de plysje de de tillefoan ôfharket, komt Louise mei Slocumb yn kontakt. Hy praat op har yn om har oer te jaan, mar wit har net te oertsjûgjen.
Hoewol't net ien fan beide froulju no noch nei hûs kin sûnder yn 'e finzenis te belânjen, seit Thelma dat se it begripe sil as Louise fan gedachten feroaret. Sy kin it ommers samar wer oanlizze mei Jimmy. Mar sels kin Thelma, no't se in priuwke fan 'e frijheid hân hat, nea wer werom nei Darryl. Louise bewissiget har freondinne derfan dat sy likemin werom giet. Yn Nij-Meksiko wurde de beide froulju foar te hurd riden oanholden troch in plysjeman. Mei't se beseft dat er de arrestaasjebefellen tsjin harren fine sil as er in bon útskriuwt, bedriget Thelma him mei Darryl syn revolver. De froulju slute de plysje op yn 'e kofferbak fan syn eigen auto en nimme syn tsjinstwapen mei. Letter komme se wer de gleie frachtweinsjauffeur tsjin dy't se al ferskate kearen earder ynhelle hawwe, en dy't eltse kear obsene gebearten nei harren makket. Diskear lokje se him mei nei in parkearterrein, dêr't se easkje dat hy harren syn ûntskuldigings oanbiedt. As er dat wegeret, besjitte se syn tankwein dy't fol mei branje sit, dat it ding ûntploft yn in reuseftige fjoersee. De froulju litte de flokkende en mâltjirgjende frachtweinsjauffeur efter by it wrak fan syn truck mei oplizzer.
Dat blykt efternei net sa'n ferstannige set west te hawwen, want troch de reekwolkens wit de FBI harren yn in helikopter op te spoaren. De pleatslike plysje komt mei grut materieel fanwegen en nei in spektakulêre efterfolging wurde de beide froulju klemriden oan 'e râne fan 'e Grand Canyon. Slocumb, dy't dêre mei de FBI arrivearret, besiket om 'e nocht de sitewaasje te ûntsenuwjen. De plysje oarderet de froulju om 'e motor fan harren auto út te setten en mei de hannen omheech út te stappen. Eltse oare aksje sil opfetten wurde as ferset tsjin arrestaasje. Thelma noch Louise lokket it oan om harren oer te jaan. Thelma stelt foar om it gaspedaal yn te drukken en "gewoan troch te riden". Louise freget har oft se dêr wol wis fan is, en Thelma antwurdet befêstigjend. De beide freondinnen tútsje inoar en gripe inoars hannen fêst. Dêrop jout Louise fol gas en riidt de Ford Thunderbird mei grutte faasje fan it hege klif de Grand Canyon yn. Slocumb draaft der noch wanhopich efteroan, mar kin neat mear dwaan om harren mienskiplike selsmoard tsjin te hâlden.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Louise Sawyer Susan Sarandon Thelma Dickinson Geena Davis
byrollen personaazje akteur/aktrise resjersjeur Hal Slocumb Harvey Keitel J.D. Brad Pitt Jimmy Lennox Michael Madsen Darryl Dickinson Christopher McDonald FBI-agint Max Stephen Tobolowsky Harlan Puckett Timothy Carhart plysjeman yn kofferbak Jason Beghe servearster Lena Lucinda Jenney gleie frachtweinsjauffeur Marco St. John
Produksje en distribúsje Produksje Thelma & Louise ûntstie yn 'e maitiid fan 1988, doe't Callie Khouri, dy't doedestiden muzykprodusinte wie, ûnderweis fan har wurk nei har appartemint yn Santa Monica, der in earste idee foar krige. Se bestege in healjier oan it skriuwen fan it senario, wêrfoar't se ynspiraasje putte út eigen ûnderfinings en har freonskip mei countrysjongster Pam Tillis. Khouri hie in ferfilming yn 'e holle as ûnôfhinklike film, mei harsels as regisseur en har kollega Amanda Temple (de frou 'e Ingelske filmmakker Julien Temple), as filmprodusinte. Temple tocht dat der mear ynsiet en gie mei it skript te suteljen by de grutte filmstudio's yn Hollywood lâns.