Empire of the Sun is in Amerikaanske coming-of-age- en oarlochsfilm út 1987 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen in tige jonge Christian Bale en John Malkovich. De film is basearre op 'e semy-autobiografyske roman mei deselde namme fan J.G. Ballard. De titel betsjut "Ryk fan 'e Sinne", in ferwizing nei Japan, dat wol it "Lân fan 'e Rizende Sinne" neamd wurdt. It ferhaal folget Jamie (letter Jim) Graham, in Britske jonge fan tolve jier dy't mei syn rike âldelju yn Sjanghai wennet as de Twadde Wrâldoarloch útbrekt. Ferskate jierren liket de oarloch gjin fet op harren bestean te krijen, oant it Feriene Keninkryk nei de Japanske oanfal op Pearl Harbor mei Japan yn oarloch rekket. By de dêrtroch ûntsteande gaos rekket Jamie skaat fan syn âlden. Hy is dêrnei op himsels oanwiisd om te oerlibjen en bedarret lang om let yn in jappekamp. Neffens Spielberg giet de film benammen oer it ferlies fan ûnskuld. Empire of the Sun krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar flopte yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film wûn trije BAFTA's en waard nominearre foar seis Oscars, twa Golden Globes (wêrûnder de priis foar bêste dramafilm) en ien Grammy Award.

Plot Yn 1941 wennet de tolvejierrige Jamie Graham mei syn rike Britske âlden John en Mary yn 'e Ynternasjonale Delsetting fan Sjanghai. Jamie is in bedoarn jonkje sûnder respekt foar it (Sineeske) tsjinstfolk en sûnder begryp fan wat wol en net talitber is. Hy is sljocht nei fleantugen en syn oan obsesje grinzgjende fassinaasje foar sokke masinen bringt him ferskate kearen yn 'e swierrichheden. Wylst om harren hinne de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch hiel Sina yn ûntstjoer bringt en oan 'e oare kant fan 'e wrâld, yn Jeropa, harren heitelân yn 'e earste jierren fan 'e Twadde Wrâldoarloch foar syn fuortbestean fjochtet tsjin nazy-Dútslân, liket de oarloch alhiel by de Britske mienskip yn Sjanghai lâns te gean. Tsientûzenen flechtlingen fan it Sineeske plattelân sykje yn 'e stêd in feilich hinnekommen, mar de Britten ride yn ferklaaide tastân yn har limûsines mei sjauffeur tusken de kloften folk troch om nei in kostumearre feest ta.

It wurdt pas mienen as de Japanners op 7 desimber 1941 harren oanfal op Pearl Harbor útfiere en dêrtroch yn oarloch reitsje mei de Feriene Steaten. Neitiid ferklearret ek it Feriene Keninkryk de oarloch oan Japan, wat de ein betsjut fan it kalme bestean yn 'e Ynternasjonale Delsetting fan Sjanghai. Jamie sjocht noch altyd de earnst fan 'e sitewaasje net yn, mar syn âlden besykje mei him nei de haven te ûntkommen yn 'e hope dat se dêr in boat nei Hongkong fine kinne. It is lykwols gaos yn 'e stêd en as se twongen binne om 'e auto efter te litten, rekket Jamie syn heit yn it gedrang by Jamie en syn mem wei. Syn mem hjit him noch sa har hân net los te litten, mar as Jamie by fersin in boartersguodfleantúchke falle lit, docht er dat dochs om it ding wer opsykje te kinnen. Syn mem wurdt troch de minskemassa meifierd en Jamie bliuwt allinnich efter.

Neitiid siket Jamie it paad werom nei de filla fan syn âlden yn 'e Ynternasjonale Delsetting, dêr't al in oansizzing op 'e foardoar plakt is wêryn't melding makke wurdt fan 'e ynbeslachname fan 'e wente troch de Keizerlike Oerheid fan Japan. It hûs blykt al plondere te wêzen, en wylst Jamie der ferbliuwt, komme leden fan it tsjinstfolk del om in diel fan 'e húsrie te stellen. As Jamie dêr wat fan seit en ferwachtet dat se dwaan sille wat er harren hjit, mei't er nettsjinsteande alles dat er belibbe hat noch altyd net foar it ferstân hat dat de ferhâldings duorjend feroare binne, kriget er ynstee in klap yn it gesicht. Hy bliuwt allinne yn it lege hûs efter, dêr't er himsels yn libben hâldt mei it bytsje iten dat noch foarhâns is. Wannear't dat op is en de honger begjint te stekken, pakt er syn fyts en giet er de stêd yn.

Jamie kriget foar it ferstân dat de oare Westerlingen yn Sjanghai troch de Japanners oppakt en nei in ynternearringskamp brocht binne. Hoe't de behanneling dêr is, kin him neat skele; it wichtichste is dat de lju dêr iten krije. Dat, Jamie besiket him oan 'e Japanners oer te jaan. Mar om't er mar sa'n jonkje is dat dúdlik gjin inkele bedriging foar de Japanske oerhearsking fan Sjanghai ynhâldt, hawwe de Japanners folle wichtiger soargen. Hy wurdt dêrom kear op kear straal negearre. As er him foar de safolste kear besiket oer te jaan, wurdt syn fyts stellen. Neitiid wurdt er efterfolge troch in Sineeske strjitjonge, dy't, as er him op 't langelêst te pakken kriget, Jamie syn skuon stelt. Ear't de jonge him slimmer tenei komme kin, flechtet Jamie blynseach in strjitte oer, dêr't er op in hier nei oanriden wurdt troch Basie en Frank, in pear Amerikaanske ritselders. Basie jeit de Sineeske jonge fuort en feroaret Jamie syn namme yn Jim ("in nije namme foar in nij bestean").

Basie jout Jim in waarm miel en in bêd, mar de oare deis besiket er him te ferkeapjen. As dat net slagget, is er fan doel en lit Jim efter op 'e dyk, mar Jim biedt oan om him en Frank nei de Ynternasjonale Delsetting te lieden om 'e leechsteande filla's dêre te plonderjen. As se by de filla fan Jim syn âlden arrivearje, baarne dêre alle ljochten. Jim giet der fuortendaliks fan út dat syn âldelju wer thúskommen binne en draaft al roppend nei de foardoar, dy't lykwols iependien wurdt troch in Japanner. It docht bliken dat it hûs no bewenne wurdt troch Japanske troepen, en Jim wurdt yn 'e mande mei Basie en Frank finzen nommen nei't de beide mannen troch de Japanners flink mishannele binne. Se bedarje yn it Boargerlik Gearkomstesintrum Lunghua, dêr't se dagenlang yn primitive omstannichheden finzen bliuwe, foar't se úteinlik trochstjoerd wurde nei it jappekamp yn Suzhou. Dêr wurde de finzenen ynset foar twangarbeid om in lâningsbaan oan te lizzen foar in nij Japansk militêr fleanfjild.

Op dat punt makket de film in sprong fan trije en in heal jier foarút. Hy giet fierder yn 'e simmer fan 1945, as de Twadde Wrâldoarloch yn Aazje en Oseaanje op syn ein rint. Jim hat him tsjin dy tiid alhiel oanpast oan it libben yn it jappekamp, dêr't er, dúdlik ûnder ynfloed fan Basie, in súksesfol klandestyn ruilhannelsnetwurk opset hat. Dêr binne net inkeld de finzenen by belutsen, mar ek de Japanske kampkommandant, sersjant Nagata, foar wa't Jim soarget dat de skuon poetst wurde yn ruil foar in stikje sjippe. Nettsjinsteande de terreur fan 'e Japanske kampbewekkers en de minne libbensomstannichheden yn it kamp identifisearret Jim him foar in part mei de Japanners fanwegen harren moed en de prachtige Japanske fleanmasinen op it njonken it kamp leine fleanfjild. Troch de ôffreding fan stikeltrie hinne slút er freonskip mei in Japanske jonge fan syn jierren, dy't de soan fan ien fan 'e piloaten is.

Rawlins, in Britske dokter dy't de klinyk fan it kamp runt, is in soarte fan surrogaatheit foar Jim wurden, dy't him û.o. les yn it Latyn jout. Frou Victor, dy't mei har man yn deselde barak sliept as hy, is foar him op betiizjende wize oan 'e iene kant in surrogaatmem en oan 'e oare kant in lustobjekt. Jim bringt ek in protte tiid troch by Basie, dy't mei Frank en in groep Amerikaanske kriichsfinzenen yn in aparte barak libbet. Dêr hearsket in hiel oare kultuer as yn 'e Britske barakken, dy't Jim folle mear oansprekt. Underwilens tinkt Jim goed om 'e oare finzenen. As it mei de sûnens fan frou Victor yn it neigean rekket, soarget hy derfoar dat se net foarbyparte wurdt mei iten. Op in jûn nei in bombardemint fan 'e Amerikaanske Loftmacht op it fleanfjild jout sersjant Nagata opdracht om by wize fan represaille alle ruten fan 'e finzenebarakken yn te slaan. Dokter Rawlins besiket foar te kommen dat soks ek by de klinyk dien wurdt en grypt dêrby de katana fan Nagata beet. Dêrfoar kriget er fan Nagata in bêst wan bruien, mar Jim, dy't Japansk leard hat te sprekken, slacht sels in pear ruten fan 'e klinyk yn en praat op 'e sersjant yn oant er him kriget safier kriget dat er de dokter fierder gewurde lit.

Jim wol graach syn yntrek nimme yn 'e Amerikaanske barak. Basie, dy't dêr foar master opslacht, seit dat er dat tastean sil as Jim oare kant it stikeltrie in pear strûpen set foar fazanten. Wat er Jim net fertelt, is dat der mank de Amerikanen ûnienichheid bestiet oer de fraach oft de Japanners by it stikeltrie lâns lânminen lein hawwe. Basie tinkt fan net en wol Jim syn libben dêr wol foar op it spul sette. Aldergeloks blykt Basie gelyk te hawwen. Jim wurdt lykwols op in hier nei trappearre troch in Japanske kampbewekker, en ûntkomt inkeld trochdat syn maat, de Japanske jonge, dy't sjocht wat der geande is, de bewekker op in krúsjaal momint ôfliedt. Neitiid lûkt Jim by de Amerikanen yn. Letter trochsykje de Japanners de Amerikaanske barak en treffe se sjippe, dy't foar de bewekkers bedoeld is, oan yn it besit fan Basie. Dêrom wurdt Basie wer flink mishannele, sadat er in skoft yn 'e klinyk leit te opbetterjen. Hy jout Jim opdracht en tink om syn eigendommen. De oare Amerikanen binne lykwols grutter en sterker as Jim, dat al Basie syn guod giet ferlern. Omreden fan dat falen ferstjit Basie nei syn weromkear Jim út 'e Amerikaanske barak.

Jim sliept dy nachts bûtendoar, en by moarnsdage is er troch it stikeltrie tsjûge fan 'e rituele risselwaasje fan trije Japanske kamikazepiloaten. Hy is dêr sa fan ûnder de yndruk dat er harren tasjongt en foar harren saluëarret. By it opstiigjen fan 'e trije fleantugen wurdt de lêste lykwols daliks delsketten as it fleanfjild bombardearre wurdt troch in squadron Amerikaanske P-51 Mustangs. Fan identifikaasje mei de Japanners ferfalt Jim dan fuort yn it oare uterste fan identifikaasje mei de Amerikanen. Hy beklimt de ruïne fan in pagoade dy't binnen de ôffredings fan it kamp stiet, en jûchheit de Amerikaanske fleantugen dêrwei ta. As dokter Rawlins him gewaar wurdt, klimt er Jim efternei om 'e alhiel oerstjoere jonge yn feilichheid te bringen. Wannear't de dokter him meiskuort en oankrûpt, stoart Jim ynienen emosjoneel yn en fertelt er gûlend dat er him net mear tebinnenbringe kin hoe't syn heit en mem der útsjogge.

As resultaat fan it bombardemint, dat alle fasiliteiten by it fleanfjild ferrinnewearre hat, beslute de Japanners it kamp te evakuëarjen. Yn alle betizing ûntsnapt Basie tegearre mei in Amerikaanske kriichsfinzene, Dainty. It rekket Jim raar dat Basie him efterlitten hat. Hy hat lykwols net folle tiid om dêrom te treurjen, want de finzenen krije mar trije oeren om har op 'e ôfreis út it kamp ta te rieden. Wylst se geandefoets fierder it binnenlân yn sette, risselwearret Jim syn Japanske freon om syn libben foar syn heitelân op te offerjen. Hoewol't er noch mar in opslûpen jonge is en frijwol gjin ûnderfining hat as piloat, wurdt er yn dizze einfaze fan 'e oarloch ynset as kamikaze. Hy trochrint it ritueel fan ôfskie en klimt dan yn 'e lêste fleanmasine fan 'e basis. As de motor lykwols stûket en útgiet en it fleantúch dêrnei net mear starte wol, is de jonge der stikken fan.