The November Man is in Amerikaansk-Britske aksje-spionaazjeskriller út 2014 ûnder rezjy fan Roger Donaldson, mei yn 'e haadrollen Pierce Brosnan en Olga Kurylenko. De titel betsjut "De Novimberman", in ferwizing nei haadpersoan Peter Devereaux: it sizzen is dat alles dea is as hy earne lâns kommen is, krekt as wannear't it novimber west hat. De film is basearre op 'e roman There Are No Spies, fan Bill Granger. It ferhaal giet oer in eardere spesjaal agint fan 'e CIA, dy't troch syn âlde sjef yn in nije operaasje behelle wurdt. Hy moat in frou opspoare dy't ynformaasje hat oer de oarlochsmisdieden fan Arkady Fedorov, de man dy't op it punt stiet presidint fan 'e Russyske Federaasje te wurden. Dêrby wurdt er tsjinwurke troch in hiermoardneresse yn 'e tsjinst fan Federov en troch syn eigen eardere pupil by de CIA. The November Man krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot Yn 2008 is Peter Devereaux, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA mei in protte ûnderfining, yn Montenegro, dêr't de tsjinst lucht krigen hat fan in op hannen wêzende moardoanslach op 'e Amerikaanske ambassadeur. Devereaux nimt it plak fan 'e ambassadeur yn by in formele gelegenheid mei in protte publyk. Hy wurdt delsketten troch de oanslachdogger mar oerlibbet it om't er ûnder syn trijedielich pak in kûgelfrij fest draacht. Syn jonge protezjee David Mason, dy't mei in skerpskuttersgewear posysje ynnommen hat yn ien fan 'e omlizzende gebouwen, giet tsjin Devereaux syn befel yn en fjurret op 'e oanslachdogger. Dy sjit er dêrby dea, mar ûnderwilens is it publyk yn 'e panyk rekke en spat alle kanten út. Dêrtroch sjit er by fersin ek in lyts jonkje dea.
Fiif jier letter is Devereaux mei pinsjoen en wennet er Lausanne, yn Switserlân, dêr't er in kafee runt. Hy wurdt opsocht troch syn eardere sjef, CIA-agint John Hanley, dy't him freget om in CIA-aginte út Moskou wei nei Sint-Petersburch en de Finske grins oer te helpen. It giet dêrby om Natalja Ulanova, mei wa't Devereaux jierren lyn in romantyske relaasje hân hat. Hanley seit dat Natalja spesifyk om Devereaux frege hat, dat Devereaux lit him oerhelje om foar ien kear werom te kommen.
Natalja is yn Moskou undercover as de assistinte fan generaal Arkady Fedorov, fan wa't eltsenien ferwachtet dat er mei koarten de nije presidint fan 'e Russyske Federaasje wurde sil. Wylst har baas in taspraak hâldt, brekt sy yn syn klûs yn en makket kopyen fan âlde foto's fan syn oarlochsmisdieden yn 'e Twadde Tsjetsjeenske Oarloch. Neitiid pykt se út mei de bedoeling om troch in evakuaasjeteam fan 'e CIA-team oppikt en fuorthelle te wurden. Ien fan 'e leden fan it team is David Mason. As Fedorov merkt dat der ynbrutsen is yn syn klûs, stjoert er aginten fan 'e Russyske ynljochtingetsjinst FSB efter Natalja oan, dy't har efterfolgje troch de strjitten fan Moskou. Wannear't se klemriden wurdt, arrivearret ynienen as út it neat Devereaux, dy't har rêdt en mei har fuortriidt. Natalja is alhiel feralterearre om him hjir te sjen. Hy freget har om 'e namme dy't se neffens Hanley bemachtige hawwe soe, en sy antwurdet: "Mira Filipova", wat hy trochjout oan Hanley.
Underwilens is it evakuaasjeteam fan 'e CIA, dat koördinearre wurdt troch Hanley, him alhiel ûnbewust fan 'e belutsenens fan Devereaux. Mei't de FSB no wit dat Natalja in spionne is, en om't se by in ûnbekende trêde partij yn 'e auto stapt is mei wa't se blykber bannen ûnderhâldt, jout Perry Weinstein, de sjef fan it CIA-buro yn 'e Servyske haadstêd Belgrado dy't de lieding oer de opeaasje hat, befel om Natalja te eliminearjen. Hanley protestearret dêr foar de foarm tsjin, mar Mason fiert de opdracht út mei in skerpskuttersgewear fan it dak fan in gebou ôf. De stjerrende Natalja triuwt Devereaux har mobile tillefoan yn 'e hannen, dêr't de foto's op steane dy't se makke hat fan 'e âlde foto's út 'e klûs fan Fedorov. Devereaux is poermâl om har dea en wachtet it evakuaasjeteam bûten op as it it gebou ferlitte wol. Hy sjit trije leden fan it team dea, mar as er foar Mason oer komt te stean, litte de beide mannen ferstuivere harren pistoalen sakje en rinne byinoar wei.
Neitiid ljochtet Weinstein Mason yn oer de relaasje dy't Devereaux en Natalja mear as tsien jier earder hân hawwe. Ut ûndersyk docht bliken dat Hanley koart tefoaren ûnder in falske identiteit nei Lausanne reizge is, dêr't er kontakt makke hat mei Devereaux. Weinstein en syn bazen yn it CIA-haadkertier yn Langley (Firginia) binne net wiis mei syn selsstannich operearjen en litte him fêstsette foar ûnderfreging troch syn eardere ûnderhearrige Celia.
Underwilens siket Edgar Simpson, in sjoernalist fan The New York Times, yn Belgrado kontakt mei Alice Fournier, in sosjaal wurkster dy't traumatisearre asylsyksters begeliedt. Hy wol in eksposee skriuwe oer de oarlochsmisdieden dy't Arkady Fedorov ûnder de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch begien hat en freget har om ynformaasje oer asylsyksters út 'e Russyske Kaukasusregio dy't him mear fertelle kinne. In Russyske hiermoardneresse, Aleksa, dy't troch Fedorov ynhierd is om losse eintsjes út syn ferline ôf te triedzjen, arrivearret ek yn Belgrado en fynt út dat Alice mei Simpson ôfsprutsen hat yn in kafee. Yn 'e tuskentiid hat Devereaux, ek yn Belgrado, de wente fan Hanley trochsocht, dêr't er oanwizings fûn hat dy't him nei Alice liede. Yn it kafee wit er op it nipperke foar te kommen dat Aleksa Alice fermoardet, wêrnei't er mei har op sleeptou ûntkomt oan in team fan 'e CIA û.l.f. fan Mason, dat him fan Hanley syn hûs ôf folge is.
Wannear't Devereaux letter Alice ûnderstiet oer de namme 'Mira Filipova', antwurdet se dat dat yndie ien fan 'e jonge asylsyksters wie dy't se begelaat hat, mar dat Mira trije jier lyn spoarleas ferdwûn is nei't se oan 'e drugs rekke wie en begûn wie te tippeljen. Alice fertelt dat de doe fyftjinjierrige Mira ûnder de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch jierrenlang seksueel misbrûkt waard troch Fedorov, dy't har finzen hold. It fanke bearde dat se dôfstom wie, mar spriek eins sawol Russysk as Ingelsk en wie tsjûge fan withoefolle belêstende petearen fan Fedorov mei oaren. Ien fan 'e wichtichste gefallen dêrfan wie dat Fedorov behelle wie yn in gearspanning om 'e Tsjetsjenen de skuld op 'e lea te skowen fan in bomoanslach op in gebou mei Russyske boargers, sadat hy dat neitiid brûke koe as in casus belli om 'e Twadde Tsjetsjeenske Oarloch te begjinnen en de lukrative ierdoaljefjilden fan Tsjetsjeenje yn te klauwen.
As er dat heart, nimt Devereaux Alice mei by in besyk oan Semjon Denisov, in Russyske âld-ofsier dy't eartiids yn Tsjetsjeenje nau mei Fedorov gearwurke hat en dy't no yn Belgrado in rike poaier wurden is. Devereaux ken Denisov út syn ferline as CIA-agint, en de beide mannen hawwe in kwasy-freonskiplike relaasje. Denisov befêstiget it ferhaal dat Alice fan Mira heard hie en foeget deroan ta dat dejinge dy't de bomoanslach útfierde, eins in agint fan 'e CIA wie. Devereaux dûkt ûnder mei Alice yn in hûs dat lyk foaroer it appartemintekompleks stiet dêr't Mason wennet. Nachts kringt er it appartemint fan Mason binnen en stelt him op 'e proef troch syn buorfrou Sarah, mei wa't er in romantyske relaasje ûnderhâldt, te ferwûnjen en te sjen wêr't Mason foar kiest: efter Devereaux oangean en Sarah deabliede litte, of it libben fan Sarah rêde en Devereaux ûntkomme litte. Mason kiest foar it lêste.
Neitiid stjoert Devereaux Alice fuort, nei't er har genôch jild jûn hat om te ferdwinen en earnewêr oars yn 'e wrâld in nij bestean op te bouwen ûnder in nije identiteit. Ynstee giet se nei Edgar Simpson ta om him te helpen by it skriuwen fan syn artikel oer Fedorov. Fan him heart se dat Fedorov koartby yn Belgrado arrivearre is foar in ynternasjonale konferinsje oer enerzjy. Wannear't se mei Simpson nei syn hûs giet, wurde se dêr opwachte en oanfallen troch Aleksa, dy't Simpson oer it mad komt en him de kiel trochsnijt. Wylst er op 'e flier yn it stjerren leit, klampet er him lykwols oan ien fan har skonken fêst, wat Alice de kâns jout om te ûntkommen.
Devereaux ynfiltrearret de CIA-skûle dêr't Hanley ûnderfrege wurdt. Hy reaget Celia oan 'e kant om Hanley sels oer in pear dingen te ûnderstean. Lykas Mira Filipova en de belutsenens fan 'e CIA by de bomoanslach dy't ta it útbrekken fan 'e Twadde Tsjetsjeenske Oarloch late. Hanley fertelt frij-út oer Mira har eftergrûn, dy't as twa drippen wetter liket oer wat Alice Devereaux oer har eigen jonkheid ferteld hat. Hy kriget foar it ferstân dat Alice en Mira ien-en-deselde persoan binne. Wat de bomoanslach oanbelanget, dêroer beweart Hanley dat syn baas Perry Weinstein derefter siet. Neitiid ûntdekt Celia, dy't by de konfrontaasje tusken Devereaux en Hanley goed taharke hat, dat Mira de identiteit fan 'e jierren earder oan in natuerlike deadsoarsaak ferstoarne Alice Fournier stellen hat om harsels ûnfynber te meitsjen. Mason ferdjippet him yn Devereaux syn aktiviteiten sûnt syn pinsjonearring, en ûntdekt dat Devereaux út syn relaasje mei Natalja Ulanova in dochter fan tolve jier hat dy't Lucy hjit. Dy ynformaasje spilet er troch oan Weinstein.
Mira alias Alice giet wilens nei Denisov ta en wit syn help te winnen troch te sizzen dat Devereaux har stjoerd hat. Troch har foar te dwaan as ien fan Denisov syn hoerkes, wit se troch te kringen yn 'e hotelkeamer fan Fedorov. Mei in diggel fan in stikken sleine spegel komt se him oer it mad en besiket se him te fermoardzjen, út wraak foar it feit dat er hy yn 'e oarloch har âldelju en broer deadien hat en harsels twa jier lang yn seksuele slavernij holden hat. As it derom spant, docht lykwols bliken dat Mira gjin moardner is en slagget it har net om harsels derta te bringen in oare minske dea te meitsjen, al hoe't se him ek hatet. Underwilens hat Devereaux efterhelle wat Mira yn 't sin hat. Hy kringt it hotel binnen, weeft handich mei de liifwachten fan Fedorov ôf en batst dan de hotelkeamer binnen, dêr't er Mira fan Fedorov rêdt.
Neitiid ûnderfreget Devereaux Fedorov ûnder bedriging mei in revolver, wêrmei't er him twingt ta in potsje Russyske rûlette. Devereaux wol de namme witte fan 'e CIA-agint dy't ferantwurdlik wie foar de bomoanslach op 'e Russyske boargers, ta befêstiging fan wat Hanley him ferteld hat. As Fedorov úteinlik brekt, seit er dat it Weinstein net wie, mar Hanley sels. Wannear't Devereaux in âlde foto fan himsels mei Weinstein en Hanley foar 't ljocht hellet, befêstiget Mira dat it de keale Hanley wie. Devereaux lit Fedorov libje en hy en Mira witte krekt op 'e tiid fuort te kommen as Mason mei in CIA-team yn it hotel arrivearret. By in konfrontaasje slacht Devereaux Mason bewusteleas, mar lit dan de mobile tillefoan by him efter dêr't er de bekentenis fan Fedorov mei opnommen hat.
Mason giet mei dy fideo nei Celia ta, en tegearre beslute se dat Weinstein dit witte moat. As se yn dy syn kantoar komme, blykt de lieding oer it CIA-buro yn Belgrado lykwols ûnderwilens oernommen te wêzen troch Hanley, mei't de lieding fan 'e CIA ta de konklúzje kommen is dat it wolris handich wêze kinne soe as se de nije presidint fan Ruslân sjantearje kinne mei wat Hanley wit. Weinstein is dêrom weromroppen nei de Feriene Steaten. Mason en Celia beseffe dat se mei harren ynformaasje no nearne mear hinne kinne, dat se hâlde stil wat se útfûn hawwe.
As Devereaux syn dochter Lucy opskillet, nimt Hanley op, dy't it tolvejierrige famke yn gizeling nimme litten hat. Hy wol har wol oan Devereaux weromjaan, mar inkeld as dy him Mira jout. Dyselde wit nammentlik tefolle en moat dêrom dea. Devereaux bepraat Mira, dy't him helpe wol om Lucy werom te krijen, om nei it sintraal stasjon fan Belgrado te gean, trije treinkaartsjes te keapjen en op him en Lucy te wachtsjen. Op it stasjon makket Mira gebrûk fan in publike kompjûter om har tsjûgenis op te tekenjen fan 'e oarlochsmisdieden fan Fedorov. Se docht dat yn 'e foarm fan in krante-artikel, werby't se behalven har eigen ek Simpson syn namme ûnder it stik set.