De Nasjonale Bibleteek fan Azerbeidzjan (Azerbeidzjaansk: Azərbaycan Milli Kitabxanası) is de nasjonale bibleteek fan Azerbeidzjan, oprjochte yn 1922, dy't fungearret as in steatsargyf. Dêr wurde twa eksimplaren fan alle yn Azerbeidzjan útjûne boeken en tydskriften (en ek in protte bûtenlânske) opslein. Datoangeande ferfollet de Nasjonale Bibleteek fan Azerbeidzjan deselde funksje as dy't yn Nederlân de Keninklike Bibleteek yn De Haach hat en yn Fryslân Tresoar. De bibleteek stiet yn de Azerbeidzjaanske haadstêd Bakû en hat mear as 4,5 miljoen boeken.Nasjonale Bibleteek fan Azerbeidzjan / About Us – History

De bibleteek is nei de Azerbeidzjaanske skriuwer en filosoof Mirzə Fətəli Axundov ferneamd.

Keppelings om utens

Offisjele webside fan de Nasjonale Bibleteek fan Azerbeidzjan

Azerbeidzjan Kategory:Bibleteek yn Azerbeidzjan Kategory:Bouwurk yn Bakû Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1922 Kategory:Bouwurk út 1923