O Brother, Where Art Thou? is in Amerikaansk-Britsk-Frânsk histoarysk komeedzjedrama út 2000 ûnder rezjy fan Joel Coen, mei yn 'e haadrollen George Clooney, John Turturro en Tim Blake Nelson. De film is moderne satire dy't loskes basearre is op 'e Odyssee, it Aldgrykske epos fan Homearus. Sa komme der sirenen en in sykloop yn foar, wylst Ulysses de earste foarnamme is fan it personaazje fan Clooney. ("Ulysses" is de Latynske foarm en "Odysseus", de namme fan 'e haadpersoan fan 'e Odyssee.) It ferhaal giet oer trije ûntsnapte finzenen dy't yn it Mississippy fan 'e 1930-er jierren nei in ferburgen skat sykje, wylst de plysje harren op 'e hakken sit. Op harren omswalkings belibje se alderhanne nuvere dingen en komme se aparte figueren tsjin. De soundtrack fan O Brother, Where Art Thou? bestiet foar in grut part út countrymuzyk út 'e perioade dêr't de film yn spilet, dy't troch de film wer populêr waard. O Brother, Where Art Thou? krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar twa Oscars en wûn in Golden Globe (foar George Clooney) en twa Grammy Awards (foar de filmmuzyk).
Titel De titel fan 'e film betsjut "O Broer, Wêr Binne Jy?" It set net sa maklik oer nei it Frysk, om't it Frysk eins net sokke heechdravende taal hat. Dêrom giet der by de fertaling frijwat oan betsjutting ferlern. It set better oer nei it Nederlânsk, dêr't it "O Broeder, Waar Zijt Gij?" wurde soe. De titel is in ferwizing nei de Amerikaanske film Sullivan's Travels, út 1941, wêryn't de protagonist in regisseur is dy't it fiktive boek O Brother, Where Art Thou? oer de Grutte Depresje ferfilmje wol. Dat moat in "kommentaar [wurde] op 'e moderne omstannichheden, neaken reälisme, en de swierrichheden dêr't de gewoane man mei te krijen hat". Om't er sels op dat mêd gjin inkele ûnderfining hat, set de regisseur ôf op in reis om soks sels foar it earst libbensliif te ûndergean, mar syn krewearjen wurdt sabotearre troch syn filmstudio, dy't frijwat senuweftich is oer syn ôfwiken fan 'e wenstige manear om films te meitsjen.
Plot De finzenen út in tichthûs yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Mississippy wurde ûnder de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren as twangarbeiders bûtendoar oan it wurk set, wêrby't se by trijen oan in keatling sitte. Ien fan 'e mannen, Ulysses Everett McGill, dy't himsels Everett neame lit, fertelt de beide finzenen dêr't er oan fêst sit, dy't Pete en Delmar hjitte, dat er in finzenisstraf útsit foar in bankoerfal wêrby't er $1,2 miljoen bútmakke hat. Dat jild hat er ferstoppe op syn hiem, mei de bedoeling om it wer op te dobjen as er frijkomt. No hat er lykwols heard dat de delling dêr't syn hûs stiet, oer in dei as fiif ûnder wetter set wurde sil om in opslachmar te kreëarjen sadat by in keardaam hydro-elektrisiteit opwekke wurde kin. Mei oare wurden: hy moat sjen dat er binnen fiif dagen de bút opsiket, oars leit it op 'e boaiem fan 'e opslachmar en is er it kwyt. Sadwaande ûnthjit er Pete en Delmar elts in trêdepart fan 'e bút as se him helpe te ûntsnappen. Dêr hawwe de oare beide mannen wol earen nei, dat trijeresom pike se út.
As se by in spoarline komme, krije se in lift fan in âlde bline swarte man op in hânkarre. Dyselde blykt oer profetyske jeften te beskikken, en foarseit dat se nei gâns omdoarmings in skat fine sille, mar in oarenien as dêr't se nei sykje. It trijetal wit de wente fan Washington Bartholomew Hogwallop te berikken, byneamd Wash, in neef fan Pete. Dyselde makket harren boeiens los en set harren in miel foar, wêrnei't se har deljouwe yn it hea op 'e hynstetilingen boppe de skuorre. Midden yn 'e nacht wurde se rou wekker makke as de ûnmeilydsume sheriff Cooley en syn helpsheriffs de skuorre besingele hawwe. It docht bliken dat Wash it trio oanjûn hat om 'e preemje te ynkassearjen dy't harren op 'e holle set is. As se har net gau genôch oerjouwe, lit Cooley de skuorre yn 'e brân stekke. It trio wurdt lykwols rêden troch Wash syn jonge soan Boy, dy't neat fan 'e plysje hawwe moat en fynt dat syn heit in nuver misslach makke hat troch famylje oan 'e autoriteiten te ferrieden.
Mei de stellen auto fan Wash reizgje de trije ûntsnapten fierder. Op in krúspunt yn nearnehuzen pikke se de jonge swarte muzikant Tommy Johnson op, dy't beweart dat er de ôfrûne nacht syn siel ferkocht hat oan 'e duvel yn ruil foar it fermogen om treflik gitaarspylje te kinnen. Hy wol no by in radiostjoerder dy kusten út in liet opnimme litte, mei't er heard hat dat de manager fan it radiostasjon dêr goed jild foar betellet. Everett-en-dy hawwe ek ferlet fan jild, dat se beslute mei Tommy te gean. Fjouweresom nimme se foar Lund, de bline manager, it countryliet Man of Constant Sorrow op. As Lund nei de namme fan harren band fernimt, tinkt Everett foar de hân wei de namme "The Soggy Bottom Boys" op. Dy nachts bliuwe se oer yn in ferlitten skuorre, mar om't it dêr stjonkt, beslute se yn 'e iepen loft te sliepen. Dat komt goed út, want Cooley en syn helpsheriffs hawwe harren spoar folge en besingelje de skuorre. Tommy pykt fuortendaliks út en Everett, Pete en Delmar beslute ek fan ruten te spyljen as dúdlik wurdt dat de auto as ferlern beskôge wurde moat.
De oare deis reizgje Everett, Pete en Delmar geandefoets fierder, oant se in lift krije fan in man yn in auto dy't sels ek troch de plysje efterfolge blykt te wurden. It is de manysk-depressive bankrôver Baby Face Nelson (al wurdt er tige lulk as er mei dy ûnwinske bynamme oantsjut wurdt). Tsjin wil en tank makket er Everett-en-dy mandélich oan in bankoerfal. Dy jûns, as er yn ien fan syn depressive riten ferkeart, skinkt er Everett-en-dy de hiele opbringst fan 'e oerfal fan dy deis en jout er him ôf. Underwilens groeit Man of Constant Sorrow, sûnder dat Everett en syn maten it witte, op 'e radio út ta in reuseftige hit. Der komme hieltyd mear fragen oer wa't dy mysterieuze 'Soggy Bottom Boys' wêze kinne. Inkeld de politike kampanje foar it gûverneurskip fan Mississippy, dy't giet tusken de sittende gûverneur "Pappy" O'Daniel en syn útdager Homer Stokes, is likefolle yn it nijs. O'Daniel is in grouwe âldkeardel en in troch en troch korrupt stik sjagryn, wylst Stokes in sympatike man yn syn middeljierren is, dy't stiet foar in yntegere foarm fan it bedriuwen fan polityk. Yn 'e opinypeilings leit O'Daniel fier efter op Stokes, ta syn eigen oanhâldende argewaasje.
By in benzinestasjon stelle Everett-en-dy in oare auto. Neitiid hearre se sjongen by in rivier. Se hâlde ho en ûntdekke trije jonge tsjeppe waskfroulju dy't op 'e rotsen oan 'e igge klean oan it waskjen binne. De mannen, dy't troch harren jierren fan finzenskip net folle wend binne op it mêd fan froulike skientme, reitsje alhiel oerémis en litte harren troch de ferliedlike froulju drogearje mei maïswhiskey oant se bewusteleas reitsje. As Delmar en Everett wer by sûpe en stút komme, fine se fan Pete inkeld syn klean werom, dy't njonken harren lizze yn 'e foarm fan in man, mar sûnder man deryn. As der in pod útkrûpt, bepraat Delmar himsels en letter ek Everett derfan dat de froulju heksen wiene, dy't Pete betsjoend en yn in pod feroare hawwe. Hy bewarret de pod soarchfâldich yn in âld skuondoaze, deabenaud dat er Pete hielendal kwytreitsje sil.
Yn in restaurant treffe Everett en Delmar de ieneagige bibelferkeaper Big Dan Teague, dy't harren oanpraat om it bestelde iten mei te nimmen foar in picknick en him dêr dan sels foar útnûget. Nei't er it iten efter de kiezzen hat, brekt Big Dan in stevige tûke fan in beam, dêr't er Delmar in wan bruien mei jout en Everett bewusteleas mei slacht. Dêrnei berôvet er harren fan alle jild fan 'e bankoerfal mei Baby Face Nelson. Hy fermoedet dat se yn 'e skuondoaze, dy't se sa sekuer bewekje, noch mear jild hawwe, mar as er dêr inkeld in pod yn oantreft, is er sa lulk dat er it bistke, ta grutte konsternaasje fan Delmar, deaknypt.
Om't Big Dan ek harren stellen auto stellen hat, moatte Everett en Delmar neitiid meiliftsje mei oaren om har bestimming op 'e tiid te berikken. Underweis sjocht Everett Pete mei oare finzenen twangarbeid ferrjochtsjen, mar it is mar in glimp yn it foarbygean en hy hâldt it foar gesichtsbedroch. Ienris oankommen yn Everett syn wenplak, sjogge se by in kampanjegearkomste fan Homer Stokes trije jonge famkes optreden as The Wharvey Gals. Everett wurdt dêr alhiel opsternaat fan. It docht bliken dat trije famkes syn dochters binne, dy't McGill hjitte. Syn frou Penny hat har lykwols fan him skiede litten nei't er yn 'e finzenis kaam, en lit syn dochters no blykber oantsjutte mei har famkesnamme Wharvey. Hy wurdt noch lulker as er fan syn dochterkes heart dat Penny harren ferteld hat dat hy dea wie. Everett siket Penny op en konfrontearret har dêrmei, mar sy hâldt him foar dat er yn 'e finzenis gjin kostwinner wêze kin wylst sy en harren seis, ûnderwilens sân dochters dochs ite moatte. Dêrom hat se in skieding oanfrege en om har hinne sjoen nei in bettere man en in nije heit foar de famkes. Dy hat se fûn yn Vernon T. Waldrip, de kampanjelieder fan Homer Stokes, mei wa't se moarn trouwe sil. Everett wynt him dêr sa oer op dat er slaanderij mei Vernon kriget, wêrby't er it gefjocht kânsleas ferliest.
Om 'e sinnen wat te fersetten geane Everett en Delmar nei de pleatslike bioskoop, dêr't troch harren sipiers ek in kloft yn keatlings boeide finzenen binnenbrocht wurdt. Diskear is der gjin twifel mooglik: ien fan 'e finzenen is Pete. Dy nachts brekke Everett en Delmar yn 'e barak yn dêr't de finzenen sliepe en befrije harren maat. Pete leit út dat de trije waskfroulju him ek drogearre hiene, wêrnei't se him fuortsleepten om him oan te jaan yn ruil foar de preemje dy't him op 'e holle set wie. Hy bychtet ek op dat er harren plan ferret hat. Doe't sheriff Cooley him mei de swipe joech, liet er gjin wurd los oer de skat dy't se opdolle sille, mar doe't der in stroppe foar him klearhongen waard, sloech er troch en hat er alles ferteld. Cooley en syn posse sille harren sadwaande perfoarst opwachtsje by Everett syn âlde hûs. Dêrop bychtet Everett op dat it neat útmakket, want der hat nea in skat west. Hy siet nammentlik net yn it tichthûs foar in bankoerfal, mar om't er him foar abbekaat útjûn hie sûnder dat er dêr de fereaske diploma's foar hie. Mar hy hie heard dat syn frou Penny mei fiif dagen wertrouwe soe, en hy moast sjen dat er dat tsjinkearde. Om Pete en Delmar mei te krijen, oan wa't er ommers mei keatlings fêstsiet, hong er sadwaande in ferhaal oer in skat op. De oaren, fral Pete, binne poerlulk oer dat bedroch. Pete hoegde noch mat twa wiken út te sitten en hy stelt him foar dat er foar it útbrekken noch grif fyftich jier derby krije sil.
De wurden dy't it trio dêroer hat ferstomje lykwols as se by fersin in gearkomste fan 'e rasistyske Ku Klux Klan (KKK) trappearje, mei grut baarnend krús en al. It docht bliken dat de Klanleden de swarte muzikant Tommy Johnson finzen nommen hawwe, dy't se fan doel binne te lynchen troch him op te hingen. Everett-en-dy komme in trijetal Klanleden oer it mad, slane dyselden bewusteleas en stelle harren wite mantels en maskere puntmûtsen. Ferklaaid as Klanleden ynfiltrearje se de gearkomste om Tommy te rêden. Mar Big Dan Teague, dy't ek in lid fan 'e Ku Klux Klan blykt te wêzen, rûkt de hierkrêm dy't de idelteuterige Everett altyd brûkt, skuort it trijetal de mûtsen ôf en makket harren bekend as ynkringers. Troch harren smoarge gesichten sjocht de readbemantele grand wizard, dy't de lieding oer de gearkomste hat, harren oan foar mulatten. Yn 'e gaos dy't dan ûntstiet, witte Everett, Pete en Delmar Tommy te befrijen. As se efterfolge drige te wurden, knipt Everett in keabel troch dêr't it reuseftige baarnende krús mei oerein holden wurdt. It krús komt del en ferplettereret Big Dan Teague. Everett-en-dy witte mei Tommy te ûntkommen.