Batman v Superman: Dawn of Justice is in Amerikaanske superheldefilm út 2016 ûnder rezjy fan Zack Snyder, mei yn 'e haadrollen Henry Cavill as Superman en Ben Affleck as Batman. De titel betsjut "Batman fersus Superman: Dage fan Rjochtfeardichheid". It ferhaal folget de superhelden Superman en Batman, dy't sûnder dat se it trochhawwe, tsjininoar op set wurde troch de manipulaasje fan 'e psychopatyske jonge miljardêr en sakeman Lex Luthor. Dyselde is obsedearre rekke troch it idee om Superman te ferneatigjen en sjocht yn Batman in stik ark om dat doel te berikken. Batman v Superman: Dawn of Justice is it twadde diel út 'e DC Extended Universe-filmsearje oer de superhelden fan stripútjouwerij DC Comics. De film folget as sadanich op Man of Steel, út 2013. It folgjende diel is Suicide Squad, in film dy't krekt as Batman v Superman: Dawn of Justice yn 2016 útkaam. It personaazje fan Batman is net itselde as dat troch Christian Bale spile waard yn 'e Dark Knight-trilogy, en wat dat oangiet, tsjinnet Batman v Superman: Dawn of Justice dus as in reboot fan 'e Batman-rige. Hoewol't Batman v Superman: Dawn of Justice de op seis nei meast opbringende film fan 2016 wie, krige de film oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en prestearre er yn 'e bioskopen ûnder ferwachting.
Plot Yn in flashback nei syn bernetiid draaft in jonge Bruce Wayne by de begraffenis fan syn âldelju wei, dy't deasketten binne by in strjitrôf. Mei feart en faasje siket er in paad troch in bosk op it lângoed dat no sines is, oant er yn 'e grûn wei sakket en yn in oergroeide grot falt. Wylst er op 'e boaiem fan 'e grot heal yn 'e sûs leit, kriget er in fizioen fan in rûntsjedraaiende mealstream fan flearmûzen dy't him optilt nei it ierdoerflak.
Werom yn 'e hjoeddeistige tiid wurdt de Ierde oanfallen troch de bûtenierdske Kryptoanyske generaal Zod en syn trewanten (sjoch: Man of Steel). Dyselden wolle der in nij Krypton fan meitsje, mar moatte dêrfoar de minskheid earst útrûgje. De planeet wurdt ferdigene troch Superman, in Kryptoanjer dy't as poppe nei de Ierde stjoerd is en op it plattelân fan Kansas troch minsklike âlden grutbrocht is. Yn 'e gaos en ferneatiging dy't de stêd Metropolis treffe as Zod-en-dy en Superman inoar befjochtsje, besiket Wayne de wurknimmers fan syn bedriuw te rêden, dy't wurkje yn in wolkekliuwer yn it sintrum fan Metropolis. Hy komt lykwols te let, mei't gebou sa slim skansearre rekke is dat it ynstoart. Wayne besiket in wurknimmer te helpen dy't mei de beide skonken ûnder in grut brokstik beton telâne kommen is, mar lit him efter as in lyts famke ferplettere driget te wurden troch fallend pún. Hy wit har te rêden, mar har mem is omkommen by it ynstoarten fan it kantoargebou.
Oardel jier nei't Superman mei help fan it Amerikaanske Leger generaal Zod ferslein hat, is de bûtenierdske superheld in kontroversjeel figuer wurden. In grut diel fan 'e minskheid sjocht him as in soarte fan ferlosser, wylst oaren him net fertrouwe en ornearje dat er de Ierde yn in hânomdraai ferneatigje kin as er it ea op 'e heupen kriget. Ien fan dy lêste kategory is miljardêr Bruce Wayne, dy't Superman as in eksistinsjele bedriging foar de minskheid sjocht. Sels operearret er, yn 'e foarm fan 'e Batman (letterlik: "Flearmûzeman"), al tweintich jier as figilante en superheld yn syn wenplak Gotham City, dat oan 'e oare kant fan 'e baai leit, rjocht foar Metropolis oer. Oars as de measte Superman-kritisy fielt hy himsels roppen om wat oan it Superman-probleem te dwaan. Ek yn it Amerikaanske Kongres wurde fragen steld, en der is in kommisje fan 'e Amerikaanske Senaat ûnder lieding fan senator June Finch fan Kentucky ynsteld om 'e mooglike bedriging te bestudearjen dy't Superman foar de minskheid ynhâldt.
Underwilens steurt sjoernalist Clark Kent, it geheime alter ego fan Superman, him oan 'e figilantistyske útspattings fan Batman. Hy fynt dat soks yn in demokratyske maatskippij net troch de bûgel kin en set útein mei it skriuwen fan in rige artikels yn 'e krante The Daily Planet om 'e misdieden fan Batman oan 'e kaak te stellen. Sawol Wayne as Kent wurde, sûnder dat se it beseffe, manipulearre troch de psychopatyske jonge miljardêr en sakeman Lex Luthor, dy't obsedearre rekke is troch it idee om Superman te ferneatigjen en yn Batman in stik ark sjocht om dat doel te berikken.
Luthor besiket senator Finch oer te heljen om him in grut stik kryptonyt ymportearje te litten út it gebiet fan 'e Yndyske Oseaan, dat dêr ûntdutsen is nei it besykjen fan Zod om 'e Ierde op 'e nij te terrafoarmjen. Hy wiist derop dat kryptonyt it iennichste bekende materiaal is wêrfan't fêststiet dat it ferswakjende effekten op Kryptoanjers hat en yn grut genôge hoemannichten sels deadlik is. It is dêrom wichtich om sa'n wapen tsjin Superman efter de hân te hawwen. Finch fermoedet dat Luthor syn eigen aginda hat en wegeret har meiwurking, mar Luthor smokkelet it kryptonyt likegoed it lân yn. In ûnderhearrige fan Finch dy't symptatisearret mei Luthor syn anty-Superman-opstelling soarget der boppedat foar dat Luthor tagong kriget ta it Kryptoanyske ferkenningsskip (sjoch: Man of Steel) en ta it stoflik omskot fan generaal Zod.
Wayne kriget ûnderwilens foar it earst Luthor yn it fizier as er útfynt dat de Russyske wapenhanneler Anatoli Knjazev mei him yn kontakt stiet. Knjazev is foar Wayne fan belang om't er fan it bestean fan kryptonyt heard hat, en útsocht hat dat Knjazev it iennichste fan dy stof yn syn besit hat. Op in galajûn ta eare fan Luthor, dy't holden wurdt yn it haadkertier fan syn bedriuw LexCorp, is Wayne ien fan 'e útnûge gasten, wylst Kent der as sjoernalist oanwêzich is. Wayne makket fan 'e gelegenheid gebrûk om kodearre ynformaasje streekrjocht út it mainframe fan 'e kompjûter fan LexCorp te stellen. Kent is erchtinkend oer Wayne syn aktiviteiten, mar wurdt ôflaat troch in grutte brân yn Ciudad Juárez, dêr't ferlet is fan syn boppeminsklike fermogens as Superman om in lyts famke te rêden.
De ynformaasje dy't Wayne stellen hat, wurdt lykwols wer fan him stellen troch in ûnbekende tsjeppe frou, antykhannelster Diana Prince. Sy jout it him werom nei't it har net slagget en brek troch de kodearring hinne. Dêrby seit se tsjin Wayne dat Luthor in foto stellen hat dy't fan har is en dy't se weromhawwe wol. Wylst Wayne de kodearring troch syn superkompjûter kreakje lit, falt er yn 'e sliep en dreamt er oer in post-apokalyptyske wrâld, wêryn't er sels oan it haad stiet fan in rebûlje tsjin in boasaardige Superman. Hy wurdt wekker makke troch in ûnidentifisearre maskere persoan, dy't troch in poarte yn it tiid-romtekontinuum ferskynt, him smeekt om "de oaren" te finen en seit dat Lois Lane "de kaai" is, foar't er like hommels as er ferskynd is, wer ferdwynt. Wayne beskôget dat as ûnderdiel fan syn dream. As de ynformaasje dekodearre is, blykt Luthor dossiers by te hâlden oer ferskate lju mei boppeminsklike krêften. Ien fan harren is Diana Prince, fan wa't er in foto út 'e Earste Wrâldoarloch hat dêr't se persiis like âld liket as no.
Wayne komt troch de dekodearre ynformaasje ek oan 'e weet dat Luthor it kryptonyt fia de haven fan Gotham City de Feriene Steaten yn smokkelje wol. Hy seit tsjin syn butler, assistint en surrogaat-heit Alfred Pennyworth dat er fan doel is it kryptonyt te stellen om it te brûken om Superman te deadzjen. As syn alter ego Batman docht er in wraam op it kryptonyt wannear't dat de haven útslûke wurdt, mar hoewol't er it guod op in hier nei wit te ûnderskeppen, wurdt er op it beslissende momint tsjinkeard troch Superman, dy't mient dat er in nije misdie troch Batman foarkomd hat.
Senator Finch en har kommisje hâlde ûnderwilens in harksitting oer de metoaden dy't Superman brûkt hat om generaal Zod-en-dy te ferslaan. De beskuldiging is dat Superman dêrfoar in ûnferantwurde mjitte fan geweld brûkt hat yn tichtbefolke gebiet, mei as gefolch withoefolle deaden en ferwûnen. Ien fan 'e tsjûgen tsjin Superman is Wallace Keefe, deselde man dy't Wayne besocht te rêden doe't syn skonken ferplettere wiene troch in brokstik fan in ynstoart gebou. Keefe hat it oerlibbe, mar syn beide skonken binne amputearre en hy sit no yn 'e rolstoel. Minder noch, syn frou en bern binne by it gefjocht tusken Superman en Zod-en-dy omkommen. Keefe is neitiid alhiel trochdraaid en hat de iepenbierheid opsocht troch it stânbyld te bekladzjen dat yn Metropolis foar Superman oprjochte is. It is Luthor dy't him yn kontakt brocht hat mei senator Finch.
Superman komt opdaagjen foar de harksitting, ree om him te ferdigenjen tsjin ûnfûndearre beskuldigings, ek al wurdt er sels tramtearre troch skuldgefoelens oer de lju dy't er net fan Zod en syn trewanten rêde kinnen hat. As Finch de harksitting iepenet, is de iennichste dy't skitteret troch ôfwêzigens Lex Luthor. Op basis fan in petear dat se mei Luthor fierd hat, beseft Finch wat der oan 'e hân is, mar dan is it te let. Wallace Keefe lit in bom ôfgean dy't er yn syn rolstoel ferburgen hat en deadet dêrmei alle oanwêzigen útsein Superman. Neitiid jout Superman himsels de skuld fan it barren om't er mar inkele meters fan Keefe ôf stie en dochs gjin idee hie dat de man fan doel wie en begean in terroristyske oanslach. De media freegje har lûdop ôf oft Superman ynkompetint is of mandélich oan 'e oanslach. Dêrop lûkt Superman him werom heech yn 'e bergen yn selsopleine ballingskip.
Batman makket gebrûk fan 'e gaos dy't it gefoch fan 'e oanslach is troch yn te brekken yn it haadkertier fan LexCorp en Luthor syn kryptonyt te stellen. Hy brukt in diel fan 'e stof om kryptonytgas te produsearjen, dêr't er ferskate gasgranaten mei follet. Fan 'e rest makket er in spear mei in punt fan kryptonyt. Luthor bejout him nei it Kryptoanyske ferkenningsskip en wit mei de fingerôfdrukken fan generaal Zod tagong te krijen ta de boardkompjûter en dêrmei ta in reuseftige database fan bûtenierdske technology. As er leard hat hoe't er dwaan moat wat er yn 't sin hat, bringt er it lyk fan generaal Zod nei de regeneraasjekeamer fan it skip, dêr't er syn eigen bloed brûkt om it om te foarmjen en wer ta libben te bringen.
Luthor lit troch Anatoli Knjazev en syn trewanten sawol Superman syn pleechmem, Martha Kent, as Superman syn freondinne Lois Lane ûntfiere. Lois lit er by him bringe op it dak fan 'e wolkekliuwer dy't it haadkertier fan LexCorp húsfêstet, wêrnei't er har oer râne smyt om Superman út syn skûlplak te lokjen. Sa't er al ferwachte hie, heart en werkent Superman de gjalp fan Lois wêr't er ek mar is op 'e wrâld, en ferskynt er op 'e tiid om Lois op te fangen foar't se te pletter falt. Nei't er har feilich delset hat, giet er nei Luthor om ferhaal te heljen, mar Luthor lit him foto's sjen fan syn mem, dy't troch Knjazev-en-dy finzen holden wurdt. Luthor hat derfoar soarge dat er sels net wit wêr't se har fêsthâlde, sadat Superman de lokaasje net út him slaan kin. Hy jout Superman in oere de tiid om Batman te ferslaan, en as dat net slagget sil syn mem libben ferbaarnd wurde.