Soldaat van Oranje (ynternasjonale titel: Soldier of Orange) is in Nederlânske histoaryske oarlochsfilm út 1977 ûnder rezjy fan Paul Verhoeven, mei yn 'e haadrollen Rutger Hauer en Jeroen Krabbé. De titel betsjut "Soldaat fan Oranje" en ferwiist nei it Nederlânske keningshûs, it Hûs fan Oranje-Nassau. De film waard basearre op it autobiografyske boek mei deselde namme fan 'e fersetsman en Ingelânfarder Erik Hazelhoff Roelfzema. It ferhaal giet oer in groepke freonen dat studearret oan 'e Ryksuniversiteit Leien. Nei't yn maaie 1940 nazy-Dútslân in ynfal yn Nederlân docht, kieze se ûnder de dêropfolgjende besetting allegearre in oar paad. Guon jouwe har by it Nederlânske ferset, oaren kolaborearje mei de Dútsers en wer oaren dogge hielendal neat. Soldaat van Oranje krige doedestiden fan 'e Nederlânske filmkritisy oer it algemien net al te bêste resinsjes. Letter is de wurdearring foar de film yn positive sin feroare. Om utens waard Soldaat van Oranje altyd al better wurdearre. De film wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen en betsjutte de ynternasjonale trochbraak foar sawol regisseur Paul Verhoeven as haadrolspilers Rutger Hauer en Jeroen Krabbé.
Plot Yn 1938 komt in groepke nijbakken studinten oan 'e Ryksuniversiteit Leien mei-inoar yn 'e kunde by harren mienskiplike ûntgriening foar it lidmaatskip fan 'e studinteferiening LSV Minerva. By ien fan harren, Erik Lanshof, rint de ûntgriening troch tadwaan fan Guus LeJeune, de praeses fan Minerva, sa út 'e hân dat der bloed floeit. Neitiid komt Guus by Erik del om syn ûntskuldigings oan te bieden en nimt er Erik oan as syn protezjee. Geandewei wurde sy beiden de bêste freonen. Harren freonegroepke bestiet fierders út de prinsipiële Nico, de timide Jacques, Jan Weinberg, dy't fan Joadsk komôf is, en Alex, dy't in Dútske mem hat. Fia Erik reitsje syn technysk ûnderleine maat Robbie Veenman en dy syn Joadske ferloofde Esther, dy't in eachje op Erik hat, ek by it klubke belutsen.
As begjin septimber 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbrekt, wurdt it nijs troch Guus en de measte oare leden fan 'e groep negearre, om't it neat mei harren út te stean hat. Yn 'e Earste Wrâldoarloch wie Nederlân neutraal en dat sil no sûnder mis wêr sa wêze. Troch de mobilisaasje moatte Jan, Alex en Robbie yn militêre tsjinst. As op 10 maaie 1940 de Dútske ynfal yn Nederlân plakfynt, ride Erik en Guus yn rokkostúm op 'e motor nei in kazerne fan 'e Keninklike Lânmacht, dêr't se har oanmelde wolle as frijwilligers. Se treffe lykwols in troch it bombardemint op 'e kazerne swier traumatisearre rekrutearringsofsier, dy't harren mei in klútsje yn it reid stjoert. Underwilens ûnderfine Jan en Alex ek net folle aksje foar't op 15 maaie, nei it Dútske Bombardemint fan Rotterdam de Nederlânske kapitulaasje sûnder betingsten folget.
Under de besetting fan Nederlân troch de nazys meitsje de freonen allegearre in oare kar. Erik en Guus meitsje plannen om yn in roeiboat oer te stekken nei Ingelân, mar troch har eigen achteleazens misbeteart dat folslein. Jacques besiket te dwaan as is der neat feroare en giet gewoan troch mei syn stúdzje. Under ynfloed fan syn Dútske mem meldt Alex himsels oan foar tsjinst by de Waffen-SS. Nico giet by it ferset. Robbie set yn syn túnhúske in yllegale stjoerder op, wêrmei't er yn Morse-koade kommunisearje kin mei it Nederlânsk regear-yn ballingskip yn Londen. En Jan, dy't bokskampioen is, slacht twa lânwachters fan 'e NSB yninoar as er sjocht hoe't dy yn Leien út klearebare sadisme de bakfyts fan in Joadske keapman yn 'e grêft triuwe.
Fia Robbie kriget Erik, dy't noch altyd nei Ingelân ta wol, de mooglikheid om as koerier mei in kofferfol wichtige dokuminten dêrhinne. Nei Jan syn akkefytsje mei de lânwachters is dyselde in socht man, dat Erik biedt Jan oan om foar him yn 't plak nei Ingelân ta. As Jan lykwols troch in wetterfleantúch oppikt wurde sil op 'e Tsjûkemar, wurdt de ôfreis fersteurd troch in Dútske patrûljeboat. It fleantúch wit sûnder wat bedijd te hawwen te ûntkommen, mar Jan wurdt troch de Dútsers pakt. Robbie rekket ferwûne en Erik rêdt him it libben. Tegearre witte se nauwerneed fuort te kommen. Neitiid dûkt Erik ûnder by Guus thús. Guus is ûnderwilens úteinset mei it nimmen fan foto's fan Dútske bunkers yn 'e dunen by Skeveningen, dy't er hopet troch te spyljen oan 'e Alliëarden. Hy wurdt lykwols troch in Nederlânske boarger ferret oan 'e NSB, wêrnei't de Dútsers letter in ynfal dogge op 'e tennisklub dêr't Guus en Erik beide lid fan binne. Om't Guus troch hat dat it de nazys om him te dwaan is, kreëarret Erik wat trelit, sadat Guus útpike kin.
Yn it Oranjehotel yn Skeveningen sjocht Erik Jan werom. Dy hat nei syn arrestaasje slimme folterings ûndergien, mar hy wegeret nammen te neamen. By de ûnderfregings hawwe de Dútsers slûpe litten dat de ferrieder fan 'e operaasje op 'e Tsjûkemar in Van der Zanden is, dy't yn Londen sit. Mei't Jan yn in sel boppe Erik sines sit, jout er yn 'e nacht troch in ienfâldich systeem fan klopjen op 'e liedings dy kennis troch oan Erik. Net folle letter wurdt Jan troch de Dútsers ôffierd nei de Waalsdorperflakte, dêr't er stânrjochtlik eksekutearre wurdt. Erik wurdt lykwols frijlitten, mei't de SD hopet om syn meistanners te finen troch him te folgjen. As SD-er Breitner pontifikaal yn syn auto foar it studintehûs fan Erik sitten giet, hat dy daliks troch hokfoar spultsje de Dútsers spylje en hâldt er him katoen.
In skoftke letter wurdt Erik opsocht troch Esther mei in boadskip fan Robbie. Troch heal neaken foar it finster fan 'e studintekeamer te ferskinen, liedt hja Breitner om 'e tún en kin Erik fia de efterdoar ûntkomme foar in koarte moeting yn De Haach. Erik sjocht dêr Alex werom, dy't yn in militêre parade meirint fan in ôfdieling fan 'e Waffen-SS dy't nei it Eastfront stjoerd wurdt. Neitiid hat er in petear mei Robbie, dy't him oanbiedt om op 'e nij te besykjen him nei Ingelân te stjoeren; Erik is nammentlik te gefaarlik wurden foar it ferset. Nei't Erik letter dy middeis yn syn keamer weromkeard is, dêr't Esther sa lang in boek lêzen hat, ferliedt Esther him om echt seks mei har te hawwen. Letter meunsteret Erik ûnder in falske identiteit as matroas oan op it Switserske frachtskip de St. Cergue. Breitner besiket de ôffeart tsjin te kearen, mar wurdt weromfluite troch in pear ofsieren mei hegere rang fan 'e Kriegsmarine, dy't op it skip meifarre. Oan board wurdt Erik weriene mei Guus, dy't ek fia Robbie op 'e St. Cergue bedarre is.
Underwilens wurdt de stjoerder fan Robbie troch Breitner-en-dy útpeild. Robbie wurdt foar de kar steld: mei de SD gearwurkje by it oprôljen fan it Nederlânske ferset, of oars sil syn Joadske ferloofde Esther nei in ferneatigingskamp yn Poalen ôffierd wurde. Hy kiest foar kollaboraasje mei de Dútsers. Mei noch in oare Ingelânfarder, Willem Oostgaarde, komme Erik en Guus yn Londen oan, dêr't it trijetal oer haren ûnderfinings yn beset Nederlân befrege wurdt troch kolonel Rafelli en syn sekretaresse Susan. Erik kriget foar it ferstân dat de ferrieder Van der Zanden oan it haad fan 'e Nederlânske ynljochtingetsjinst stiet. Hy besiket de man oer it mad te kommen en him te fermoardzjen, mar Van der Zanden sjocht him oankommen en lit him oermasterje troch in pear soldaten. Neitiid wit er Erik oan it ferstân te krijen dat de Dútsers syn namme mei opsetsin neamd hawwe as ferrieder om twaspjalt mank de Alliëarden te siedzjen.
Nei't de trije Ingelânfarders op besite west hawwe by keninginne Wilhelmina, meldt Guus him oan foar it Britske Leger, wylst Erik foar de Britske Keninklike Marine kiest en Oostgaarde him by de Britske Keninklike Loftmacht jout. Guus begjint in romantyske relaasje mei Susan. Keninginne Wilhelmina wol dat in stikmannich Nederlânske politike lieders nei Londen ta helle wurdt, sadat se taret wurde kinne op harren rollen yn 'e nei-oarlochske Nederlânske maatskippij. Erik en Guus stimme deryn ta om te besykjen dyselden beset Nederlân út te smokkeljen. Guus wurdt by Skeveningen oan lân set om mei de fersetsgroep fan Nico de operaasje ta te rieden, mar der blykt seewetter yn syn radiostjoerder kommen te wêzen, wat it apparaat ûnbrûkber makke hat. Sadwaande kommunisearret er mei Londen fia de stjoerder fan Robbie. Dyselde ynfiltrearret yn opdracht fan Breitner de groep en betinget dat er mei mei nei Ingelân.
By de ekstraksje-operaasje giet Erik by Skeveningen oan lân om kontakt te meitsjen mei de groep fan Guus. Dat slagget lykwols net, mar hy sjocht wol hoe't Breitner en de SD in mûklaach opsette en konkludearret dat Robbie, de iennichste swakke skeakel yn 'e hiele operaasje, kompromittearre wêze moat. Erik moat in feest yn it Kuhrhaus crashe om net op te fallen. Dêr treft er Alex wer, dy't him twingt om mei him de tango te dûnsjen foar't er fuortglûpe kin. Hy fynt Guus-en-dy yn 'e dunen en besiket harren te warskôgjen foar Robbie, mar it is al te let. As Robbie oan Erik syn hâlden en dragen sjocht dat syn rol útspile is, sjit er in ljochtkûgel ôf, wêrnei't de SD de fâle tichtklappe lit. De politike lieders dy't nei Ingelân smokkele wurde soene, wurde troch de Dútsers finzen nommen. Nico wurdt deasketten. Erik flechtet de see yn en ûntkomt nauwerneed as er oppikt wurdt troch it Britske marineskip dat him ôfset hie. Guus pykt út oer it strân en wit de Dútsers foar te bliuwen.
Guus siket neitiid yn De Haach Robbie op, dy't er op ljochtskyndei op 'e strjitte deasjit. Hy besiket en ûntkom op 'e fyts, mar dat slagget net en hy wurdt troch de Dútsers pakt. Erik keart werom nei Ingelân, dêr't er Guus syn plak ynnimt yn 'e relaasje mei Susan. Sy soarget dat er, nettsjinsteande syn minne eagen, oannommen wurdt troch de Britske Keninklike Loftmacht. As ko-piloat fan Willem Oostgaarde nimt er neitiid diel oan it Alliëarde bombardemint fan nazy-Dútslân. Yn Konsintraasjekamp Wolfenbüttel wurdt Guus nei gâns folterings trochstien te hawwen, stânrjochtlik eksekutearre mei de guillotine. Underwilens komt Alex oan it Eastfront om as der, wylst er gebrûk makket fan 'e latrine, troch in Russyske jonge in hângranaat nei binnen goaid wurdt.
Erik wurdt tsjin 'e ein fan 'e oarloch oansteld as persoanlik adjudant fan keninginne Wilhelmina, en yn dy hoedanichheid beselskippet er har as hja nei de befrijing weromkeart nei Nederlân. Yn De Haach siket er Esther op. It hûs fan har en Robbie blykt plondere te wêzen troch de froede boargerij, dy't by har, as "moffehoer", ek it hier ôfknipt hat. Yn Leien giet Erik nei it studintehûs dêr't hy en syn maten earder wennen. Dêr wennet no inkeld Jacques ten Brink noch, dy't de oarloch oerlibbe hat troch de oare kant út te sjen en neat te dwaan.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Erik Lanshof1 Rutger Hauer Guus LeJeune2 Jeroen Krabbé
byrollen