Man of Steel is in Amerikaanske superheldefilm út 2013 ûnder rezjy fan Zack Snyder, mei yn 'e haadrollen Henry Cavill en Amy Adams. De titel betsjut "Man fan Stiel", wat in bynamme is fan 'e superheld Superman. De film is in reboot fan 'e filmsearje oer Superman en teffens it earste diel út 'e DC Extended Universe-searje. De plot jout it oarsprongsferhaal fan Superman wer en lit sjen hoe't er as poppe troch troch syn bûtenierdske âlden nei de Ierde stjoerd wurdt, krekt foar't harren eigen planeet, Krypton, ferneatige wurdt. Op 'e Ierde komt er del op it plattelân fan Kansas, dêr't er fûn en grutbrocht wurdt troch minsklike pleechâlden, dy't him de namme Clark Kent jouwe. As er folwoeksen wurden is, nimt er de mantel op fan beskermer fan 'e Ierde, wannear't de Kryptoanyske generaal Zod it fuortbestean fan 'e minskheid bedriget. Man of Steel krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. In ferfolchfilm mei de titel Batman v Superman: Dawn of Justice kaam út yn 2016.
Plot De planeet Krypton is destabilisearre rekke troch it útmynjen fan 'e planetêre kearn. De wittenskipper Jor-El foarseit oan 'e bestjoersrie dat de wrâld noch mar dagen te gean hat foar't er himsels útinoar skuorre sil. Wat nimmen wit, is dat Jor-El in ketter is, dy't de eugenetika fersmyt dêr't de Kryptoanyske beskaving op basearre is. Bern wurde op Krypton produsearre yn ûnderwetterkreamkeamers, wêrby't yn 't foar fêstlein wurdt hokker rol oft se yn it libben krije sille: arbeider, soldaat, wittenskipper, bestjoerder, ensfh. Jor-El en syn frou Lara Lor-Van hawwe lykwols yn it geheim en foar it earst yn milennia in bern op 'e natuerlike wize te wrâld brocht, harren soan Kal-El.
Wannear't de lieder fan 'e striidkrêften, generaal Zod, besiket om in steatsgreep út te fieren, makket Jor-El fan 'e dêrút fuortkommende gaos gebrûk om 'e Kodeks te stellen, in digitalisearre list fan alle mooglik fariaasjes op it Kryptoanyske genoom. Om 'e Kryptoanjers as soarte te rêden, foeget er de ynhâld fan 'e Kodeks ta oan 'e genetyske koade fan Kal-El. Dêrnei lizze hy en Lara de poppe yn in lyts romteskip, dat se lansearje mei as bestimming in jonge wrâld dêr't al in yntelliginte soarte wêzens libbet: de Ierde. Zod besiket de lansearring fan it romteskip tsjin te kearen, mar dat slagget net. Ut wrok stekt er Jor-El dea. Nei't syn steatsgreep mislearre en hysels en syn meistanners finzen nommen binne, wurde se ynferzen en yn in romteskip nei de Fantoomsône stjoerd, in soarte fan parallelle diminsje. Dêrtroch ûntkomme se lykwols oan 'e ferneatiging wannear't de planeet Krypton him net folle letter folslein útinoar skuort, sadat alle libben op dy wrâld omkomt.
It romteskipke fan Kal-El komt del op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Kansas, by it plakje Smallville, dêr't de poppe fûn wurdt troch lânbouwer Jonathan Kent en syn frou Martha, dy't in ûnferfolle bernewinsk hawwe. Hja hâlde stil hoe't hja oan it jonkje kommen binne, mar adoptearje him en bringe him grut. Haren soan, dy't Clark Kent hjit, liket minsklik, mar is dat net. Neigeraden dat er âlder wurdt, ûntwikkelet er boppenatuerlike krêften, lykas supersterkens en lasereagen, dy't er op oantrúnjen fan syn heit geheim hâldt. Jonathan Kent sit der sa oer yn wat der fan syn soan wurde sil as bekend wurde soe dat er in bûtenierdsk wêzen is, dat er sels rêding wegeret as er by in tornado ferwûne rekket, yn 'e folle wittenskip dat it syn dea betsjutte sil. Belêstge mei skuldgefoelens om't er syn heit rêde kinnen hie mar dat, troch nei him te harkjen, net dien hat, begjint Clark troch Noard-Amearika te swalkjen. Op ferskillende plakken bout er ûnder in skûlnamme in nij bestean op oant er yn in needsitewaasje syn superkrêften brûke moat, wêrnei't er mei de noardersinne ferdwynt om op in oar plak op 'e nij te begjinnen.
Lois Lane, in sjoernaliste foar de Daily Planet, in krante yn 'e grutte stêd Metropolis, kriget opdracht om 'e ûntdekking te ferslaan fan in riedseleftich skip yn it poaliis fan it eilân Ellesmere, yn it Arktysk gebiet fan Kanada. Dr. Emil Hamilton en kolonel Nathan Hardy fan it Amerikaanske Leger, dy't mei de Kanadezen de lieding oer it ûndersyk hawwe, fertelle har dat se earst tochten dat it in âlde ûnderseeboat út 'e tiid fan 'e Sovjet-Uny wie, mar no docht bliken dat de iislaach dêr't it skip yn sit, mear as 22.000 jier âld is. Clark Kent hat ek lucht fan it ûndersyk krigen, en ûnder in nije skûlnamme hat er as sljochtwei arbeider it ûndersyk witten te ynfiltrearjen. Op in nacht brânt er mei syn lasereagen in tunnel troch de oerbleaune, noch net ferwidere laach iis om it skip hinne, mar hy wurdt opmurken troch Lois, dy't him folget en syn tunnel ûntdekt.
It docht bliken dat it skip it Kryptoanysk ferkenningsskip is dat de Ierde ûntdutsen hat en de koördinaten fan 'e lokaasje nei Krypton weromstjoerd hat. Dêrtroch koe Jor-El syn soan 33 jier lyn nei de Ierde stjoere. As Clark oan board fan it skip giet, stekt er it foarwerp mei in aparte foarm, dat syn Jonathan en Martha Kent by him yn it lytse romteskipke fûn hawwe dêr't er mei nei de Ierde komme is, yn in útsparring mei deselde foarm yn in betsjinningspaniel. Dêrtroch wurdt de keunstmjittige yntelliginsje op wat eins in gegevensdrager is, upload nei de boardkompjûter fan it skip. De keunstmjittige yntelliginsje nimt de foarm oan fan Clark syn biologyske heit Jor-El en leit Clark út wêr't er wei komt en wêrom't er nei de Ierde stjoerd is. Underwilens aktivearret Lois, dy't it skip ek binnenkrongen is, by fersin in befeiligingssysteem, dat har libbensgefaarlik ferwûnet. Clark brûkt foar har eagen syn superkrêften om har te rêden, troch mei syn lasereagen har wûne ticht te skroeien sadat se net deabliede sil. Neitiid pykt er út mei it ferkenningsskip, ta alteraasje fan Hamilton en Hardy.
Clark lânet it ferkenningsskip op in ôfhandich plak yn it Noardpoalgebiet, wêrnei't er him klaait yn it blauwe unifoarm mei de reade cape dat him oanbean wurdt troch Jor-El. Op oantrúnjen fan Jor-El begjint er syn boppenatuerlike fermogens te trainen. Sa ûntdekt er dat er ek fleane kin. Underwilens betteret Lois op fan har ferwûning en skriuwt se in artikel wêryn't se iepenhertich fertelt oer al har ûnderfinings en fermoedens. It slagget har lykwols net en bepraat Perry White, har haadredakteur by de Daily Planet, om it resultearjende stik ôf te printsjen. Dat leit deroan dat Lois yn it artikel frijmoedich skriuwt oer technology dy't net fan dizze wrâld is en in moeting mei in bûtenierdsk wêzen yn in 22.000 jier âld romteskip. Hoewol't it Amerikaanske Leger wit dat it hiele ferhaal wier is, wurdt dat nei bûten ta by heech en by leech ûntkend om't de hiele kwestje ta steatsgeheim bestimpele is.
De saak lit Lois net los, dat se giet op 'e siik nei har mysterieuze rêder. Troch nei ûnferklearre rêdingsaksjes te sykjen, slagget it har en folgje it spoar fan Clark en syn withoefolle identiteiten werom nei Smallville yn Kansas, dêr't se fia-fia yn kontakt komt mei Martha Kent. Hoewol't dy neat oer har soan loslitte wol, fynt Lois Clark letter werom by it grêf fan syn heit. It is de bedoeling fan Lois om Clark syn identiteit en it feit dat er in bûtenierdsk wêzen is dat temûk op 'e Ierde libbet, út te bringen. Mar as er har yn it koart syn libbensferhaal ferteld hat, mei spesjale oandacht foar de selsopoffering fan syn heit, stapt se fan dat idee ôf. Haadredakteur White is bliid dat se har healwize ideeën farre lit, mar erchtinkend oer de redens foar har hommelse feroaring fan gedachten.
Underwilens binne generaal Zod en syn folgelingen troch de ferneatiging fan Krypton oan 'e Fantoomsône ûntsnapt. Neitiid reizgje se de âlde Kryptoanyske koloanjes ôf, út 'e tiid foar't de Kryptoanyske bestjoersried besleat ta in polityk fan isolasjonisme. Se sykje nei oar oerlibbenen (dy't se net fine), mar fral nei Kal-El. Underweis bergje se ferskate dingen dy't har letter mooglik noch fan pas komme sille, wêrûnder in 'wrâldmotor': in reuseftich terrafoarmingsapparaat. Uteinlik komme Zod-en-dy nei 33 jier sykjen by de Ierde oan, koart nei't Lois har twadde moeting mei Clark hân hat. Nei't er fêststeld hat dat Kal-El him op 'e planeet befynt, easket Zod fan 'e minsklike regearings fan 'e Ierde de útlevering fan dyselde. Mei't it útlekt is dat Lois op 'e hichte is fan 'e identiteit fan it bûtenierdske wêzen dat al sa lang middenmank de minsken tahâldt, wurdt sy troch de FBI arrestearre. Se wegeret lykwols de mûle iepen te dwaan. Ynstee jout Clark himsels frijwillich oer oan 'e Amerikaanske autoriteiten.
By de útlevering fan Clark easket Zod ynienen ek de útlevering fan Lois. Kolonel Hardy wegeret dêroan mei te wurkjen en is ree om it fuortbestean fan 'e Ierde op it spul te setten om Lois te beskermjen, mar Lois giet frijwillich mei Clark. Se wurde oerbrocht nei it romteskip fan Zod-en-dy, dêr't de wittenskipper Jax-Ur in meunster fan Clark syn genen nimt. Zod, syn froulike ûnderkommandant Faora-Ul en syn oare trewanten geane ûnderwilens op 'e siik nei de Kodeks dy't Jor-El stellen hie, en ferrinnewearje op harren syktocht it boerespultsje yn Smallville dêr't Clark opgroeid is. Jax-Ur ûntdekt lykwols by de proeven dy't er mei de genen fan Clark docht dat de Kodeks diel útmakket fan syn genoom. It docht al rillegau bliken dat Zod fan doel is om fan 'e Ierde in nij Krypton te meitsjen, befolke troch genetysk suvere Kryptoanjers wa har genoom yn 'e Kodeks fêstlein is. Dêrfoar moat alle libben dat op 't heden op 'e Ierde bestiet, de minskheid ynbegrepen, earst wol útrûge wurde.
Lois is op it Kryptoanyske romteskip finzen setten yn in sel mei in beskoattele betsjinningspaniel. Clark hat har lykwols op in ûnbewekke momint de gegevensdrager fan Jor-El tastoppe, dêr't er earder it Kryptoanyske ferkenningsskip mei ûntskoattelje koe. As Lois it ding yn it betsjinningspaniel stoppet, wurdt de keunstmjittige yntelliginsje fan Jor-El yn 'e boardkompjûter fan it skip fan generaal Zod upload. Mei help fan Jor-El ûntkomt Lois út har sel, deadet se ferskaten fan Zod syn trewanten en wit se in ûntsnappingskapsule te berikken, wêrmei't se it skip ûntflechtet. De kapsule rekket lykwols skansearre as er besketten wurdt troch Faora-Ul. Underwilens brekt Clark los en ûntkomt ek hy mei help fan Jor-El fan it skip. Hy fljocht de stikkene ûntsnappingskapsule fan Lois efternei en rêdt op 'e nij har libben troch har op te fangen krekt foar't se te pletter slaan sil op it ierdoerflak. Se bedarje wer yn Kansas, en Zod stjoert Faora-Ul en in oare trewant efter harren oan.
By in konfrontaasje tusken Clark en de beide Kryptoanjers yn it sintrum fan Smallville wurdt it hiele stedsje hast mei de grûn lyk makke. Kolonel Hardy en it Amerikaanske Leger besykje alle bûtenierdske wêzens, dus Clark ynbegrepen, te deadzjen mei kûgels, raketten en bommen, mar se ûntdekke hoe'n bytsje ynfloed sokke wapens op lju fan Krypton hawwe. Nei't Clark Faora-Ul op in hier nei deadet, wurde sy en har meistanner troch Zod fan it Ierdoerflak evakuëarre. Hardy, waans libben yn it gefjocht troch Clark rêden is, ferklearret oan syn manskippen: "Dizze man is net ús fijân." Neitiid begjinne de minsken Clark oan te tsjutten as "Superman".
Zod beslút it oer in oare boech te goaien. Hy set de wrâldmotor yn, dy't yn 'e Yndyske Oseaan in gat yn 'e Ierdkoarste boarret. Syn romteskip set er op it dêrfoar oerlizzende plak fan 'e Ierde yn, wat de binnenstêd fan Metropolis blykt te wêzen. Tegearre begjinne de beide masines de Ierde te terrafoarmjen yn it wjerbyld fan Krypton, sûnder moederaasje foar ierdsk libben. Foar't se fan it romteskip fan Zod ûntkaam, hat Jor-El tsjin Lois sein dat Zod syn swakke plak foarme wurdt troch de motors fan syn skip. Op basis fan dat idee betinkt dr. Hamilton in plan om 'e motors fan it Kryptoanyske ferkenningsskip op te starten fuort by de motors fan it skip fan Zod. Dêrtroch soe in weromkeppelingslus ûntstean moatte dy't Zod-en-dy weromstjoert nei de Fantoomsône.