World War Z is in Amerikaanske apokalyptyske horroraksje-aventoerefilm út 2013 ûnder rezjy fan Marc Forster, mei yn 'e haadrollen Brad Pitt en Mireille Enos. De titel betsjut "Wrâldoarloch Z". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Max Brooks. It ferhaal giet oer in pandemy fan in nij, ûnbekend firus, dat de slachtoffers binnen de koartste kearen omfoarmet ta sombys mei in ûnwjersteanbere oandriuw om oare minsken te biten en sa it firus troch te jaan. Middenmank dizze somby-apokalyps reizget Gerry Lane, in eardere ûndersiker foar de Feriene Naasjes, de wrâld ôf op 'e siik nei de boarne fan it firus, yn 'e hope dat er dêrmei ek in oplossing fine sil. World War Z krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Saturn Award. De produksje fan in ferfolchfilm rûn lykwols yn 2019 op 'e non, nei't it skynt omreden fan budgetêre swierrichheden.

Plot Gerry Lane, in eardere ûndersiker foar de Feriene Naasjes, en syn frou Karin en dochters Rachel, fan alve, en Connie, fan acht, sitte fêst yn in file yn it sintrum fan harren wenplak Philadelphia, wannear't de stêd ûnder de foet rûn wurdt troch in oanwaaksende kliber sombys. Lane ûntdekt dat it mar tolve sekonden duorret foar't immen dy't troch in somby biten is, sels yn in somby feroare is. Lane en syn gesin ûntsnappe yn in efterlitten camper út 'e yn gaos ferkearende stêd en ride nei Newark ta, dêr't se nei in besyk oan in supermerk om foarrieden yn te slaan, besykje it plat dak fan in oanbuorjende appartemintekompleks te berikken. Lane hat nammentlik tillefoanysk kontakt hân mei syn eardere baas, ûndersekretaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes Thierry Umutoni. Dyselde hat ferlet fan immen mei Lane syn feardichheden en ûnthjit om in helikopter te stjoeren om Lane en syn húshâlding op te pikken.

As ek Newark troch de sombys ûnder de foet rûn wurdt, slagget it harren lykwols net om it dak te berikken. Ynstee sykje se beskûl by in Latino-húshâlding dy't yn ien fan 'e apparteminten yn it gebou wennet. Dêr bringe se de nacht troch. De oare moarns ier risselwearje se om fuort. Se biede harren gastgesin oan om harren mei te nimmen, mar dy slane dat oanbod ôf. Yn it treppehûs ûnderweis nei it dak wurde Lane en syn húshâlding oanfallen troch sombys, mar hy wit de oanfal ôf te slaan. Underwilens brekke de sombys yn it appartemint fan it Latino-gesin yn en deadzje de heit en mem. Inkeld Tomás, in jonkje fan Rachel har jierren, wit te ûntkommen en jout him yn it treppehûs by Lane. Hy en Karin beslute neitiid dat se no trije bern hawwe. De sombys besykje it dak fan it appartemintekompleks te berikken, mar Lane wit harren tsjin te kearen oant de ûnthjitten helikopter arrivearret, wêryn't hy en syn gesin ûntkomme.

De Lanes wurde nei in Amerikaansk fleandekskip yn 'e Atlantyske Oseaan ta brocht, dat in mânske float fan oare marineskippen en boargerskippen fan alderhanne nasjonaliteiten om him hinne sammele hat en de 'Atlantyske Float fan 'e Feriene Naasjes' neamd wurdt. Dy stiet ûnder lieding fan admiraal Mullenaro fan 'e Amerikaanske Marine. Thierry Umutoni is dêr ek oan board. Fan him kriget Lane te hearren dat it om in hommels opkommen wrâldwide pandemy giet, feroarsake troch in nij, ûnbekend firus. Troch de tige koarte ynkubaasjetiid is de opmars fan 'e sombys frijwol net tsjin te kearen en binne hast alle grutte stêden der al ûnder strûpt. Mullenaro en Umutoni sette Lane ûnder druk om wer as ûndersiker foar de Feriene Naasjes op 'en paad te gean, lykas yn it ferline, mar Lane is dêr net foar de poerlegrap mei opholden, dat hy hat dêr gjin sin oan. As Mullenaro der lykwols op wiist dat der oan board fan syn skip gjin romte is foar lju dy't gjin essinsjele funksje hawwe, en dat er Lane en syn gesin dêrom fan board sette sil as er net meiwurket, jout Lane ta.

Umutoni bringt Lane yn 'e kunde mei Andrew Fassbach, in briljante jonge firolooch fan 'e Universiteit fan Harvard, dy't de lieding hat oer it ûndersyk nei de oarsprong fan 'e útbraak fan it firus. Fassbach hâldt út dat de ûntwikkeling fan in faksên ôfhinget fan it finen fan in swak plak yn it firus. Dêrom moat útsocht wurde wêr't it weikomt. Om't de term 'sombys' foar it earst brûkt is yn in memo dat ôfkomstich wie fan Camp Humphreys, in grutte Amerikaanske legerbasis yn Súd-Koreä, wurde Fassbach en Lane dêr mei in eskorte fan Navy SEALs (kommando's fan 'e Amerikaanske Marine) hinne stjoerd yn in Lockheed C-130 Hercules-transportfleantúch. Fassbach kriget in pistoal tastoppe, mar Lane warskôget him dat er de finger fan 'e trekker ôf hâlde moat, om net by fersin te sjitten.

As de Hercules by nacht yn 'e rein yn Camp Humphreys lânet en Lane-en-dy útstappe, wurde se oanfallen troch sombys. Fassbach rekket yn panyk en besiket werom te gean, it fleantúch yn, mar glidet út op 'e laadklep dy't glysterich wurden is troch de rein. Hy knoffelet del en sjit himsels by it delkommen by fersin troch de holle om't er net nei Lane harke hat doe't dy him fertelde dat er de finger fan 'e trekker ôf helje moast. Lane en de oerlibbene Navy SEALs wurde rêden troch in groep ûnynfektearre Army Rangers (kommando's fan it Amerikaanske Leger), dy't ûnder befel steane fan kaptein Speke. Dyselde fertelt Lane dat it firus yn Camp Humphreys yntrodusearre wie troch in legerdokter dy't earder nei in needgefal yn in doarp yn 'e neite fan 'e basis west hie. It docht bliken dat de ynkubaasjetiid doe noch folle langer wie. Om't Speke en syn mannen de sikeboech, dy't op 'e basis de boarne fan it firus wie, platbaarnd hawwe, werby't alle papierwurk fan 'e dokter ferlern gien is, rint it spoar nei de oarsprong fan it firus dea.

By tafal komt Lane der lykwols efter dat op 'e basis in âld spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA finzen holden wurdt, dy't trapearre is op it dwaan fan wapenleverânsjes oan Noard-Koreä. As er de man befreget, fertelt dy him dat Noard-Koreä in probate, sij it brute metoade fûn hat om it firus tsjin te kearen: by alle 23 miljoen ynwenners fan it lân binne yn 24 oeren alle tosken lutsen. Dat hâldt de fersprieding fan it firus tsjin, want sûnder tosken kin men net bite. De CIA-man rikkemandearret Lane lykwols oan om nei Israel te gean, dat fiif dagen foar't it firus him oer de wrâld begûn te fersprieden de bou fan in fyftich meter hege muorre om it hiele lân hinne foltôge en alle grinzen tichtdien hat. Hy jout him de namme fan Jurgen Warmbrunn, in heechpleatste funksjonaris by de Israelyske feilichheidstsjinst Mossad.

It skynt dat de sombys oanlutsen wurde troch leven, dat Lane-en-dy besykje sa súntsjes mooglik de Hercules by te tanken om wer fuort te kinnen. Krekt op dat stuit wurdt Lane op syn satellyttillefoan opskille troch syn oer him yn noed sittende frou Karin. Dêrmei stjoert se him ûnbedoeld de sombys op 'e hûd, en Lane en syn piloat kinne inkeld fan Camp Humphreys fuortkomme troch de selsopoffering fan kaptein Speke en ferskate oare Rangers en SEALs.

Yn Jeruzalim oankommen lit Lane de piloat yn 'e Hercules efter en giet er sels de stêd yn foar in moeting mei Warmbrunn. Dyselde fertelt dat it firus nei alle gedachten yn Yndia ûntstien is. Hy leit út dat de Mossad radioboadskippen opfongen hie fan Yndiaaske troepen dy't útholden dat se tsjin rakshasa's ("demoanen") fochten, wat de Mossad as sombys ynterpretearre. Alle middels dy't de Israelyske steat ta syn foldwaan hie, waarden doe ynset foar it ôfbouwen fan 'e muorren dêr't se dochs al mei oan 'e gong wiene, sadat it lân himsels yn karantêne pleatse koe. Warmbrunn lit Lane sjin dat de Israelyske Definsjemacht mei autobussen flechtlingen út 'e omlizzende lannen hellet. As de ferromme flechtlingen lûd begjinne te sjongen, wurde de sombys dêr lykwols troch oanlutsen. Se klimme oerinoar hinne om by de muorre op te kommen en foarmje sa úteinlik in reuseftige bulte dy't oaren as in trep nei boppen brûke. Sa komme se oer de hege muorren hinne, en as se binnen de muorre de earste minsken begjinne te ynfektearjen is der gjin hâlden mear oan en is it noch mar in kwestje fan tiid foar't ek Israel ûnder de foet rûn wurdt.

Warmbrunn jout in geweargroep Israelyske soldaten befel om Lane feilich werom te bringen nei syn fleantúch. Yn 'e nauwe strjitsjes fan Jeruzalim wurde se lykwols middenmank de yn panyk fuortflechtsjende boargers oanfallen troch de sombys. Ferskate soldaten komme om en in jonge froulike soldaat wurdt yn 'e lofterhân biten. Lane brûkt in grut mês út har taris om har fluch de hân ôf te slaan, foar't it firus him fia har bloed nei oare dielen fan har lichem ferspriede kin. Mei de ferwûne soldate, dy't Segen hjit, berikt er de lofthaven, dêr't lykwols blykt dat syn senuweftige piloat al útpykt is mei de Hercules. Lane en Segen ferskaffe harrensels tagong ta in Wytrussysk ferkearsfleantúch dat op it punt stiet om fuort en ûntkomme sa út it ferlerne Jeruzalim.

Lane prakkesearret nei oer wat er yn Jeruzalim sjoen hat: de sombys negearren in âldman en in útmergele keale jonge en streamden as in rivier om harren hinne. Dat strykt mei wat kaptein Speke him yn Súd-Koreä fertelde: ien fan syn soldaten, in man dy't oer de side gie troch in oandwaning oan syn skonk, hiene de sombys totaal gjin belangstelling foar. Lane ornearret dat de sombys inkeld sûne minsken ynfektearje wolle en lju dy't oanhelle binne mei in deadlike sykte gewurde litte. Hy skillet Umutoni op en lit it fleantúch, dat dochs al gjin fêste bestimming hie, útwike nei de Welske haadstêd Cardiff, dêr't de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) in laboratoarium hat. Underweis ûntdekt in stewardess lykwols in ferstekling dy't in somby blykt te wêzen. Sa brekt it firus ek út ûnder de passazjiers oan board fan it grôtfolle fleantúch. Lane hat gjin oare kar as om him en Segen de sombys fan it liif te hâlden troch ien fan har hângranaten te brûken. De ûntploffing blaast in gat yn 'e romp fan it fleantúch, mei as gefolch dat alle sombys nei bûten ta sûgd wurde. It fleantúch stoart del op it plattelân fan Wales.

As Umutoni 48 oeren lang neat mear Lane heart, giet admiraal Mullenaro derfan út dat Lane omkommen is. Hy lit Karin en de trije bern oerpleatse fan syn fleandekskip nei in folle minder feilige "feilige sône" yn 'e omkriten fan Freeport, yn 'e Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân. Lane en Segen oerlibje lykwols de fleanramp, mar Lane hat in stik metaal dwers troch syn búk krigen. Se witte mei muoite it laboratoarium te berikken, dêr't Lane by de tagongsdoar bewusteleas yninoar sakket. Hy en Segen krije medyske help, en trije dagen letter komt er wer by en fertelt er de dokters fan 'e WHO dy't yn it laboratoarium wurkje oere syn teory. Hy is der min oer te sprekken as er fan Umutoni heart wat admiraal Mullenaro dien hat, mar tagelyk beseft er dat er syn gesin it bêste helpe kin troch syn teory te testen.