The Wolf of Wall Street is in Amerikaanske biografyske misdiefilm en swarte komeedzje út 2013 ûnder rezjy fan Martin Scorsese, mei yn 'e haadrollen Leonardo DiCaprio en Margot Robbie. De film is basearre op 'e autobiografy mei deselde namme fan 'e lûsje effektehanneler Jordan Belfort, waans bynamme "de Wolf fan Wall Street" wie. It ferhaal folget Belfort as er yn 'e Amerikaanske finansjele sektor yn New York oan it wurk giet, by de oprjochting fan syn eigen ynvestearringsbedriuw Stratton Oakmont en yn syn fierdere karriêre. Der wurdt toand hoe't Belfort puissant ryk wurdt troch fraude, oplichtingspraktiken en korrupsje, en hoe't er al syn jild fergriemt oan syn dekadinte priveelibben fol drugs, seks en ekstrafagânsje. Uteinlik liedt syn minachting foar de regels ta syn fal as de FBI him foar de rjochter bringt. The Wolf of Wall Street krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar 5 Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) en 2 Golden Globes, mar wûn inkeld de Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje, dy't nei DiCaprio gie.

Plot Yn 1987 wit de jonge Jordan Belfort in baan te bemachtingjen as effektemakeler op Wall Street, yn New York, it hert fan 'e Amerikaanke finansjele sektor. Hy komt te wurkjen by de firma L.F. Rothschild ûnder de eksintrike hanneler Mark Hanna. Dyselde wurdt in soarte fan mentor foar him, dy't him bybringt dat it op Wall Street inkeld draait om jild en hoefolle oft men dêrfan nei jinsels ta swylje kinne. Ek yntrodusearret er Belfort yn 'e op drugs (benammen kokaïne) en seks draaiende bedriuwskultuer op Wall Street, hoewol't Belfort him dêr op dat stuit noch fier fan hâldt.

Inkele moannen letter rekket Belfort lykwols wurkleas troch de beurskrach fan 1987 op Swarte Moandei. Hy lit it yn him omgean om 'e finansjele sektor farwol te sizzen, mar kriget dan in fakatuere ûnder eagen fan in effektemakelerdij op Long Island, dy't hannelet yn saneamde penny stocks, oandielen fan bedriuwen dy't net op 'e effektebeurs ynskreaun steane om't se dêr net genôch omset foar hawwe. Yn ferhâlding ta wat Belfort op Wall Street wend is, geane dêr mar hiel lytse bedraggen yn om, mar wat it ferskil makket, is dat syn kommisje op Wall Street mar 1% bedroech en by it ferhanneljen fan penny stocks mar leafst 50%. Troch syn glêde, agressive manear fan oanpraten wurdt Belfort dêr tige súksesfol mei en fertsjinnet er yn in moanne tiid $72.000.

Belfort rekket befreone mei Donnie Azoff, dy't yn itselde appartemintekompleks as hy wennet. Dyselde kriget him oan 'e drugs. Se beslute in eigen bedriuw op te rjochtsjen, wêrfoar't se ferskaten fan Belfort syn freonen rekrutearje as de earste wurknimmers. Belfort traint de oaren yn 'e technyk fan 'hurde ferkeap'. Harren wurkwize is wat yn 'e Feriene Steaten pump and dump neamd wurdt, in yllegale, frauduleuze technyk, wêrby't de priis fan in beskaat oandiel op keunstmjittige wize omheech brocht wurdt troch sels fia striemannen grutte hoemannichten oandielen op te keapjen en dêrnei oan kliïnten positive, misliedende ynformaasje te jaan. Sadree't de striemannen harren oandielen allegear tsjin grou jild ferkeapje, sakket de priis op slach werom nei syn normale nivo, wat betsjut dat de besoademitere kliïnten mei oandielen sitten bliuwe dy't ynienen frijwol weardeleas binne.

Belfort syn frou Teresa hat begrutsjen mei it sljochtwei folk dat op dy manear troch har man oplichte wurdt, dat se freget him oft er net ynstee efter de riken oan gean kin. Mar de riken keapje gjin penny stocks om't se dêr te skrander foar binne. It bringt Belfort lykwols yn 1989 op it idee om in Wall Street-firma op te rjochtsjen, dy't er de namme Stratton Oakmont jout. Mei dy respektabele fasade hellet er rike kliïnten binnen troch earst harren fertrouwen te winnen mei de ferkeap fan oandielen fan renommearre grutte bedriuwen, lykas Disney en Coca-Cola. As se him ienris fertrouwe, skoot er harren de weardeleaze penny stocks op 'e lea.

Om't de riken folle grutte oantallen oandielen tagelyk keapje en de kommisje by penny stocks noch altyd 50% bliuwt, fertsjinje Belfort en syn maten op dy manear jild as wetter. Se mjitte harren in dekadinte libbenswize oan fol drugs en seks mei prostituees. Belfort sels moetet op in feestje it model Naomi Lapaglia, dy't er de "Hartoginne fan Bay Ridge" neamt. Mei har begjint er in hertstochtlike oerhuorrige relaasje. As syn frou Teresa dêrefter komt, rint syn houlik út op in skieding. Yn 1991 wertrout er mei Naomi.

Underwilens giet it mei Belfort syn sakekarriêre dat it slydjaget. Hy jout in fraachpetear oan it tydskrift Forbes, dat in tige negatyf artikel oer him ôfprintet wêryn't er "De Wolf fan Wall Street" neamd wurdt. It docht lykwols bliken dat soks op Wall Street yn syn foardiel wurket, mei't hûnderten jonge effektemakelers yn 'e rige steane om by Stratton Oakmont oan it wurk te gean. Alle finansjele súkses lûkt lykwols de oandacht fan 'e Securities and Exchange Commission (SEC), de Amerikaanske oerheidsynstânsje dy't frauduleuze ûngerjochtichheden yn 'e finansjele sektor opspoare en bestraffe moat. Yn 1993 fertsjinnet Belfort yn trije oeren tiid op yllegale wize $22 miljoen troch de beursgong fan skuonprodusint Steve Madden te beävensearjen. Dêrtroch begjint ek de Amerikaanske federale resjerzje FBI in ûndersyk nei him.

Om syn jild te ferbergjen iepenet Belfort mei help fan 'e korrupte bankier Jean-Jacques Saurel by in bank yn Sjenêve in Switserske bankrekken op namme fan Naomi har muoike Emma. Dy hat de Britske nasjonaliteit en wennet yn Londen, en is dêrom bûten berik fan 'e Amerikaanske autoriteiten. Hy brûkt Chantalle, de heal Switsersk, heal Sloveenske frou fan syn maat Brad Bodnick, en har âldelju en bruorren en susters, dy't allegearre Jeropeeske paspoarten hawwe, om it kontante jild ûnder de klean en yn harren bagaazje nei Sjenêve ta te smokkeljen.

De eksintrike Azoff, dy't wol dat ek syn jild op deselde wize nei Switserlân brocht wurdt, rekket by de oerdracht oan Bodnick mei dyselde slaande deilis. In passearjende plysje-auto komt ôf op wat in oerfal liket te wêzen fan in sakeman yn in djoer pak troch in bruier yn in learen jaske. By eintsjebeslút wurdt Bodnick arrestearre wylst Azoff ûntkomt. Bodnick wegeret lykwols de mûle iepen te dwaan oer Azoff of Belfort en komt derfan ôf mei in fearnsjier finzenisstraf foar minachting fan 'e rjochtbank.

Net folle letter heart Belfort lykwols fan syn privee-detektive Bo Dietl dat de FBI it net om him hinne oan it sluten is. Tsjin Dietl syn útsprutsen advys yn besiket er spesjaal agint Denham, dy't it ûndersyk liedt, om te keapjen, wat útrint op in folslein fiasko. As Dietl Belfort warskôget dat syn tillefoanen thús en op it wurk troch de FBI ôflústere wurde, begjint Belfort syn heit Max oer syn soan yn te sitten. Hy bepraat Belfort om Stratton Oakmont oer te dwaan oan Azoff, wylst er syn abbekaat mei de SEC ûnderhannelje lit om him út it tichthûs te hâlden. As er mei de SEC ta oerienstimming komme kin, soe dat it ûndersyk fan Denham raar in stôk yn 'e speaken stekke. Belfort beslút om dy goerie op te folgjen en kundiget op 'e wurkflier by Stratton Oakmont yn in taspraak foar alle wurknimmers syn ôftreden as algemien direkteur oan. Hy kin it lykwols net ferneare om fan 'e sydline tasjen te moatten, en healwei de taspraak praat er himsels oan om dochs te bliuwen.

Hoewol't se de rie krigen hawwe om it lân net te ferlitten, mar om't se sjen litte wolle dat se har neat gelegen lizze litte oan 'e FBI, geane Belfort en Azoff mei harren froulju Naomi en Hildy yn 1996 op Belfort syn superjacht de Naomi op fakânsje nei Itaalje. As se dêr binne, krije se it berjocht dat muoike Emma tige hommels oan in hertoanfal ferstoarn is. Dat betsjut dat Belfort no net mear by de $20 miljoen kin dy't er ûnder Emma har namme op 'e Switserske bankrekken stoart hat, mar bankier Saurel stelt foar om in dokumint te ferfalskjen wêryn't Emma Belfort as har erfgenamt oanwiist. Dêrfoar moat er wol fuortendaliks yn Sjenêve komme. Om grinskontrôles te ûntrinnen, lit Belfort de Naomi nei Monako farre, ek al warskôget syn kaptein Beecham him dat der in stoarm op til is.

De stoarm blykt swierder te wêzen as foarsein en dy nachts kapseist de Naomi op folle see en sinkt. De opfarrenden wurde rêden troch in skip fan 'e Italjaanske kustwacht. Se sille oppikt wurde troch in fleanmasine om troch te reizgjen nei Sjenêve, mar der fljocht in seefûgel yn ien fan 'e motors en it fleantúch ûntploft foar Belfort syn eagen. Hy sjocht dat as in teken fan God en beslút syn libben te betterjen. Hy giet net mear nei de hoeren, hâldt op mei drinken fan alkohol en kickt ôf fan 'e drugs.

Yn 1998 wurdt Saurel yn 'e Feriene Steaten arrestearre foar in kwestje dy't neat mei Belfort te krijen hat. Om himsels te rêden, biedt de bankier lykwols oan om in boekje iepen te dwaan oer Belfort. Fan gefolgen wurdt Belfort, yn ôfwachting fan syn rjochtsaak, ûnder hûsarrest pleatst. Om dyselde snuorje hinne seit Belfort syn frou Naomi him oan, nei't er har twongen hat ta seks, dat se fan him skiede wol. Dat is genôch om Belfort in weromfal te besoargjen, wêrby't er wer oan 'e drugs giet. As Naomi dêrnei oankundiget de folsleine fâdij oer harren beide lytse bern hawwe te wollen, slacht Belfort har yninoar yn in troch kokaïne oproppen razernij en besiket er út te piken mei harren dochterke Skylar. Hy komt lykwols net fierder as de opriidleane, dêr't er de auto al total loss riidt.

Mei't it bewiismateriaal tsjin him oerweldigjend is, stimt Belfort deryn ta om foar FBI-agint Denham bewiis te sammeljen tsjin syn eigen maten troch it dragen fan in stjoerderke. Hy sabotearret dat lykwols troch Azoff mei in bryfke te warskôgjen. Denham ûntdekt dat, arrestearret Belfort op 'e nij en docht hûssiking by Stratton Oakmont, wêrnei't it bedriuw fan oerheidswegen sletten wurdt. Belfort is dan dochs noch twongen om alles wat er oer syn maten wit, te fertellen. Hoewol't er him net oan 'e ôfspraken holden hat, kriget Belfort yn ruil foar syn tsjûgenis dochs in ynkoarte finzenisstraf fan 3 jier yn in lichtbefeilige penitinsjêre ynrjochting yn Nevada, dy't suver mear op in fakânsjepark liket. Yn 2000 komt er mei goed gedrach frij nei't er ien jier en tsien moannen útsitten hat. Neitiid fynt Belfort himsels op 'e nij út as ien dy't oer de hiele wrâld tsjin grou jild lêzings en workshops hâldt oer ferkeaptechniken.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise              Jordan Belfort / voice-over Leonardo DiCaprio Naomi Lapaglia Belfort Margot Robbie

byrollen personaazje akteur/aktrise Donnie Azoff * Jonah Hill Brad Bodnick Jon Bernthal muoike Emma Joanna Lumley Chester Ming Kenneth Choi Alden Kupferberg Henry Zebrowski Robbie Feinberg Brian Sacca FBI-agint Patrick Denham Kyle Chandler Max Belfort Rob Reiner Mark Hanna Matthew McConaughey Teresa Petrillo Belfort Cristin Milioti Jean-Jacques Saurel Jean Dujardin Katarina Čas Chantalle Bodnick Hildy Azoff Mackenzie Meehan himsels Bo Dietl Manny Riskin Jon Favreau Leah Belfort Christine Ebersole Lucas Solomon J.C. MacKenzie kaptein Ted Beecham Shea Whigham Steve Madden Jake Hoffman Toby Welch Ethan Suplee Kimmie Belzer Stephanie Kurtzuba Janet Aya Cash Nicky Koskoff P.J. Byrne Nicholas Jon Spinogatti Nijseelânske presintator Jordan Belfort (cameo) Jerry Fogel Stephen Kunken Peter DeBlasio Barry Rothbart FBI-agint Hughes Ted Griffin Rochelle Applebaum Ashlie Atkinson rjochter Samantha Stogel Fran Lebowitz *) basearre op Danny Porush

Produksje en distribúsje Produksje