De Yndustryflat wie in bedriuwssammelgebou yn Drachten om de yndustrialisaasje yn dat Fryske plak te befoarderjen. Begjin jierren 1960 waard it gebou oernaam troch Keninlike Philips. Yn oktober 2021 waard it renovearre gebou op 'e nij iepene ûnder de namme SKILL.

Skiednis Krekt as de rest fan Nederlân hie Drachten lêst fan de gefolgen fan de krisis fan de jierren 1930 en de Twadde Wrâldoarloch. Dat betsjutte dat der jierrenlang amper subsydzje wie en dat der ek jierrenlang net in soad boud waard yn Drachten. Der wie jildkrapte, te min bedriuwen en wurkplakken. De gemeente Smellingerlân besocht dit op te kearen. Industrieterrein De Lange West Smallingerland.webklik.nl thumb|left|Earste stien It gemeentebestjoer liet in yndustryterrein oanlizze súd fan de Meeuwwei (de lettere Lange West) en in út de befolking oprjochte Commissie ter bevordering van de industrie in Drachten dy't ta doel hie om de wurkgelegenheid te befoarderjen, soarge derfoar dat oan de Oliemolenstraat in mienskiplik yndustrygebou boud waard. Op 23 april 1949 waard de earste stien lein troch de doetiidske minister fan Ekonomyske Saken Jan van den Brink. Rillegau koene yn de nije hal in tal yndustryen ûnderbrocht wurde, ûnder oare HaDeWe en Sluis' masinefabryk. Dam, F., Drachten van toen naar nu: 350 jaar leven, wonen en werken. Friese Pers Boekerij, Drachten (1990), 128 s. ISBN 90-330-0226-4.

It bedriuwssammelgebou waard eksploitearre troch in dêrfoar spesjaal oprjochte namleaze fennoatskip, de N.V. Industriegebouw Drachten. De oandielen waarden pleatst by de Nationale Investeringsbank, de gemeente, de mienskiplike hierders, de yndustrykommisje en de befolking. De oprjochting fan de N.V. hie as doel om it oanlûken fan yndustriële bedriuwen makliker te meitsjen, it gebou wie bedoeld as oanrin foar yndustryen dy't dêrnei in eigen gebou krije soene. Nei't it doel berikt wie, waard yn oktober 1954 de N.V. likwidearre en naam de gemeente Smellingerlân alle oandielen oer. thumb|250px|SKILL (2021) Philips Begjin 1962 waard de Yndustryflat eigendom fan de N.V. Philips dêr't it kompleks fan de flat oan alle siden ynsleat. Op dat stuit wiene yn it gebou allinnich noch de N. V. Sluis Machinefabrieken' en it matrassefabryk 'N.V. AKO' fêstige. It masinefabryk soe al gau nei it nije Sluisfabryk ferhúzje en ek foar it matrassefabryk waarden troch arsjitekt Bosma plannen makke om in nije yndustryhal te stichtsjen op it yndustryterrein nûmer 3 Matrassenfabriek bouwt nieuwe hal Friese Koerier, 6 febrewaris 1962 (de Tussendiepen). Philips brûkte it gebou sûnt ûnder oare foar de 'Philipswinkel' (personielswinkel), de bedriuwsbrânwacht en mear resintlik foar it Ynnovaasjekluster Drachten.

SKILL De komst fan de Ryksuniversiteit Grins nei it Ynnovaasjekluster waard troch Philips oangrypt om it âlde fabrykspân, yntern bekend as 'Gebou AA', fan 2019 ôf in komplete metamorfoaze te jaan. Innovatie in het Noorden krijgt een impuls: RUG opent vestiging bij Philips in Drachten Dagblad van het Noorden, 15 febrewaris 2019

Yn oktober 2021 waard it fernijde gebou iepene ûnder de namme SKILL (Shared Knowledge Innovation Learning Lab).Shared Knowledge Innovation Learning Lab – SKILL IC Drachten, 2 oktober 2021 Technykstudinten op mbû-, hbo- en wô-nivo kinne der yn ‘e mande mei it bedriuwslibben wurkje mei de nijste technology, lykas cobots, 3 D-metaalprinters, sensoaren, software foar keunstmjittige yntelliginsje en sokssawat. It gebou omfettet in laboratoarium, in kolleezjeseal, leslokalen, stúdzje -, gearkomste - en ûntspanningsromten. De totale kosten fan de metamorfoaze wiene 3,3 miljoen euro, Philips ynvestearre yn 'e mande mei de provinsje Fryslân en de gemeente Smellingerlân flink mei yn it gebou.Technologiebolwerk Drachten wil magneet voor Noorden zijn Ljouwerter Krante, 2 oktober 2021

Kategory:Bouwurk yn Drachten Kategory:Yndustriële skiednis Kategory:Weropbou nei de Twadde Wrâldkriich Kategory:Philips Kategory:Bouwurk út 1949