De goffers en mûsgoffers (wittenskiplike namme: Geomyoidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha) en it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha). Ta dizze boppefamylje hearre de goffers en mûsgoffers (of wangpûdmûzen) en harren fossile sibben. Yn totaal giet it om sa'n 100 libbene soarten, dy't benammen foarkomme yn Noard-Amearika, hoewol't guon harren fersprieding troch de Grutte Amerikaanske Utwikseling útwreide hawwe nei it noardlike part fan Súd-Amearika.

Boppefamylje-opbou

boppefamylje goffers en mûsgoffers (Geomyoidea) incertae cedis (yndieling ûnwis) skaai Diplolophus † skaai Floresomys † skaai Heliscomys † skaai Jimomys † skaai Schizodontomys † skaai Texomys † famylje Entoptychidae † famylje Florentiamyidae † famylje goffers (Geomyidae): 35 soarten famylje mûsgoffers of wangpûdmûzen (Heteromyidae): 63 soarten

Kategory:Kjifdier