De glêdhierrige mûsgoffers (wittenskiplike namme: Perognathus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha), de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en de ûnderfamylje fan 'e skeintoskmûsgoffers (Perognathinae).
Beskriuwing Ta dit skaai hearre njoggen soarten dy't foarkomme yn it westen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en yn it noardwesten fan Meksiko. Se hawwe in sêfte pels, lange sturt en, yn ferhâlding ta oare mûsgoffers, lytse poatsjes. Harren lange klauwen brûke se om hoalen te graven en siedsjes op te dobjen. Dy siedsjes bewarje se yn 'e eksterne wangpûden dy't oer de wangen en sydkant fan 'e hals hinne sitte, oant se weromgeane nei har hoale. Glêdhierrige mûsgoffers binne nachtdieren dy't foarkomme yn aride biotopen. Winterdeis hâlde se gjin echte wintersliep, mar ferstiivje se al en bewege dan langere perioaden net om enerzjy en lichemswaarmte te besparjen.
Soarten
skaai glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus) Arizonamûsgoffer (Perognathus amplus) flaktemûsgoffer (Perognathus flavescens) langpoatmûsgoffer (Perognathus longimembris) Pasifyske mûsgoffer (Perognathus longimembris pacificus) lytse mûsgoffer (Perognathus parvus) merriammûsgoffer of Merriams mûsgoffer (Perognathus merriami) San Joaquinmûsgoffer (Perognathus inornatus) sidehierrige mûsgoffer (Perognathus flavus) Wyomingmûsgoffer (Perognathus fasciatus) wytearmûsgoffer (Perognathus alticola) Soms wurde ek leden fan it susterskaai fan 'e rûchhierrige mûsgoffers (Chaetodipus) yn Perognathus pleatst.
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Mûsgoffer