De 2e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 2 oant en mei 24 july 1904.
Rebûlje In Omgong dy't neffens de Frânske parse ek de lêste wêze soe. It like derop dat de wedstriid, nei it sukses fan de edysje 1903, deroan gean soe oan eigen populariteit. Spitigernôch wiene der yn dizze twadde edysje in tal swierrichheden. Yn it foarste plak gie it dêrby om aksjefierende omwenjenden, omdat de omgong harren nachtrêst fersteure soe (doe waard der ek nachts koerst). Fierders foelen op de Col de la République supporters fan Faure de achterfolgjende Garin lestich, wiene der strjitten dêr't bewust glêsdiggels struid wiene en waard de koers fersteurd troch fjochtpartijen. In fûl swierwaar makke de slotetappe nei it Parc des Princes ûnmooglik.
Diskwalifikaasjes Ienris yn Parys die bliken dat Maurice Garin syn twadde oerwinning boekt hie, diskear mei in foarsprong fan mar trije en in heale minút op Lucien Pothier. Mar de freugde duorre net lang. It Frânske hurdfytsbûn wegere de útslach fanwegen alle ûnregelmjittichheden, lykas it foar in part "riden" fan de rûte mei trein. In flink tal hurdfytsers, wêrûnder de earste fjouwer fan it einklassemint, waard út de útslaggen skrast en Pothier waard foar it libben op non-aktyf set. Maurice Garin krige in startferbod fan twa jier. De oerwinning gie úteinlik nei Henri Cornet, dy't hast trije oeren efterstân hie op Garin. De lêste hurdfytser dy't yn Parys oer einstreek kaam die der goed 101 oeren langer oer.
Etappe-oersjoch Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder 2 july 1ste Montgeron - Lyon 467 km Maurice Garin Maurice Garin 9 july2e Lyon - Marseille 374 km Hippolyte Aucouturier 13 july3e Marseille - Toulouse 424 km Hippolyte Aucouturier 17 july 4e Toulouse - Bordeaux 268 km Lucien Pothier 20 july 5e Bordeaux - Nantes 425 km Hippolyte Aucouturier 6e 23 july Nantes - Parys (Ville d'Avray) 471 km Hippolyte Aucouturier Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder
1904 Kategory:Barren yn 1904