De 3e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 9 oant en mei 30 july 1905.
Oanpassingen De omgong gie foar it earst fan start yn Parys en de einstreek lei foar it earst yn it Parc des Princes. eins soe de omgong van 1904 al dêr einigje mar dit gie op it lêst net troch ta gefolch fan swier waar.
Nei de skokkende Omgong fan 1904, doarde organisator Henri Desgrange dochs in tredde edysje oan. Al woe er de enoarme tiidsferskillen yn de koers beheine en sa de spanning werombringe. Dêrom waard besletten ta in punteklassemint op basis fan ien punt de 5 minuten efterstân, mei in maksimum fan 10 punten. Ek waarden lange ritten skrast, sadat der net mear yn it tsjuster fytst hoegde te wurden. Dêr stie tsjinoer dat it tal ritten fan seis nei alve útwreide waard.
Yn de twadde rit in sportive sensaasje: de hurdfytsers waarden foar de earste kear oer in berch stjoerd, de Ballon d'Alsace. René Pottier wist dizze berch as iennichste hurdfytser sûnder ôf te stappente nimmen. De berch, mei in ûnferhurde weidek, beklom er mei in gemiddelde fan 20 km/o. It waard ek syn lêste wapenfeit yn dizze omgong, want in dei letter moast er mei in slimme blessuere oan in knibbel opjaan.
De fytsers fytsten net yn ploegen, mar der wiene in tal fytsers dy't sponsore waarden.
Etappe-oersjoch Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder 9 July 1ste Parys - Nancy 340 km Louis Trousselier Louis Trousselier 11 July 2e Nancy - Besançon 299 km Hippolyte Aucouturier René Pottier 14 July 3e Besançon - Grenoble 327 km Louis Trousselier Louis Trousselier 16 July 4e Grenoble - Toulon 348 km Hippolyte Aucouturier 5e 18 July Toulon - Nîmes 192 km Louis Trousselier 20 July 6e Nîmes - Toulouse 307 km Jean-Baptiste Dortignacq 22 July 7e Toulouse - Bordeaux 268 km Louis Trousselier 24 July 8ste Bordeaux - La Rochelle 257 km Hippolyte Aucouturier 26 July 9e La Rochelle - Rennes 263 km Louis Trousselier 10e 28 July Rennes - Caen 167 km Jean-Baptiste Dortignacq 29 July 11e Caen - Parys (Parc des Princes)253 km Jean-Baptiste Dortignacq Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder
1905 Kategory:Barren yn 1905